Jong-Feinte 2017: finale

22. Frjentsjer – 8. Seisbierrum-Pitersbierrum 1

 

Der wurdt om de punten keatst, in protte keatsen en se wurde om en om pakt. 1-1 2-2, 2-4, en wer 2 keatsen, it wurdt 4-6. Wer in keats, in lytse en oerrûn troch Frjentsjer dus 1-2 foar Seisbierrum

 

DSC05849                       

1-2 2-2 en twa keatsen. Wer pakke de partoeren elk ien, 4-4. De earste 6 is foar Frjentsjer nei in bal foar fan Durk Ennema. De folgende bal slacht Pieter werom it perk yn, 6-6. Fan in moaie tuskenynse bal komt der in keats. Allart slacht op en kin de bal self foar de keats werom slaan. Spullen gelyk   

                    

2-2 2-0 en twa keatsen. Frjentsjer pakt beide en pakt de 6. 2-2 6-2, en dan giet de bal foar. 3-2

DSC05852

DSC05857                       

Frjentsjer dendert troch en nimt in skjinne 6 foarsprong. Dan in lytse keats en Allard slacht op en retourneert de bal fanôf de opslach werom yn it perk. 4-2    

                   

Seisbierrum bliuwt striden en pakt yn dit earst in skjinne 6 foarsprong. Op 4-2 0-6 bringt Durk Ennema de bal foaryn mar Frjentsjer passeert de keats, 2-6. Dan in bal boppe fan Marco de Groot, 4-6. Nei prachtig tuskenspul pakt Seisbierrum dan toch it buordsje, 4-3

DSC05863

DSC05869                       

Seisbierrum makket wat opslachfouten en giet op in stân fan 4-3 6-2 mei in keats nei it perk. Allard bringt de bal tuskenyn en nei in misferstân wol as net op it touw, jout de skiedsrjochter de bal bûten, 6-4. Dan pakt Frjentsjer toch de 5 buorden troch de bal yn it perk te retourneren.

DSC05875 

                      

5-3 0-2 en twa keatsen. Seisbierrum oan de opslach en behâld de earste keats, 0-4. Ek de twadde pakke se, 0-6. Durk bringt de bal foaryn en dizze giet boppe, 2-6. In dikke keats op de boppe en Allard oan de opslach. Seisbierrum slacht twa kear de bal kwea út, 6-6. Op in stân fan 5-3 6-6 bringt Allard de bal tuskenyn en dêr eindigt de striid foar Seisbierrum-Pitersbierrum. Frjentsjer wint de 13e edysje fan de Jong-Feintepartij

DSC05876