In wike letter en noch waarmer waar. Op 22 juny hienen wy wer in jeugd ledenpartij. It soe in sammenlike ledenpartij wêze mei de senioaren, spitigernôch wienen dêr net genôch keatsers. It hie grif mei de hitte te meitsjen, want waarm wie it seker en dus begonnen wy in oere earder. Bytsje tempo hâlde tusken de wedstriden troch, sa koe de jeugd swimme foar it echt waarm waard. Dochs hawwe se der net minder om keatst en koe nei 3 omlopen de prizen útrikt wurde oan de folgende toppers:
Kabouters
1e priis: Djurre Faber en Jens Kooistra
2e priis: Meike Faber en Benthe Kamstra
Welpen
1e priis: Redmer Kamstra, Meike Overwijk en Gerrit Jellema
2e priis: Sven Sijbesma en Jesse Kuiper
Pupillen&Skoaljeugd
1e priis: Jelke Sijbesma, Bauke-Jan Dijkstra en Lotte Kuiper
2e priis: Iris Bosgra en Elin Stoffelsma