Jong-Fente 2016: Tank!

Tank sizzen is net sa muoilik, it kostet gjin inkele muoite. En foar de oaren is it altyd fyn om te hearen fansels.

 

By de keatsferiening ha we it der yn it ferline alris oer hân, btanke fan frijwilligers. Eartiids by it kompetysjekeatsen fan de jongerein waarden de âlders mear belutsen om te helpen by de begelieding fan it kompetysjekeatsen. Se waarden útnoege en as se op it fjild kamen waarden se troch it kader ûntfongen en útlis jûn oer de wize fan begelieden en somtiden de spulrigels ek noch efkes.

Yn it ‘protokol’ stie ek, dat as de kompetysjejûn ôfrûn wie, dat it kader de âlders net samar fuort gean litte moast. Nee, men gie nei de âlders ta en der waard persoonalik betanke foar de help. In lyts gebaar, in lyts wurd, mar it mei altyd en wolris faker!

 

By de Jong-Feinte wurde ek in soad minsken betanke en dat giet meastal mei in stikje sjokola of in Merci-reepke.

 

Mar ek hjirby wolle we nochris TANK sizze oan elk dy belutsen west is by de 12e edysje fan de Jong-Feinte! Wat binne wy wiis mei jimme as frijwilligers!

 

Altyd bereid om wat te dwaan en sels mear dan dat. En wiis mei ús stipers en publyk dy wurdearje wat wy yn Easterein delsetten ha en dogge mei de Jong-Feinte. Ek tank oan de parse dy no trouw nei de Jong-Feinte komt en yn it bysûnder Henk Bootsma foar de prachtige fotoreportaazje en Radio Eenhoorn dy tiid makket foar de keatsers! Tank oan de skiedsrjochters, De SKoalleseize en harren frijwilligers en oan allen dy belutsen binne!

 

En fansels de keatsers! Jonges, wat geweldich dat jimme der altyd wer binne en sjen litte dat jimme de Jong-Feintepartij wurdearje en hjir graach meistride op it prachtige fjild en yn de moaie arena.

 

Tank, in lyts wurd mei grutte betsjutting!

 

Oant takom jier!

 

Foto’s fan Henk Bootsma, sjoch HJIR

 

Sjoch ek foar mear foto’s by:

x-lent.nl/nieuws/fotografie-nieuws