Ferslach stiperpartij 27 augustus

Snein wie wer de jierlikse keatspartij foar ús stipers. We binne as keatsferiening fansels tige bliid mei ús stipers die’t de keatsferiening in waarm hert tadrage.

 

Om 12 oere ha we earst mei elkoar sop en broadsjes iten en dêrnei is de earste omloop los gien. Der is keatst yn trije kear een oare pertoergearstalling wêrtroch oant de lêste slach de spanning der wie wa at mei de prizen nei hûs ta gean soene.

 

De temperatuer rûn net allinnch op omdat it sulk moai waar wie mar der waard ek hurd striden om de sêfte bal sa no en dan noch ris in beste heis te jaan yn it tuskenspul. De ferhitte hollen koene tusken de omlopen troch efkes bykomme en dan wer los.

 

Nei de lêste slach koe it optellen fan de punten begjinne. We binne went dat der ek  treastprizen foar de keats(t)ers is die’t de minste punten byelkoar skraabje koene. Dizze wiene foar Mattie Dijkstra (B maat) en Abe Jan Stegenga (A maat). Sy bin net mei lege hannen nei hûs gien.

 

De twadde prizen giene nei Elizabeth Breeuwsma en Danny Roos en de krânsen wiene foar Marlous van Tuinen en Dirk-Yde Sjaarda.

 

Nei in geselliche neisit mei ferskate hapkes en drankjes wie it wer in tige slagge dei.

 

Stipers, wy binne tige wiis mei jim bining mei de keatsferiening!  Tige tank!

 

 

A maten:

1e priis: Dirk Yde Sjaarda (21 foar/4 tsjin)
2e priis: Danny Roos (21 foar/13 tsjin)

 

 

B maten:

1e priis: Marlous van Tuinen (21 foar/11 tsjin)
2e priis: Elisabeth Breeuwsma (19 foar/11 tsjin)