Keatskes: 24-8-2014

De wike fan de Frouljus PC mei eilaas gjin suksessn foar de Eastereinder froulju, mar wol ha se har allegear goed sjen litten. De freeds yn Bitgum de start fan de van Aismadagen mei de froulju haadklasse troch inoar lotsjen. De sneons mocht Easterein meidwaan yn de haadklasse manlju ôfdieling, 16 partoeren.

 

 

 


Woansdei 20 augustus

 

Weidum – Frouljus PC

De PC fan de acht suskes! Dat wie wol aardich fansels, mar as de suskes tagelyk keatse moatte of sels tsjin elkoar dan wurdt it faaks foar de âlders al wat oars…

 

Sietske Okkema, Anke Winkel en Jelien pompstra begjinne tsjin Evelien Westra, Esther Wagenaar en Annelien Broersma. Dêr ha se no al seis kear tsjin keatst en trije kear wûn en trije kear ferlern. De lêste twa kear waard der wûn. De wedstriid giet nei oant 3-3 gelyk, al hienen se wol gelok doe op 3-2:6-6 de bal troch Anke retournearre waard lâns de kwea en Evelien de bal kwea sloech.

 

Dêrnei rinne Sietske endy samar út nei 5-3 troch prima opslachwirk fan Sietske en ferkate boppeslaggen fan Anke en Jelien. Mar se rêde it net. De oaren komme op 5-4 en sels 5-5. Dan komme we 6-2 efter en we kinne de keats net foarby. IN moai debut, mar gjin 2e omloop wer dat al kinnen hie.

 

Neist Jelien keatste grutte sus Anke Marije mei Marije vd Meer en Klasina Huistra. De striid dy se foar de wedstriid sein hienen te sjen litten, dat kaam der net hielendal út. Dat wie ek de klasse en skerpte fan de tsjinstanner, de lettere winners Lisette Wagenaar, Leonie vd Graaf en Fenna Zeinstra. Dy lieten sjen dat se der hjoed stienen. Anke Marije endy koenen der net folle tsjin yn bringe en ferlearen mei 5-1:6-2. In teloarstelling mar lokkich koenen se dat sels ek ynsjen. It wie net oars.

 

Doe wie it de striid fan earder de PC-maten Imke en Marije dy tsjinoar elkoar kamen te stean. De opslach fan NIcole Hempenius wie prima en ek it perk fan Imke mei Harmke vd Leest draaide goed. Mar Marije mei Maaike Osinga en Margriet Bakker bleaunen by oant 3-3, mar ferlearen doe de striid en it waard 5-3 en 6-2;

 

Martine Tiemersma mei Nieke Wateler, en Geke de Boer koenen it net risse tsjin it deeglike partoer fan Nynke Sinnema, Marte Altenburg en Renske Terwisscha van Scheltinga. Se besochten it wol en pakten ek wol har punten, mar de 5-1:6-4 sei genôch.

 

Allinnich Imke vd Leest fan Easterein noch yn de striid. Hja moasten it opnimme tsjin Sanne Velsma en de sukses Sijbrandij. It wie in moaie partij mei felle striid, fan guon kanten miskien wolris wat te fel en te persoanlik. It perk fan de suskes Sybrandy sloech goed fan harren ôf en IMke skoarde dan wolris mei de skeane opslach, der koe net foarkommen wurde dat se doch ferlearen mei 4-5:2-6.

 

Gjin prizen foar de Eastereinder froulju. Oare jier mar wer besykje! Letter foto’s…

 

Sjoch foar it nijs bij KNKB _Dames PC 2014 

U.o. ynterview mei Sietske, Anke Marije en Imke.

 

Foto’s Henk Bootsma Fotogrfie

 

 


Freed 22 augustus

 

Bitgum – frouljue haadklasse t.i.l.

Op dizze moaie keatswedstriid yn Bitgum barde fan alles! Aparte partijen, nuver tuskenspul, guon dy te laet kamen mar dêr neat fan sein waard, bal oppakke foar it mjitten, mar der waard gewoan mjitten. En it wie te sjen dat sa’n wedstriid te gau nei de PC kaam. Wat my oanbelanget de manlju mar wer nei de freed en de froulju op sneon.

 

Marije Hiemstra en Imke vd Leest stienen foar Easterein op de list, mar wisten beide net te winnen yn de earste omloop. Anke Marije Pompstra helle de 1e omloop troch mei 5-5:6-4 te winnen mei har maten Iris vd Veen en Marte Altenburg nei in 5-1 efterstân.

 

De twadde omloop waard ferlern mei 5-14:6-4 en doe moast Anke Marije har eilaas ôfmelde mei in blessuer. Mei ferfangster Harmke Siegersma waard de 3e priis wÛn.

 

 

 


Sneon 23 augustus

 

Easterein – MRW nachtkeatsen

Yn Easterein op de sneontejûn it nachtkeatsen.
Sjoch foar ferslach en foto by Wedstriidútslaggen, Leden

 

Bitgum – Manlju haadklasse ôfdieling

Easterein mei Dirk-Yde Sjaarda, Marten Faber en Bauke Dijkstra winne de 1e omloop fan Berltsum mei 5-5:6-6. De 2e omloop moatte se it opnimme tsjin it sterke Ljouwert. Dizze wedstriid giet ferlern mei 5-2:6-2. Easterein wie ien fan de 16 útnoege ôfdielingspartoeren.

 

Boalsert – Manlju 50+AB

Yn de A-klasse is de krânse foar Sipke Hiemstra mei Ludwig Seerden, Franeker en Siebe Marra, Dronryp. De twadde priis is foar Douwe Durk Reitsma mei Johan Hiemstra, St. Annaparochie en Anne Brouwer, Wommels

20140823 Boslward Manlju50 

Itens – Pupillenfamkes

Achtt sukses op de PC woansdei en hjoed yn Itens twa sukses by elkoar yn de A-klasse.
Roelie en Corrie Kroondijk winne de krânsen!

20140823 Itens PupillefamkesA

 

 

 


Snein 24 augustus

 

 

Makkum – Manlju 1e klasse f.f.

Der wie in 3e priis foar Bauke Dijkstra mei Peter van Zuiden en Jan Schurer. Hja ferlearen de heale finale mei 5-4:6-2.

20140824 Makkum Manlju1eklas