Jong-Feinte partij 2021 Ferslach

Berltsum mei de keatsers Corné Tuinenga, Thomas Dijkstra en Patrick van Dellen winne de 16e edysje fan de Jong-Feinte Partij yn Easterein! Yn de finale wienen Eksmoarre en Berltsum echt oant de lêste slaggen oan elkoar weage. Foar it publyk dan ek in dreamfinale om nei te sjen mei alles oan ‘e hang. Mar úteinlik trokken Eksmoarre mei de keatsers Christiaan Stremler, Gerben de Boer en Pieter Jan Leijenaar oan it koartste ein. Sy koenen de lytse keats mei de opslach net ferdedigje.

 

Op dizze 16e edysje waard der keatst mei in totale prizepot fan rom €3800,-. Hiel wat om foar te striden, at de ear al net genôch wêze soe. Op de list stiene 21 partoeren. Spitigernôch meldden Peins en Sint Jabik harren dochs noch foar de wedstriid ôf. Debuterende feriening wie Eanjum. It wie ideaal keatswaar: praktysk wynstil en in goeie temperatuer. Dochs moasten de fjilden omlein wurde foar de heale finale. In dikke pluim wer foar alle keatsers, karmasters en oare frijwilligers dy’t hjoed de hiele dei yn it spier wienen. Sels eks Jong-Feinte keatsers fine it paad nei de keatsferiening as frijwilliger, grutte klasse.

 

Berltsum is de earste omloop frij fan keatsen om’t Sint Jabik harren ôfmelden hie. Op de twadde list komme se Menaam tsjin. Dit wie gau dien mei 5-1 6-6. Dêrnei treffe se Bitgum. Op 5-2 liket Bitgum noch werom te kommen, mar op 5-4 6-0 slacht Yannick Hielkema de bal kwea. Hjirmei giet Berltsum troch nei de heale finale. Dêr komme se Dronryp 1 tsjin. Dronryp 1 hat de 3e omloop noch aardich knokke moatten tsjin doarpsgenoat Dronryp 2. Yn it begjin like se oan elkoar weage, mar nei 3-2 rint Berltsum út en lûkt de wedstriid nei harren ta mei in einútslach fan 5-3 6-0.

 

Eksmoarre komt yn de earste omloop Spannum tsjin en winne dit frij ienfâldich mei 5-2 6-0. Dêrnei keatse se spannend tsjin Frentsjer 1. Nei in opslachflater fan Frjentsjer wit Eksmoarre te winnen mei 5-4 6-0. Op de tredde list wurdt der keatst om de finale as neat. Eksmoarre wint dit oertsjûgend fan Ingelum. Gerben de Boer lit hjir al moai útslachwurk sjen troch ûnder oare in boppeslach te meitsjen mei in ûnderhânske drop-kick! Se bliuwe stean en komme sa yn de finale.

 

Yn de finale pakt Berltsum it earste earst op 6-6 trochdat Eksmoarre yn in triktrak de bal elkoar op it liif slacht. Der wurde oan beide kanten in soad boppeslaggen slein, mar hjir tsjinoer stean ek regelmjittich opslachflaters. Beide partoeren gean foar alles of neat. De earsten wurde hieltiid om en om pakt, wêrtroch de wedstriid steeds yn lykwicht bliuwt. Op twa earsten gelyk wachtet Pieter Jan Leijenaar op in spannend stuitsje, mar wit de bal yn it tuskenspul dochs werom te slaan en hellet sa it tredde earst binnen. It folgjende earst pakt Berltsum mei in boppeslach. It bringt de partij wer op trije earsten gelyk. Eksmoarre wit drekst it fjirde boerdsje oan de tillegraaf te pakken. Thomas Dijkstra fan Berltsum slacht yn it tuskenspul prachtich de bal werom it perk yn en dat bringt de stân op 4-4. Oant it lêst ta wurdt der foar elk punt knokt. Sa pakke se der beide noch in earst by en binne se mei 5-5 wer lyk. Eksmoarre liket de winst binnen te heljen troch twa opslachflaters fan Berltsum, sa komme sy op 6-2 foarsprong. De folgjende keats slacht Berltsum boppe, 6-4 en de spanning is werom. Trochdat Eksmoarre de bal net goed genôch rekket kin Berltsum de keats kearen. It koe ek hast net oars, mar alles oan de hang! In triktrak makket de dreamfinale kompleet wêrtroch der in lytse keats komt te lizzen. Eksmoarre stiet oan de opslach mei twa kearders foar dy lytse keats. Berltsum slacht de keats foarby, Eksmoarre docht noch in poging de bal werom te slaan, mar komt der net oan ta. Berltsum wint!

 

Tredde priis is der foar it partoer fan Dronryp 1 mei Jasper Jager, Mark Minnesma en Jorn Lars van Beem.