Finale Jong Feinte Partij 2014

De finale giet tusken Frjentsjer (Djurre Seerden, Allard Hoekstra, Jan Schurer) en Seisbierrum-Pietersbierrum (Johannes van der Veen, Kees van der Schoot, Jelte Vissser). Seisbierrum-Pietersbierrum wie foarich jier ek finalist en wist toen krekt net te winnen fan St. Anne.

Finale

It earste buordsje giet nei Frjentsjer wannear Seisbierrum-Pietersbierrum de bal fan Jan Schurer kwea slacht op 6-4. Op 1-0 4-2 wiene der twa keatsen wêrfan de earste troch Allard kwea slein wurdt en de twadde pakt Jan: 1-0 6-4. Frjentsjer pakt it spul troch in bûtenslach fan Johannes. In prachtige boppeslach fan Allard en de stân wurdt 2-0 4-0 en der binne twa keatsen. Twa kear bûten fan Frjentsjer en it stiet 4-4. Dan wurdt de bal fanôf de boppe troch Allard werom slein oer de kwea en der giet noch in bal bûten. In buordsje foar Frjentsjer.

Yn it folgende earst slacht Allard de bal tsjin de kweapeal oan, hoe is it mooglik, en Seisbierrum komt op in 6. Op 2-1 2-6 komt der in keats en Seisbierrum pakt dizze; spullen gelyk. It folgende earst giet rap mei trije boppeslaggen fan Seisbierrum, twa fan Kees en ien fan Jelte. Frjentsjer komt werom tot 2-2 4-6 en wannear Kees de keats net pakt wurdt it 6-6. Jan Schurer bringt de bal djip achteryn en dizze sit. 3-2 foar Frjentsjer.

Op 3-2 6-2 slacht Johannes van der Veen de bal foar en komt Frjentsjer op twa spul tsjin 1 spul. Seisbierrum krûpt yn it folgende buordsje nei de seis ta en en fynt wer oanslúting troch de keats te pakken. Yn it folgende earst pakt Allard beide keatsen foar Frjentsjer en mei in bûtenslach fan Kees wurdt it 5-3 yn it foardiel fan Frjentsjer. Seisbierrum nimt de lieding yn it earst mei 0-6 mar ferliest dizze foarsprong wer en Frjentsjer komt op 6-6. Dêr is de earste kâns om it út te meitsjen, mar Jan Schurer slacht de bal bûten; 5-4. Yn it nije earst fuort twa bûtenslaggen fan Frjentsjer en it wurdt 5-4 0-4. Allard slacht in bal werom yn it perk, Jelte slacht in bal boppe en mei ien keats wurdt der ruile. Op 5-4 2-6 slacht Kees op en keart sels foar de keats: 5-5!

Yn it lêste earst komme der twa keatsen en op in stân fan 5-5 2-2 pakt sawol Seisbierrum as Frjentsjer in keats: 5-5 4-4. Dan in prachtige boppeslach fan Kees van der Schoot en sa pakke se de 6 yn dit spannende lêste earst. Dan in sitbal fan Jan Schurer: alles oan ‘e hang! Dan giet de bal krekt bûten fan Jan Schurer en sa wint Seisbierrum-Pietersbierrum de finale fan de lustrum-edysje fan de Jong Feinte Partij

 

5) Frjentsjer – 12) Seisbierrum-Pietersbierrum 5-5:6-6