Jong-Feinte 2017: 2e omloop

 DSC05747

 

25. Makkum  – 2. Winsum

0-1 6-6 keats, Makkum behâld de keats. 1-1. 2-2 moai lyk op. Op 6-6 slacht Makkum bûten en komt Winsum op 2-3. Ek it folgende earst is foar Winsum, wer op 6-6. Op 2-4 pakt Winsum mei in boppeslach fan Evert Pieter  en wer op 6-6 de 5 earsten. Op 2-5 2-6 meitsje se it út en gean se nei de 3e list.

DSC05738

 

4. Easterein – 5. Bitgum

6-6 retourslach fan Bitgum kwea. 1-0 Easterein. 1-1. Hast alles wurdt op 6-6 keatst, Bitgum is goed yn it tuskenspul. 4-2 6-6; 4-3 6-6; 4-4 4-6; 4-5 (foar Doede Rients, boppe Bitgum, kwea Doede Rients, sitbal Doede Rients, lytse keats, ruilje – bûten Gerard de Vries, 4-6 Bitgum, sitbal Gerard)

DSC05715

DSC05720

 

8. Seisbierrum-Pitersbierrum 1 – 9. Jelsum-Koarnjum-Britsum

6-6 sitbal Durk Ennema  1-0. Ferline jier noch mei Haye Jan Nicolay wie Jelsum-Koarnjum-Britsum finalist tsjin Seisbierrum-Pitersbierrum yn in tige spannende striid. Dit kear wie Seisbierrum-Pitersbierrum fierstente sterk mei 5-0 6-0.

 

12. Dronryp 1 – 14. Tsjummearum

0-1 4-4, 4-6 en it wurdt 0-2 foar Tsjummearum. 0-2 0-6 en in keats, Tsjummearum oan de opslach en Dronryp slacht kwea út, 0-3. 0-3 0-4 en twa keatsen. Tsjummearum pakt beide en nimt in 0-4 foarsprong. Dronryp wol net opjaan en pakt op 6-4 har earste buordsje, 1-4. Op in stân fan 1-4 4-6 en in keats slacht Tsjummearum op mar kin de keats net behâlde, 6-6. De foarynse fan Dronryp slacht de bal boppe en pakt in spul, 2-4. 2-4 0-4 en twa keatsen. Dronryp pakt de earste keats, Tsjummearum de twadde, 2-6 en pakt ferfolgens ek de 5 buorden, 2-5. 2-5 4-6 en in lytse keats, Dronryp oan de opslach en pakt 6-6. Tsjummearrum makket it út mei in sitbal.

DSC05722

DSC05742

 

15. Menaem – 18. Mantgum

5-3 6-6 Tycho slacht de bal werom yn it perk. De freulewinner fan 2016 wint it fan Mantgum die as debutant dielnommen hat oan disse 13e Jong-Feintepartij.

DSC05727

DSC05743

 

20. Minnertsgea  – 22. Frjentsjer

6-4 en it earste buordsje is foar Minnertsgea. Op 1-0 6-4 en in keats slacht Frjentsjer op en pakt de keats, earsten gelyk. 1-1 0-6 en in keats, Marten slacht op en pakt de keats mar de folgende bal giet bûten, 1-2. Op 1-2 4-6 nimt Frjentsjer in 1-3 foarsprong. Op 1-3 4-6 slacht Allard de bal boppe en pakt dêrmei de 4 earsten. 1-4 2-4. Sitbal djip achteryn fan Djurre, 2-6 en in keats. Best opslachwurk fan Marten en it wurdt 6-6. Keats twa meter fan de boppe, Allard oan de opslach. Best op en Marten slacht kwea út, 1-5. 1-5 0-6, Allard oan de opslach en hy bringt de bal achteryn en Marten slacht boppe. Twa ballen kwea fan Allard en it stiet 1-5 6-6. Keats, Marten slacht op en pakt de keats, 2-5. Minnertsgea jout net op en it wurdt 2-5 6-6 en in keats en de bal giet boppe, 3-5. 3-5 6-2 en Frjentsjer slacht kwea út, 4-5. Op 4-5 2-6 eindigt de partij en is Frjentsjer troch nei de 3e list.

DSC05721

DSC05745