Frouljus PC 2016

40ste Frouljus PC

 

Woansdei giet it der hyt oan ta yn Weidum! 

Fansels doele wy dan op it waar dat it wol 30 graden wurdt!

Mar ek de frouljusklasse is fansels fantastysk om te sjen. Dêr wurdt noch echt keatst!

 

Fannejûn wie de lotting yn Weidum en dit is it resultaat foar de froulju fan Easterein dy’t meidogge!

LIST FROUJUS PC

 

Tineke Dijkstra keatst mei Hermine Sytema en Jeske de Boer, partoer 2 en begjinne tsjin Nelie Steenstra, Anna-Brecht Bruinsma en Geke de Boer

20160716 WommelsFroulju1eklas 

Sietske Okkema en Martine Tiemersma keatse mei Martzen Deinum, partoer 4 en begjinne tsjin Rianne Vellinga, Maaike Osinga en Harmke Siegersma

20160731 HearrenfeanFroulju1eklasse3 

Imke v.d. Leest keatst mei Iris van der Veen en Sjanet Wijnia, partoer 6 en begjinne tsjin Joukje Kuperus, Klasine Huistra en Marije van der Meer

20160807 HarnsFrouljuHaadklasse 

Marije Hiemstra keatst mei Anke Winkel en Jennie Terpstra, partoer 10 en begjinne tsjin Jildou Sweering, Sigrid de Jong en Grada van der Schoot dy’t de keatsoff wûn ha.

20160731 HearrenfeanFroulju1eklasse2 

  

We winskje alle froulju in soad sukses woansdei!