Frouljus PC 2014

Woansdeii 20 augustus sil it heve! Dan wurdt de 38ste frouljus PC organisearre.

 KaatsenWeidum2011-490x326

Justerjûn wie de lotting yn it doarpshûs fan Weidum. En dat wie in bysûndere lotting, want lykas by de manlju waard der in stjoerde lotting hâlden. Yn de seal wienen minsken der wol foar mar ek in soad wienen tjsin sa’n stjoerde lotting.

 

Sa wurde de beide heechste partoeren útsetten op de list op in wize dat se elkoar allinnich yn de finale treffe kinne, as se alles winne fansels! Mar ien fan dy beide partoeren komt yn it lêste blokje (9-12) en hat sa dus al in foardiel op alle oare partoeren. Sa’n foardiel is der net by de 16 partoeren op de manljus PC. Mar goed, it lot it it lot en wa de PC winne wol, moat alles winne!

 

Foar Easterein steane der mar leafst 5 froulju op de list! En ien âld-Eastereinder út Wommels.

 

WEDSTRIIDLIST

 

Sietske Okkema, Anke Winkel en Jelien Pompstra begjinne as earsten oan de PC-dei en as partoer 2 meie ja it opnimme tsjin Evelien Westra, Esther Wagenaar en Annelien Broersma. De beide partoeren ha al folle faker tsjinoer elkoar stien en it kin beide kanten opfalle.

20140727 Lekkum Froulju1eklas 

Marije vd Meer, Klasina Huistra en Anke Marije Pompstra komme woansdei as partoer 4 tsjinoer de favoryten te stean, Lisette Wagenaar, Leonie vd Graaf en Fenna Zeinstra.

20140518 PenjumFroulju1eklasse1

En dat binne dan al seis fan de acht suskes by elkoar yn ien blokje!

Sjoch it artikel yn Op ‘e Skille

 

Dan krije we partoer 5 mei Nicole Hempenius, Imke vd Leest en Harmke Siegersma tsjin it partoer 6 mei Marije Hiemstra, Maaike Osinga en Margriet Bakker. Sa winne je de PC tegearre (2012) en sa steane je tsjinoer elkoar!

20140705 Wytmarsum 1ePrijsHoofdklas

20140803 Huzum Frouljuhaadklasse 

 

En as lêste partoer op de list, nûmer 12, meie Nieke Wateler, Martine Tiemersma en Geke de Boer it opnimme tsjin Nynke Sinnema, Marte Altenburg en Renske Terwisscha v Scheltinga.

20140705 Wytmarsum 1ePrijsDamesEersteKlas

 

We winskje alle froulju in hiel soad sukses!

Sin en wille kinne folle tille!

 

Foar mear ynformaasje oer de frouljus PC:

Bylden fan de lotting 1

Bylden fan de lotting 2

Nije Kriich – Weidum

KNKB – Frouljus PC