Foarbeskôging Jong-Feinte partij 2021

16E JONG-FEINTE PARTIJ

Sneon 10 july 2021 giet de 16e Jong-Feinte partij los!

Oanfang: 10:00 oere

Lokaasje: Sportpark De Skoalleseize yn Easterein

 

Lotting

Woansdei 7 july 2021 wie de lotting. Yn oanwêzigens fan it bestjoer, Tom Dijkstra fan Wier en in oantal oare belangstellenden waard de lotting iepene troch foarsitter Dirk-Yde Sjaarda. Om bar mochten de oanwêzigen in lotsje lûke.

 

DE JONG-FEINTE LIST

Jong Feinte Heren junioren Afdeling – KNKB

 

Op dizze 16e edysje dogge 21 partoeren fan 19 ferienings mei. We binne as feriening tige wiis mei de opkomst fan safolle junioaren en jonges! Want úteinlik giet it om de keatsers en it keatsen fan de Freule nei de PC! We sille sjen hokker fan disse toppers yn augustus yn die arena’s stean.

 

Op de 16e edysje is der 1 feriening dy debuteart: Eanjum

Alle 16 edysjes meidien: Dronryp en Wommels

73 ferskillende ferienings ha meidien

 

Sjoch foar alle ynformaasje op www.kfeasterein.nl by Jong-Feinte

 

Lieding

De lieding fan de Jong-Feinte partij op it fjild is yn hannen fan Jan Winkel en Sipke Hiemstra.

 

Bysûnderheden

De Jong-Feinte partij is live te folgjen op dizze website en Twitter (@KFEasterein). Foto’s en útslaggen komme letter op ús Facebook en Instagram siden.

 

Ek radio Eenhoorn is presint! Fanôf 14:00 oere folget in live-útstjoering fan de Jong-Feinte partij. Sjoch op http://www.radioeenhoorn.nl of folgje @Radioeenhoorn op Twitter of https://www.facebook.com/radioeenhoorn

 

Henk Bootsma is ús fotograaf fan dizze dei en fansels alle oare parse en fotografen binne fan herte wolkom!

 

 

We winskje alle dielnimmers in soad súkses en elk in moaie Jong-Feinte dei ta op sneon 10 july!