Keninginnedei yn Easterein

30-04-2012 – Keninginnedei – Oranje & Heitelân

(Sjoch ek by Wedstriidynformaasje, Utslaggen, Leden)

20120430 Keninginnedei

Efter: B-klasse: René Velzen, Tjipke Okkema, Marco Hoekstra, Froulju B: Mattie Dijkstra, Karin Sjaarda, A-klasse: Sybrand vd Weij, Ewout de Boer, C-klasse: Tjerk Okkema, Tom Veldman.

Foar: Froulju A: Tineke Kamstra, Romine Jelsma, JOngerein: Jorrit Veldman, Martine Kooistra, Bote Jellema

 

Keninginnedei, de earste keatswedstriid fan it jier. De measten moatte dan wer efkes yn it spul komme, en de stramme spieren wurde wer efkes oprutsen. It waar is prachtich, in strak blauwe loft en wynstil, wat wolle we noch mear! Der wie wat minder dielname, mar it wie in slagge dei.

 

By de manlju A wienen 4 partoer fan 2 en hja keatsten yn 1 poule. Pytrik Hiemstra foel út troch in blessuer, der kaam Tjipke Klaas Okkema foar yn it plak. Gert-Jan Hiemstra foel yn de earste omloop út troch in ankelblessuer. Simon Kingma wie sa sportyf om dit plakje op de foljen. Simon Kingma en Danny Roos en  Sybrand v/d Weij en Ewout de Boer kamen tsjinoer inoar yn de finale. Dizze waard wûn troch Sybrand en Ewout mei 2-5:0-6.

 

 

By de manlju B wienen 9 partoer en waard der keatst mei in gewoane list. Gep Bakker kaam by it partoer fan Anne Bakker en Klaas Pompstra om’t Simon nei de A klasse gong. De finale in de winnersronde waard keatst tusken Marco Hoekstra, Rene Velzen en Tjipke Okkema tsjin Ype Tiemersma, Tymen Dijkstra en Marco Reijnhoudt. Marco endy gongen mei de krânsen nei hûs en wûnen mei 5-2:6-2.

 

Yn de ferliezersronde waard keatst tusken Gep Bakker, Anne Bakker en Klaas Pompstra tsjin Tjeerd Dijkstra, Hans Kooistra en Tom Couperus. Gep, Anne en Klaas wûnen mei 5-2:6-6.

 

 

De manlju C keatsten yn 1 poule, ek hjir wienen 4 partoer fan 2. De finale gong tusken Tjerk Okkema en Tom Veltman tsjin Roel Sijbesma en Han Kooistra. Tjerk en Tom wûnen.

 

 

Froulju A,  dêr wienen 6 partoer fan 2 en waard keatst yn 2 pouls fan 3. De dames ha knap keatst, yn de finale kaam Romine Jelsma en Tineke Kamstra tsjin oer Sietske Okkema en Petra Jellema te stean. Mei 5-3:6-0 wûnen Romine en Tineke.

 

 

Froulju B, ek hjir 6 partoer, 2 fan 3 en 4 fan 2 yn 2 pouls. De finale gong tusken Mattie Dijkstra en Karin Sjaarda tsjin Tettje de Boer, Riemy Kamstra en Yvonne Terpstra. De twa froulju Mattie en Karin wûnen mei 5-3:6-6.

 

 

De jongerein keatsten yn 1 poule  fan 4 partoer. Der waard spannend keatst. Bote Jellema, Jorrit Veldman en Martine Kooistra en Remon Tie Bouma, Foeke Dirk Reitsma en Marianne de  Vries einigen gelyk mei 16 punten, Bote endy hienen de minste tsjinearsten en wûnen dizze partij.