It allerlêste nijs fan ‘Kening op sokken’

20 septimber ha we mei syn allen in prachtige, yntensife, moaie, leuke, bysûndere, learsume perioade ôfsletten mei in gesellige jûn mei syn allen. We binne o sa grutsk op de 5 prachtige foarstellings dy we op de planken brocht ha. Guon spilers hawwe talinten ûntdutsen wêr’t se it bestean net fan wisten en it hat in protte nije freonskippen brocht .

We wolle fanôf dit plak elts dy’t meiwurke hat, yn wat foar foarm dan ek, nochris tige tank sizze. Wy binne tige grutsk op ús allegear.

De foarstelling is ek opnommen. Wa de film ha wol, kin kontakt opnimme mei Karin Sjaarda.

 

Groet,

Karin, Mattie, Wiepkje, Tettje en Wilma