Keatskes 28-08-2017

De ôfrûne wike wienen der wer in protte leden fan ús keatsferiening op de Fryske keatsfjilden te finen. It meast yn it each springend wie fansels de prachtige oerwinning fan Imke mei har maten op de 41e Froulju’s PC. Dêr ha jim ôfrûne wike genôch oer lêze kinnen. Mar der wie mear. Dat kinne jim hjirûnder sjen yn ús wyklikse keatsútslaggen-update. Mochten der no ris útslaggen misse, skroom dan net op ús op’e hichte te stellen, sadat wy dat ek meinimme kinne yn ús ‘keatskes’.

FREED 25 AUGUSTUS – FROULJU HAADKLASSE
Nei harren PC moasten de froulju haadklasse freed wer yn aksje op de Van Aisma Keatsdagen yn Bitgum. Yn dizze t.i.l. wedstriid pakte Imke de 2e priis mei Joukje Kuperus (Oentsjerk) en Melissa Rianne Hiemstra (Stiens).

Image may contain: 4 people, people smiling, people standing and shoes 

SNEON 26 AUGUSTUS – FAMKES
Jeska wint de 1e priis yn de ferliezersronde op de t.i.l. wedstriid yn Weidum.

SNEON 26 AUGUSTUS – MANLJU 50+
Yn dizze t.i.l. wedstriid wie der yn de A-klasse in 2e priis foar Roel Sijbesma mei syn maten Dirk Machiela (Sint Jacobiparochie) en Lieuwe Althof (Stiens).

Yn de B-klasse wie der in 2e priis foar Ype Tiemersma mei Anne de Groot (Veenwouden) en Jan Houwer (Bolsward).