Ferslach slotpartij 11-09-2022

Dit is de twadde kear dat ik it ferslach skriuwe mei fan de slotparty. En wer is it moai waar. It kin gjin tafol wêze ?.

 

Tsjin 11 oere druppelje de keatsers binnen. Om 11.15 hâld Wilma efkes in wurdsje foarôf en winsket eltsenien in moaie dei ta. Nei Wilma nimt Tjeerd Dijkstra it wurd. Tjeerd beneamt de needsaak dat der minsken nedich binne yn it bestjoer en de kommisjes. Oars dan is der straks gjin bestjoer mear (en dus gjin feriening!) Minsken dy’t it leuk liket om wat te dwaan, kinne harren melde by ien fan de bestjoersleden. En ast fragen hast fansels ek.

 

Werom nei de slotdei. Der wiene aardich wat oanmeldings. Yn totaal wiene der 34 keatsers die meidienen. Yn totaal keatste elts 3 omlopen, elke kear mei wikseljende maten. Dit smite hiele spannende partijen op, mar ek minder spannende partijen. Úteinlik kwamen dêr de folgende winners út:

 

Yn de A-klasse:

1e Dirk-Yde Sjaarda

2e Rémon Bouma

3e Bote Jellema

 

Yn de  B-klasse:

1e Judy Bergsma (mei in nipt ferskil)

2e Roel Sijbesma

3e Rutger Sijbesma

 

Yn de C-klasse:

1e Geja Hofstee

2e Jelle de Boer

3e Sander Velzen

 

 

Ek de winners fan it kompetysjekeatsen waarden dizze dei bekint makke. De wikselbekers fan de manlju gongen nei: Jelmer Hazenberg (1), Jan Vellinga (2), Remon Tie Bouma (3). En die fan de froulju nei: Petra Jellema (1), Martina Kooistra (2), Wiepkje Sijbesma-Hiemstra (3).

 

De priis fan keatster fan it jier gong fertsjinne nei Fianne Dijkstra. Altiid fleurich en in soad prizen wûn dit jier. Hja seagen har faak foarby kommen op de foto yn ‘e Keats-útslagen app.

 

Dit jier hiene we ek huldigingen fan keatsers dy’t in priis wûn hienen op in grutte KNKB wedstriden:

3e priis PC                                         Jeska Terpstra

3e priis PC                                         Bauke Dijkstra

2e priis NK 50+                                  Tjeerd Dijkstra, Simon Kingma en Roel Sijbesma

1e priis Jong Famme Party               Roelie en Corrie Kroondijk en Jeska Terpstra en coach Hendrik Sweering

Wiepkje blikte koart werom op dizze bysûndere wedstriiddagen. Dizze keats(st)ers krigen dêrnei noch in moai oantinken fan die dei.

 

Nei it keatsen wie der lekker fleis fan de bbq mei moai opmakke salades. De ‘bakkers’ die it fleis foar ús klearmakke hawwe, bedankt dêrfoar.

 

It wie in slagge dei. Tank oan de stipers en tank dat jim der allegear wienen. Moai dat de keatsers holpen ha mei opromjen fan de fjilden.