Ferslach jeugdwedstriid 27-06-2018

Woansdei 27 juny waard der wer in ledepartij organisearre foar de jeugd fan ‘e KF. It wie prachtich waar en der waard hjoed wer moai en sportyf keatst troch de oanwêzige bern. Yn eltse kategory koene wy poule keatse en by de kabouters waard dit sels dien mei seis partoer. Dizze jongste kategory waard hjoed it bêst fertsjinwurdiche mei mar leafst 12 fanatyke kabouters! Hjirûnder de priiswinners fan dizze dei.

 

 

kabouters 27 06

 

De kabouters keatsten hjoed gruttendiels it ‘echte’ spultsje. De helte fan dizze kabouters wurdt takom jier welp en sa koene sy hjoed efkes sjen hoe oft dat gean sil takom jier. Dit diene alle kabouters harstikke goed, der waarden een soad keatsen slein! Oan it ein fan ‘e middei gongen dizze bern mei de prizen nei hûs:

 

1e priiis: Jildou Jellema & Femke Paauw

2e priis: Bauke Jan Dijkstra & Steffen Schram

3e priis: Berber Sijbesma & Pytrik Ynema

 

 

welpen 27 06

 

De welpen keatsten hjoed yn in poule fan 4. Dit betsjut dat der trije kear keatst wurd, en dêrnei bekend is wa de winners binne. De lêtste partij waard de finale, want der wiene twa partoer dy’t twa kear wûn hiene. Dit waard wûn mei 5-2/6-0 troch it ienige twatal op ‘e list:

 

1e priis: Sander Velzen & Marin van Krimpen

2e priis: Brecht Stegenga, Eelkje de Jong & Jerryd Schram

 

 

pupillen 27 06

 

Ek de pupillen keatsten hjoed yn in poule fan 4. Lykas by de welpen wiene hjir op ‘e tredde list ek twa partoeren dy’t beide twa partijen wûn hiene. Yn ‘e striid om ‘e krânsen waard de lêtste partij beslist op in stân fan 5-3/6-4 en gong de oerwinning hjoed nei:

 

1e priis: Liset Sijbesma & Ridzert Veldman

2e priis: Jorn Hiemstra & Nyka Ottens

 

 

skoaljeugd 27 06

 

De skoaljeugd/jeugd liet hjoed ‘op’ en ‘út’ moai keatsen sjen. Net allinnich it keatsen stie hjir sintraal, mar ek wiene der bern dy in medaillje fertsjinje moatte foar hoe sportyf en posityf at sy mei har maten omgean. Oan it ein fan ‘e keatsdei waard op in stân fan 5-3/6-6 besletten hoe’t de prizen ferdield waarden.

 

1e priis: Arjen Stremler & Tiemen de Groot

2e priis: Bauke Reijnhout & Benthe Ottens