Keatskes: 22-6-2014

De Nederlânske kampioenskippen foar de froulju en skoalbern wienen dit wykein. Op tiisdei 17 juny wie der diplomakeatsen foar de jongerein en op 18 juny skoalkeatsen yn Winsum wat wûn waard by de pupillen troch Easterein.

By de Nederlânske Kampioenskippen sukses foar de Skoalfamkes! Hja winne de 3e priis!

 20140621 Dronryp NKSkoalfamkes

It ferslach fan Wiepkje

 

Sneontemoarn 9.00 fertrek by it kafee wei. Der is sûne spanning en dat blykt wol as der klean en in beurs ferjitten binne… Mar dan op nei Dronryp, we hawwe in goed gefoel! Yn Dronryp wurde we ferwolkomme mei in envelop mei konsumpsjebonnen, sopbonnen en broadsjebonnen. Dat begjint bêst!

 

Der lizze 4 perkjes en mei nr. 15 betsjut dat we in hiele omloop wachtsje moatte. No ja, it is net oars. Om 11.15 meie we dan einlik los tsjin Menaam. Mar al nei de earste opslachbal falt de achterynse fan Menaam yn in gat en ferstûket har inkel. Wat in sneue bak, Menaam keatst fjirder mei syn twaen. Foar ús is it in goeie partij wer we noch net alles út de kast hoege te helje. Op 5-0 wurdt de partij dan ek útmakke. Sa, die is binnen.

Wa’t ús tsjinstanner wurdt, is noch net bekend. St. Anna en Berltsum meitsje der in spannende striid fan en gean lykop. De fraach oan de fammen wa’t se leaver hawwe is dúdlik; St. Anna. Mar de coach tinkt der stikem oars oer.

 

Earder yn Hartwert binne wy Berltsum ek yn de 2e omloop tsjinkommen en doe ferlearen we mei 5-5 6-6. Dit soe dus in ideale revânspartij wurde kinne. It wurdt Berltsum en de fammen wurde op skerp setten, al hoecht dat net hielendal; se binne baarnd!!! We komme 1-0 foar en 2-0 en 3-0 en ek 4-0! It giet poer- en poerbêst. Wat in partij. Der is gjin bal fertrout; Jeska slacht ballen mei stuit boppe. Mirjam slacht sitballen op 6-6 en Selma slacht de keatsen foarby. De koach fan Berltsum begjint sêft te flokken… En op 5-0 is it gebeurd, we hawwe se der of ‘feecht’, hearlik en wat is de coach grutsk!

 

Mar dan, de neamde favoryt Makkum treffe wy foar de finale. We binne net benaud, kom mar op! We komme 1-0 foar en dat is it doel: foar bliuwe. Mar dan ferlieze we 3x op 6-6 it earst. Spitich, want de wedstriid hie dan hiel oars rinne kinnen. Boppedat hat Makkum op dat stuit al hiel wat ombongelt en seurt op elkoar en hienen we der gebrûk fan meitsje kinnen. Mar sa gong it eilaas net. De skouders begjinne wat te sakjen en der wurdt wat forsearre.

 

Makkum rint út nei 5-1 en makket de partij út. Helaas pindakaas. De teloarstelling spilet efkes de baas en dat mei. Mar we hawwe in 3e priis! Hoe moai is dat! Lokkich binne it op de foto’s allegear laitsjende gesichten en docht is besef dat der net mear ynsiet, dat de fammen yn de 2e omloop boppe harren sels útstegen binne en dat der in 3e priis behelle is! Tige by tige!i

 

 


Tiisdei 17 juny

Easterein – Diplmoakeatsen

Sjoch ûnder de nijsberjochten by Jongerein-nijs foar it ferslach en de foto’s

 

 


Woansdei 18 juny 

Winsum – Skoalkeatsen

Yn Winsum by it skoalkeatsen winne de pupillenfamkes de krânsen. Roelie, Nynke en Corrie keatsten foar de Foareker fan Easterein. Earst wûnen se fan It Funemint Wommels, 5-2:6-0 en doe fan CBS de Stapstien Winsum 5-1:6-0

20140617 Winsum Skoalkeatsen

Yn de ferliezersronde wûnen de ‘Daltons’ sa’t de fotograaf se naam de 3e priis by de pupillen by it skoallekeatsen

20140617 Winsum Skoalkeatsen2

Rutger Sijbesma, Machtelt Veldman en Bauke Reijnhoudt.

 


Sneon 21 juny

St Jakob – Nederlânsk Kampioenskip Froulju haadklasse

Tineke Dijkstra, Imke vd Leest en Martine Tiemersma mei coach Sybrand vd Wey ha de 2e omloop helle fan it NK. Dêr troffen se Berltsum dat favoryt wie en dy rol ek wiermakke troch it NK te winnen.

Mei in goed debut fan Tineke Dijkstra yn it earste partoer fan Easterein wûnen hja de 1e omloop ienfâldich fan Stiens mei 0-5:2-6. Tsjin Berltsum koenen se it goede spul net trochsette en hienen fansels in drege tsjinstanner. It waard 5-1:6-2.

 

Buertdoarp Wommels mei âld-Eastereinder Anke Marije Pompstra, earste jiers frou Anna-Brecht Bruinsma en 2e jiers famke Sjanet Wijnia kamen yn de 3e omloop. Der waard earst wûn fan Easterlittens mei 5-3:6-4. Brekpunt wie de 3-3:0-6 stân. Doe waard troch Wommels it 4e buordsje pakt en op 5-3:6-4 waard de wedstriid mei in perfekte sitbal útmakke.

Yn de 2e omloop wurdt wûn fan Holwerd mei 4-5:4-6 en dat gie dreech. Tsjin Boazum, dat noch fris wie en der fûl op siet hienen se gjin kâns, 5-1:6-4.

Sjoch by NK DAMES

 

Menaam – Nederlânsk Kampioenskip Skoaljonges

De skoaljonges fan Easterein, Hindrik vd Eems, Rutger Wiersma en Kees vd Horst ha mei coach Gert-Jan Hiemstra tsjin Mantgum net winne kinnen, 5-2:6-6.

Sjoch by NK SKOALJONGES

 

Dronryp – Nederlânsk Kampioenskip Skoalfamkes

De skoalfamkes Mirjam Punter, Selma de Boer en Jeska Terpstra ha mei coach Wiepkje Hiemstra in moaie 3e priis helle. Yn de heale finale waard ferlern fan favoryt Makkum. De 1e omloop waard wûn fan Menaam mei 5-0:6-6. De 2e omloop waard wûn fan Berltsum mei … En fan Makkum waard ferlern mei …

Sjoch foar in ympresje fan de skoalfamkes dit FILMKE fan KNKB.nl

Sjoch by NK SKOALFAMKES

 

 

Morra-Lioessens – Manlju haadklasse

Dirk Yde Sjaarda en Jelte Pieter Dijkstra stienen yn Morra-Lioessens tsjin oer elkoar op de haadklasse. Dirk-Yde mei Allard Hoekstra en Pier Piersma en Jelte Pieter mei Alle Jan Anema en Hans Wassenaar. Jelte Pieter endy wûnen dat mei 2-5:0-6. Yn de 2e omloop ferlearen Jelte Pieter endy fan it fan Jan-Dirk de Groot endy mei 5-1:6-4. Menno van Zwieten, Herman Sprik en Sjoerd de Jong winne de krânsen.

Dirk Yde Sjaarda begûn yn de 2e klasse, mar nei ferksate oerwinnings dêr en yn de 1e klasse no wer op it heechste nivo.

 

Eksmoarre – Manlju 50+ ôfdieling + t.i.l.

20140621 Eksmoarre Manlju50OfdTil

Der wie in 2e priis yn de t.i.l. wedstriid foar Douwe Durk Reitsma mei 2e prijs: Anton Meekma (Wier) en en Tjeerd Bouma (Leeuwarden)

 

 


Snein 22 juny

 

Berltsum – Manlju haadklasse t.i.l.

Dirk-Yde Sjaarda komt yn de finale mei Marten Feenstra en Daniel Iseger. Se moatte it opnimme tsjin Gert-Anne vd Bos, Hendrik Jan vd Velde en Hans Wassenaar. Dat wurdt ferlern mei 3-5:4-6. In moaie 2e priis

 

Wytmarsum – Manlju 1e klasse t.i.l.

20140622 Wytmarsum Manlju1eklas 

Bauke Dijkstra kaam yn de finale mei Johannes vd Veen en Jan Schurer en se winne dy fan Pieter van Althuis, Thomas van Zuiden en Tjerck Floris Karsten mei 5-5:6-0.

 

Seisbierrum-Pietersbierum – Pupullenfamkes ôfdieling+t.i.l.

20140622 Seisbierrum PupillenfamkesOfdgroep 

Roelie en Corrie Kroondijk en Machtelt Veldman winne de 1e omloop fan St Anne mei 5-2:6-0. Dan winne se fan Berltsum mei 5-1:6-4 en fan Makkum mei 5-1:6-6. Yn de finale wurdt wûn fan Seisbierrum mei 5-3:6-6. Coach Ype wie wer tige wiis fansels!

20140622 Seisbierrum PupillenfamkesOfd