Jong-Feinte: Wolkom!

Wolkom op de 9e edysje fan de Jong-Feinte yn Easterein

 

20130723 JF Tarieding

 

Sjoch foar alle ynformaasje oer de Jong-Feinte by Jong-Feinte -Ynformaasje

 

In prachtige list fan 25 partoeren en op de list mar leafst 13 PC-keatsers! Patrick Scheepstra makket noch kâns op de PC by keats-off op tongersdei 25 july en as hy dat hellet dan binne der 14.

It wurdt waarm waar en dat ha we al in pear edysjes sa belibbe. De sfear is der net minder om, mar oerdei moat elk wol goed foar him/har soargje. Fansels fersoarget de feriening har frijwilligers, kader en gasten ek!

P1060585

De priiswinners fan 2012, Hans, Arnold en Steven hienen it tige nei’t sin mei de hage om de nekke!

 

 

Wat is der allegear?

Fansels twa moaie fjilden mei de talinten fan no en de takomst, ‘ús’ junioaren en jonges, dy’t jimme fermeitsje sille mei it keatsen. En dat it moai wêze kin ha we yn Minnertsgea wol sjoen by de bûnspartij foar junioaren. Wat in prachtige keatsdei en wat in heech nivo! Dat wie genietsjen. We hoppje dat de keatsers har sels nochris sa sjen litte kinne! In soad sukses!

P1060487

Yn it ferieningsgebou draait de hiele dei in fotopresintaasje fan alle edysjes fan 2005 – 2012.

Moai om te sjen hoe de jonges/junioaren yn de rin fan de tiid feroarje kinne. En wa keatse der no noch?

Ek binne der op de bestjoerswein jierferslaggen oer de keatsferiening Easterein en alle Jong-Feinte partijen.

 

 

P1060513

En wurdt it wer sa spannend as yn 2012?

 

 

Op de website (Sjoch yn it menu ûnder Nijsberjochten) hâlde we jimme op de hichte fan alle omlopen! Mei in koart ferslach op de website mei foto’s, fia twitter (@KFEasterein) en ek is de parse oanwêzich om ferslach te dwaan. Omrop Fryslân, Radio Eenhoorn en de skriuwende parse.

 

 

P1060482

En we hoopje fansels op in soad publyk en geselligheid om it fjild.

 

 

 

Fansels wer in kloft frijwilligers yn it spie om de hiele dei yn goede banen te lieden. Sukses!

P1060476

Dizze mannen sjogge de ballen fleanen en sykje se dan gau op!

 

 

We winskje jimme in prachtige Jong-Feinte dei ta