Iepening Multyfunksjoneel terrein

Arjen Stremler, Senay Sixma en Laura vd Velde, de jongste leden fan voetbalvereniging SDS, keatsferiening Easterein en tennisvereniging Smash ha freed 17.00 oere it multyfunksjoneel terrein yn Easterein iepene! Arjen skeat de bal yn de goal, de slachboom gie iepen, hy brocht in keatsbaltsje by Senay dy it baltsje opsloech nei Laura. En mei in prachtige service fan Laura mei de tennisbal iepenen de bern it terrein!

 

April 2009 waarden de plannen yntsjinne by Plattelânsprojekten fan Provinsje Fryslân en by Gemeente Littenseradiel. Mei in begrutting fan sa’n 120.000 euro waard der in prachtich multyfunksjoneel terrein realisearre en waard der in werynrjochting dien fan it parkearterrein by de sportfjilden. In part (sa’n 30%) fan de begrutting bestie út selswurk troch frijwilligers út Easterein e.o. Dêrneist wienen der noch ferskate finansjele aksjes, lykas in grutte ferlotting yn de gemeente.

 

Ein juny 2011 waard begûn mei it wurk en 26 april 2012 wie it lêste wurk klear. Tegearre mei de oannimmer is it multyfunksjoneel terrein dellein. De werynrjochting fan de parkearterrein is folslein mei selswurksumheden dien. Al it selswurk is dien mei ± 100 frijwilligers en mei in hiel, hiel soad masine- en minskeoeren! Yn de foarm fan: kraanwurk, trekkers&weinen, strjitwurk, graafwurk, lotteferkeapers, finansjele aksjes, ljochtmêsten pleatse, opperje, grûnwurk, katering, wurkgroep, en gean sa mar troch…

 

Der wie in prima gearwurking mei Gemeente Littenseradiel en har meiwurkers ûnder it projekt. En it unike oan dit projekt wie ek de gearwurking tusken doarps- en sportferienings, stichting De Skoalleseize en sporthal de Greidhoeke. It multyfunksjoneel terrein foarmet de mienskiplike bining tusken alle partijen. It behear fan it terrein sil dien wurde troch in kommisje MFT. Hja soargje derfoar dat de aktiviteiten dy (sport)ferienings op it terrein dwaan wolle ôfstimt wurde mei alle partijen.

 

Op it terrein is romte foar: Jeu de Pelote/Llarques-wedstriden, strjitkeatsen, strjitfuotbal, fuotbaltrainingen, skeelerje, beachfollybal en foar de doarpsbern in prachtich boartersplak!

It terrein is iepenbier, lykas de tagongswei neist it terrein, en biedt ek plak foar parkearren fan persoane-auto’s. It totaal oantal parkearplakken is útwreide fan 75 nei 123 plakken tusken sporthal en sportfjilden. It hiele gebied tusken sportjilden en sporthal/tennisfjilden is prachtich ynrjochte en hat rom sicht nei it noardeasten. In grutte oanwinst foar doarp en (sport)ferienings!

 

Bysûnder oan dit multyfunksjoneel terrein is dat it earste Llarques fjild (ynternasjonale keatsfoarm dat dit jier ek ûnderdiel útmakket fan it kommende WK Kaatsen 2012) fan Fryslân op dit terrein yn Easterein komt te lizzen! Mar net allinnich foar it keatsen is it terrein geskikt, sa kin foaral ek de jongerein fan de fuotbalferiening har trainingen dêr hâlde as de gerstrainingsfjild te min binne. Spesjaal dêrfoar en foar jûnswedstriden is der ferljochting pleatst om it terrein hinne.

 

In slagge projekt mei tank oan Gemeente Littenseradiel, Provinsje Fryslân – Plattelânsprojekten, Coöperatiefonds Rabobank Sneek-ZuidwestFriesland, ING Goede doelen, Elkien, Juckema Siderius Fonds, P.W. Janssens Friesche Stichting en de (sport)ferienings en bedriuwen út it doarp Easterein!

 

KLIK OP DE FOTO foar alle foto’s fan de Iepening en MFT-wurk

20120427 MFT_Iepening1