Jong-Feinte: heale finale

Jong-Feinte – Heale finale

 

St. Jakob – Seisbierrum-Pietersbierum 1

 

De earste heale finale gie tusken St. Jakob en Seisbierrum-Pietersbierum 1. Seisbierrum mei de keatsers Johannes van der Veen, Kees van der Schoot en Jelte Visser begjinne sterk tsjin Bauke Triemstra, Enno Kingma en Rick Poortstra. It earste buordsje is foar Seisbierrum en op 0-1 6-6 en in keats, bringt Bauke de bal bûten en nimt Seisbierrum de 0-2 foarsprong. Op 0-2 6-6 slacht Jelte de keats knap foarby. Op 0-3 2-6 wit Kees de bal foar de keats te keren en rint Seisbierrum út nei 0-4.

 2013-07-24 15.25.33 Small

 

Pas dan pakt St. Jakob it earste buordsje as op 4-4 Rick Poortstra boppe slacht en op 6-4 Johannes v/d Veen bûten slacht. Yn it folgende earst stiet it 6-6 en slacht Enno Kingma in geweldige sitbal: 2-4 yn earsten. Op 2-4 4-6 hâld Kees v/d Schoot de keats foar syn partoer en pakt Seisbierrum de 5 earsten. Bauke Triemstra slacht de bal bûten op 2-5 4-4 en nimt Enno de opslach oer. Dizze bal wurdt fuortslein oer de boppe troch Kees v/d Schoot en dermei is Seisbierrum-Pietersbierum de earste finalist fan dizze 9e Jong-Feinte Partij. It is fuort ek de earste kear dat Seisbierrum yn de prizen sit. 

 2013-07-24 16.12.14 Small

St. Anne – Easterlittens

 

Easterlittens mei Ruben Bonhof, Erwin Zijlstra en Simon Zijlstra keatse prima hjoed en steane terjocht yn de heale finale tsjin St. Anne. St. Anne makket in goeie start en nimt in 2-0 foarsprong. Op 2-0 6-6 slacht Erwin Zijlstra in sitbal en wurdt it 2-1. It slagget Easterlittens ek om it spul te pakken en sa giet it dus gelyk op. Op in folgend momint yn de wedstriid is de stân 3-2 6-4 en in lytse keats. Sjoerd de Jong kin dizze keats foarby slaan en nimt dermei syn partoer nei de foarsprong fan 4-2.

 2013-07-24 16.06.18 Small

St. Anne is net fan doel it spannend te meitsjen en rint út nei de 5 earsten troch in boppeslach fan Sjoerd de Jong op 4-2 6-2.  Op 5-2 4-4 wit Easterlittens de bal boppe te slaan, mar Krijn Hiemstra slacht dernei in moaie sitbal: 5-2 6-6. Mei in keats fan ûngefear 6 meter besyket Erwin Zijlstra it tredde buordsje te pakken, mar dit slagget net. Sjoerd de Jong makket it út mei in boppeslach.

 2013-07-24 15.37.36 Small

Finale: Seisbierrum-Pietersbierum – St. Anne

 

Heale finale                  
20) St Jakob 1) Seisbierrum-Pietersbierum 1 2 5 : 4 6
6) St Anne 16) Easterlittens 5 2 : 6 6