Op nei de Jong-Feinte Partij 2015!
Ferslach Jong-Feinte Partij 2015 – 11e edysje – Parseferslach
Peter van Zuiden, Hendrik Bouwhuis en Julian Faber ha foar Boalsert de Jong-Feinte Partij wûn.
Yn de finale waard it partoer fan Easterein mei de keatsers Doede Rients Okkema, Rémon Tie Bouma en Jan Schurer mei 5-3 6-6 ferslein. Op dizze stân bringt Doede Rients de bal krekt foar en sa wint Boalsert de 11e edysje fan dizze spesjale junioaren ôfdielingswedstriid.
Ek dizze 11e edysje wie it wer prachtig waar yn Easterein en alle partoeren ha moai keatsen sjen litten.
Boalsert is de dei begongen tsjin Wytmarsum (0-5 6-6) en komt ferfolgens Jelsum-Koarnjum-Britsum tsjin op de twadde list (1-5 2-6). Op de tredde list soarget Boalsert foar in plakje yn de heale finale troch te winnen fan Frjentsjer mei 3-5 0-6. Yn de heale finale ha se it net maklik tsjin Dronryp en it wurdt “alles oan de hang”. Op die stân slacht Boalsert in dikke keats hokker se ferfolgens ek pakke.
Easterein 1 wûn op de earste list fan Boalsert 1 mei 5-0 6-2. Op de twadde list pakke se de winst tsjin Berltsum (5-3 6-4). Yn de tredde list in ferrassende mar oertsjûgende utslach. Easterein pleatst sich yn de heale finale troch 5-0 6-0 te winnen fan Tsjummearum. Yn de heale finale treffe se Easterlittens. Dizze partij wurdt troch in sitbal djip achteryn útmakke troch Doede-Rients Okkema op 5-3 6-6.
Oan de útslach fan de finale te sjen is de wedstriid net spannend, mar neat is minder wier. Mar leafst 5 slaggen waarden der op seis gelyk ferkeatst. Boalsert nimt in 5-1 foarsprong troch sels deeglik, flaterfrij en dreaun te keatsen.
Easterein jout net op en komt op 5-2 troch in boppeslach fan Jan Schurer en trije bûtenslaggen fan Peter van Zuiden. Doede-Rients Okkema keart op 5-2 2-4 de bal foar de keats en slacht dêrnei in prachtige tuskenynse sitbal, 5-3. Yn it lêste earst wurdt it wer seis gelyk en belannet de bal fan Easterein krekt foar de foarline.
Tredde prizen wiene der foar Dronryp (Rense Sijbesma, Sander Kingma en Wierd Baarda) en Easterlittens (Dirk Jorritsma, Gerrit Rinse Stremler en Erwin Zijlstra).
1e priiswinnaars
Boalsert: Peter van Zuiden, Hendrik Bouwhuis en Julian Faber
2e priiswinnaars
Easterein: Doede Rients Okkema, Rémon Tie Bouma, Jan Schurer
3e priiswinnaars
Dronryp: Rense Sijbesma, Sander Kingma, Wierd Baarda
3e priiswinnaars
Easterlittens: Dirk Jorritsma, Gerrit Rinse Stremler, Erwin Zijlstra
1e omloop
1-2 Fjentsjer – Nijewier-Metselwier-Easternijtsjerk
Frjentsjer komt op 3-0 foar en Nijewier knokt sich goed werom. Op 3-2 6-6 in boppeslach en sa komme se op trije earsten gelyk. Frjentsjer pakt de 4 earsten en op seis gelyk, nei boppe fan Marco komme se op 5-3. Op 5-3 6-0 slacht Nijewier bûten en Frjentsjer troch nei de twadde list.
3-4 Peins – Arum
Untank dappere striid fan Arum koene se net op tsjin it opslachgeweld fan Menno van Zwieten. Op 4-0 6-6 wurdt it 5-0 foar Peins en op 5-0 6-4 slacht Jolt de bal boppe en giet Peins troch nei de twadde list.
5-6 Jelsum-Koarnjum-Britsum – Sint Jabik 2
In wedstriid mei in protte skjinne earsten foar Jelsum-Koarnjum. In soad opslachfouten fan Sint Jabik en sa ek de lêste bal op 5-0 6-0 bûten fan Sint Jabik. Jelsum-Koarnjum-Britsum troch nei de twadde list.
7-8 Wytmarsum – Boalsert 2
Boalsert nimt de lieding yn de wedstriid. Arum docht goeie pogingen om by te bliuwen, mar it ûntbrekt se oan genôch punten yn de earsten. Bart Reijenga fan Wytmarsum hie sa no en dan in prachtige sitbal, mar al mei al hie Wytmarsum mear fouten as Boalsert. Op 0-5 6-6 wie der noch in kâns foar in buordsje, mar de bal giet foar en Boalsert giet troch nei de twadde list.
9-10 Easterein 1 – Boalsert 1
It giet goed mei Easterein 1 en se meitsje hast gjin fouten. Op 4-0 6-4 is de wedstriid hielendal yn hânnen fan Easterein wannear Doede-Rients in fleanende sitbal slacht en de fiif buordsjes pakt. Op 5-0 6-2 slacht Doede-Rients wer in sitbal en sa stiet Easterein 1 op de twadde list.
11-12 Seisbierrum-Pietersbierrum 2 – Berltsum
De wedstriid begjint spannend mei in oantal kear seis gelyk yn de earste earsten. Op 0-1 6-6 slacht Berltsum in sitbal en makket dêrmei earsten gelyk. Op 1-1 6-6 hâldt Berltsum de keats en pakt as earste it spul. Berltsum rint ferfolgens út nei 1-4 wêr Seisbierrum noch in buordsje pakt troch de keats te pakken op 1-4 6-2 mar dat is it lêste buordsje. Op 2-5 2-6 is Berltsum troch nei de twadde list.
13-14 Easterein 2 – Bitgum
Bitgum hâldt goed grip op de wedstriid en lit de snelle foarsprong fan 0-3 net mear gean. Easterein krijt lytse kânsen om punten te pakken, mar de opslach fan Tsjisse Steenstra is te sterk. Op 0-4 6-0 is der in kâns op in buordsje mei in lytse keats, mar Easterein kin it net pakke oan de opslach. It wurdt rap 6-6 en op 0-4 6-6 slacht Tsjisse in sitbal. It wurdt úteinlik 0-5 4-6 en Bitgum giet nei de twadde list.
15-16 Lollum-Waaksens – Tsjummearum
Tsjummearum komt op in 1-5 foarsprong en dan begjint Lollum-Waaksens brutaal wei te keatsen. Nei in sitbal op 1-5 6-2 fan Joram begjint de ynhaal-race en nei in kwea-slach fan Tsjummearum wurdt it 4-5. Tsjummearum komt op 6-2 foar en mei in moaie retourslach, meitsje se de partij út.
17-18 Sint Jabik 1 – Seisbierrum-Pietersbierrum 1
De kreaker fan de dei. Oant spullen ta giet it gelyk op, weinig fouten fan beide kanten. Op 2-2 6-6 slacht Joran (ynfaller foar Pieter van der Schoot) kwea út en wurdt it 3-2 foar St. Jabik. Op 6-0 wurdt de keats net foarby slein troch Seisbierrum-Pietersbierrum en pakt Sint Jabik twa spul. Yn in spannend earst mei sitballen en boppeslagen slacht Johannes op 6-6 de bal bûten en is it 5-2. Yn it lêste earst komt St. Jabik op 6-4. Dan slacht Kees op en keert self knap foar de keats, 6-6. Op 5-2 6-6 en in keats, slacht Enno Kingma in sitbal en Sint Jabik is troch nei de twadde list.
19-20 Easterlittens – Minnertsgea
Dizze partij giet gelyk op en Easterlittens wit op in stân fan 3-2 6-4 in gat te slaan troch de keats te pakken, it wurdt 4-2. Op 4-2 6-6 bringt Minnertsgea de bal bûten de linen en sa komt Easterlittens op fiif earsten. Op in stân fan 3-5 4-6 giet Easterlittens troch nei de twadde list.
21-22 Grou – Makkum
Makkum rint snel út nei in 0-3 foarsprong. Grou prebearet Makkum ûnder druk te krijen troch hege djippe ballen op te slaan, mar dit giet om en om goed en mis. Grou, debutant op de 11e edysje fan de Jong-Feinte pakt op 2-5 6-4 noch in buordsje en it wurdt 3-5. Dat is it lêste buordsje foar Grou want Makkum giet troch nei de twadde list mei in 3-5 6-6 winst.
23-24 Goaiingea – Menaem
Menaem pakt de lieding yn dizze wedstriid en Goaiingea hat op 1-3 6-6 kâns om oanslúting te finen, mar de bal giet spitigernôch bûten. Menaem giet troch nei de fiif earsten op 2-4 6-6. Op in stân fan 2-5 4-6 giet Menaem troch nei de twadde list.
25-26 Dronryp – Ingelum
Dronryp komt degelik op in 3-1 foarsprong en op 6-6 slacht Ingelum in sitbal en ha se wer oanslúting, 3-2. De folgende twa earsten binne ek foar Dronryp en op 5-2 6-2 pakt Dronryp de winst en stean se op de twadde list.
27-28 Wommels – Achlum
Beide partoeren hâlde de spanning deryn troch gelyk op te gean. Op in stân fan spullen gelyk en skjinne 6 foar Achlum slacht Achlum in sitbal en pakke se as earsten de trije earsten. Se rinne gau út nei 2-5 en op 2-5 4-6 moat Wommels belies jaan en giet Achlum troch nei de twadde list.
Utslaggen
1e omloop |
1) Frjentsjer – 2) Nijewier-Mitselwier-Easternijtsjerk 5-3:6-0 |
3) Peins – 4) Arum 5-0:6-6 |
5) Jelsum-Koarnjum-Britsum – 6) St Jakob 2 5-0:6-0 |
7) Wytmarsum – 8) Boalsert 2 0-5:6-6 |
9) Easterein 1 – 10) Boalsert 1 5-0:6-2 |
11) Seisbierrum-Pitersbierrum 2 – 12) Berltsum 2-5:2-6 |
13) Easterein 2 – 14) Bitgum 0-5:4-6 |
15) Lollum-Waaksens – 16) Tsjummearrum 4-5:4-6 |
17) St Jakob 1 – 18) Seisbierrum-Pitersbierrum 1 5-2:6-6 |
19) Easterlittens – 20) Minnertsgea 5-3:6-4 |
21) Grou – 22) Makkum 3-5:6-6 |
23) Goaiingea – 24) Menaem 2-5:4-6 |
25) Dronryp – 26) Ingelum 5-2:6-2 |
27) Wommels – 28) Achlum 2-5:4-6 |
2e omloop
1-3 Frjentsjer – Peins
Frjentsjer komt in spul foar tsjin Peins, mar dan krijt Peins fleugels en nimt de lieding mei 2-4. Frjentsjer nimt it wer oer en komt op twa spullen gelyk. Se pakke ek it fiifde buordsje en op 5-4 6-2 liket de opslach bûten te gean, mar Menno slacht derop. Frjentsjer troch nei de tredde list!
5-8 Jelsum-Koarnjum-Britsum – Boalsert 2
Boalsert nimt rap skjinne trije earsten foarsprong. Op in stân fan 0-3 6-6 pakt Jelsum-Koarnjum-Britsum it earste buordsje en it wurdt 1-3. Boalsert lit de foarsprong net mear út hannen gean en rint gau troch nei 1-5. Op 1-5 2-6 komt der in keats en slacht Boalsert op. Se pakke de keats en binne troch nei de tredde list.
9-12 Easterein 1 – Berltsum
Easterein begjint goed troch op 1-1 6-4 de keats te pakken en sa it spul binnen te slepen. Se rinne ferfolgens út nei in 4-2 foarsprong en op 5-2 4-6 krijt Berltsum noch in kâns om oanslúting te finen en dit slagget se. It wurdt 5-3 en de spanning is wer in bytsje werom. Dit duorret lykwols net lang en op 5-3 6-4 soarget Easterein derfoar dat se trochgean nei de tredde list.
14-16 Bitgum – Tsjummearum
De moaiste partij fan de twadde list. Twa partoeren oan mekoar weage en dit lieten se ek sjen. Der wurde fjouwer earsten op 6-6 beslist. Op 5-5 is Bitgum wat ûngelokkich yn it perk en op 5-5 0-6 wurdt de bal kwea útslein.
17-19 St. Jabik – Easterlittens
It degelike keatsen fan St. Jabik yn de earste omloop is fuort tsjin Easterlittens. Se meitsje tefolle fouten en komme net lekker yn de wedstriid. Easterlittens makket dêr goed gebrûk fan mei Erwin Zijlstra as motor fan it partoer. Easterlittens komt 0-5 foar en op 6-6 slacht Erwin bûten sadat Sint Jabik noch in buordsje pakt. Mear sit der net yn en op 1-5 4-6 pakt Easterlittens de winst.
22-24 Makkum – Menaem
De earste helte fan de partij is yn hânnen fan Makkum en se komme op skjinne trije earsten foarsprong tsjin Menaem. Makkum bliuwt fokust op de oerwinning en op 5-2 6-6 slacht Menaem de bal bûten. Makkum troch nei de tredde list.
25-28 Dronryp – Achlum
Dronryp start goed troch fuort op in spul foarsprong te kommen. Achlum pakt ek noch in earst, mar Dronryp hâldt de lieding en pakt de 4 earsten tsjin 1 foar Achlum. Dronryp hat de prizen al yn it sicht en sa fier is it dan ek op in stân fan 5-2 6-2. Se komme mei in steand nûmer yn de heale finale.
Utslaggen
2e omloop |
1) Frjentsjer – 3) Peins 5-4:6-2 |
5) Jelsum-Koarnjum-Britsum – 8) Boalsert 2 1-5:2-6 |
9) Easterein 1 – 12) Berltsum 5-3:6-4 |
14) Bitgum – 16) Tsjummearrum 5-5:2-6 |
17) St Jakob 1 – 19) Easterlittens 1-5:4-6 |
22) Makkum – 24) Menaem 5-2:6-6 |
25) Dronryp – 28) Achlum 5-2:6-2 |
3e omloop
1-8 Frjentsjer – Boalsert 2
It earste buordsje pakt Boalsert nei in sitbal fan Peter van Zuiden op 6-6. It wurdt earsten gelyk nei in sitbal fan Allart en wer op seis gelyk nimt Boalsert de 1-2 foarsprong en rint dan snel út nei 1-4. Op 1-4 6-4 slacht Peter de bal foar en wurdt it 2-4. Peter pakt de fiif earsten mei wer in sitbal. Op 2-5 6-2 slacht Hendrik Bouwhuis kwea út en krijt Frjentsjer trije earsten. Dan is it samar skjinne 6 foar Boalsert en slacht Allart kwea út. Boalsert nei de heale finale mei 3-5 0-6.
9-16 Easterein 1 – Tsjummearum
Eastereint wint dit mei 5-0 6-0. It partoer fan Tsjummearum hie in drege pot keatst tsjin Bitgum en dat hat de nedige energy kosse. De mannen koene it net mear opbringe om nochris foar in oerwinning te soargjen, tsjin it flaterfrije Easterein. Sa komt Easterein foar it earst sûnt 2005 opnij yn de prizen. Yn de heale finale keatse sa tsjin Easterlittens.
19-22 Easterlittens – Makkum
Nei de earsten gelyk rint Easterlittens samar troch nei in 5-1 foarsprong. Foaral yn it perk útblinkende Erwin Zijlstra stjoert syn partoer goed oan. Ek de goede opslach fan Jelle Attema kin Makkum net helpe oan buordsjes. Jelle keatst as junior mei twa jonges foar Makkum. Op 5-1 slacht Erwin twa ballen boppe. Der komme twa keatsen en by de earste keats slacht Makkum kwea út. De twadde keats keert Gerrit Rinse Stremler foar de keats en bringt Easterlittens dêrmei yn de heale finale.
25 Dronrijp
Steand nûmer
Utslaggen
3e omloop |
1) Frjentsjer – 8) Boalsert 2 3-5:0-6 |
9) Easterein 1 – 16) Tsjummearrum 5-0:6-0 |
19) Easterlittens – 22) Makkum 5-1:6-0 |
25) Dronryp – |
Heale finale
25-8 Dronryp – Boalsert 2
Dronryp mei Rense Sijbesma, Sander Kingma en Wierd Baarda tjin Boalsert mei Peter van Zuiden, Hendrik Bouwhuis en Julian Faber. Dronryp pakt op 6-4 it earst nei in bûtenslach fan Peter. Op de folgende 6-4 pakt Dronryp it spul troch in kweaslach fan Hendrik. Boalsert komt op 2-1 nei kwea út fan Sander op in stân fan 2-0 2-6. Op 2-1 6-4 bringt Wierd de bal heech achteryn en pakt dêrmei de keats en in 3-1 foarsprong. Yn it folgende earst in sitbal fan Peter op 3-1 0-6 en sa fynt Boalsert oanslúting mei 3-2. Op 3-2 6-4 slacht Peter de bal foar en set Dronryp op twa spul. Op 4-2 4-6 makket Peter syn fout wer goed troch de bal boppe te slaan en de spanning is wer werom: 4-3. In belangryke slach op 4-3 6-6. It wurdt 5-3 foar Dronryp as Boalsert de bal bûten bringt. Op 5-3 4-4 slacht Wierd op. De earste is foar en de twadde falt bûten: 5-4. Boalsert pakt in skjinne 6 en mei in sitbal bringe se de stân wer yn lykwicht. 5-5 6-6 wurdt al foarsein en dat wurdt it ek. It giet fan 2-2 nei 4-4 en dan komme der twa keatsen. De earste keats is foar Boalsert en de twadde foar Dronryp. Wierd slacht op alles oan ‘e hang in platte bal foaryn en Boalsert makket dêr in dikke keats fan. Dan kin Dronryp de keats net foarby slaan en giet mei de tredde priis nei hûs. Boalsert wint en nimt it yn de finale op tsjin thúsdoarp Easterein.
9-19 Easterein – Easterlittens
Oant earsten gelyk binne de partoeren yn lykwicht. Op 1-1 6-4 slacht Rémon boppe en makket 2-1. Erwin Zijlstra bringt de bal bûten op 2-1 6-0. Op 3-1 4-4 slacht Doede-Rient 2 sitballen en bringt Easterein dêrmei op in 4-1 foarsprong. Easterlittens komt werom oant 4-3 nei it pakken fan in keats op 4-1 2-6 en troch in earst fouten fan Easterein. Jan slacht de bal geweldich boppe op 4-3 6-2: fiif earsten foar Easterein. Op 5-3 4-6 liket Easterlittens noch in buordsje te pakken, mar it wurdt 6-6 troch in sitbal fan Doede-Rient op de foarynse. Op in stân fan 5-3 6-6 stiet Doede-Rients opnij oan de opslach en bringt in spektakulêre sitbal djip achteryn. Easterein nimt it yn de finale op tsjin Boalsert.
Utslaggen
Heale finale |
25) Dronryp – 8) Boalsert 2 5-5:6-6 |
9) Easterein 1 – 19) Easterlittens 5-3:6-6 |
Finale
8-9 Boalsert 2 – Easterein 1
Boalsert 2 mei de keatsers Peter van Zuiden, Hendrik Bouwhuis en Julian Faber nimme it op tsjin Easterein 1 mei Doede Rients Okkema, Rémon Tie Bouma en Jan Schurer. It earste buordsje is foar Boalsert wannear Doede Rients de bal bûten bringt op 6-6. Boalsert komt ferfolgens in spul foar en op in stân fan 2-0 0-6 slacht Jan op en wit de bal sels foar de keats te keren en makket sa 2-1. Yn it folgende buordsje wurdt der om keatst mei steeds twa keatsen.
Op 2-1 6-6 slacht Jan in dikke keats en hy mei self opslaan. In prachtige tuskenynse sitbal fan Jan, mar Hendrik stapt der moai ûnder en de bal giet boppe. 3-1 foar Boalsert. Troch om en om bûtenslaggen en sitballen fan Boalsert wurdt it 3-1 6-6 en stiet Peter van Zuiden oan de opslach. Jan slacht de bal spitigernôch kwea en sa komt Boalsert op in 4-1 foarsprong.
Op 4-1 6-6 is dêr wer in kâns foar Easterein om oanslúting te finen, mar Easterein kin de keats net foarby slaan en it wurdt 5-1 foar Boalsert. Dan in rap earst mei in boppeslach fan Jan en trije bûtenslaggen van Peter: 5-2. Beide partoeren bliuwe der om keatsen en fjochtsjen en op 5-2 2-6 bringt Doede Rients de bal tuskenyn. In sitbal! It wurdt 5-3, de spanning is wer werom.
Op in stân fan 5-3 2-4 lizze der twa lytse keatsen en Boalsert stiet oan de opslach. Elts pakt in keats en it wurdt 5-3 4-6. Der komt in dikke keats te lizzen en Boalsert mei prebearje dizze foarby te slaan. Hendrik docht dat troch de bal boppe te slaan: 5-3 6-6. Op dizze stân giet de opslach bal fan Doede Rients krékt foar de foarline en dêrmei komt der in ein oan dizze finale.
Boalsert wint de 11e edysje fan de Jong-Feinte Partij en foar Easterein is der in moaie twadde priis!
Finale |
8) Boalsert 2 – 9) Easterein 1 5-3:6-6 |