Jong-Feinte: 2e omloop

Jong-Feinte – 2e omloop

 

Twa spannende partijen op de twadde list. By de klapper tusken Boalsert en St. Anne, lûkt St. Anne úteinlik oan it langste ein. Op in stân fan 4-4 6-6 stiet St. Anne oan de opslach en Sjoerd de Jong kin de bal werom slaan it perk yn. Dan hat St. Anne op 4-5 6-6 de kâns om it út te meitsjen, mar dat slagget net. De bal giet bûten. Op 5-5 6-2 liket it dat Boalsert der mei de winst fan troch giet, mar Boalsert beslút in keats te hâlden yn stee fan de bal werom it perk yn. Dan op in stân fan 5-5 6-6 slacht Peter van Zuiden de bal foar en giet St. Anne troch nei de tredde list.

 2013-07-24 13.57.49 Small

Ek in spannende partij tusken Frjentsjer 2 en Bitgum. It giet gelyk op en op in stân fan 5-5 6-2 foar Frjentsjer pakt Bitgum de keats. Op 5-5 6-4 in sitbal troch Tsjisse Steenstra, mar dernei giet de bal út. Frjentsjer troch nei de tredde list.

 2013-07-24 13.34.26 Small

By de striid tusken Seisbierrum-Pietersbierum 2 tsjin Seisbierrum-Pietersbierum 1 jout it earste partoer it twadde partoer gjin kâns. De winst is foar Seisbierrum-Pietersbierum 1 op 1-5 0-6. Frjentsjer 1 is ek troch nei de tredde list troch winst op Dronyp 2: 5-0 6-2. Sa’t Arum op de earste list mei 5-3 winne koe, ferlieze se op de twadde list mei 5-3 6-0 fan Easterlittens.

 2013-07-24 13.33.31 Small

Jelsum-Koarnjum-Britsum, ús lêste debutant, koe St. Jakob byhâlde oan’t spullen gelyk. Dernei komt St. Jakob op de 3 earsten nei’t Bauke Triemstra op’e 6 de bal werom slacht en Enno Kingma docht it selde op de folgende 6: 4-2 foar St. Jakob. Op 5-3 6-4 leit der in keats by de middelline dy’t Haye Jan Nicolay net foarby slacht. Dermei komt St. Jakob yn ‘e prizen troch in steand nûmer op de tredde list.

 

2e omloop                  
25) Seisbierrum-Pietersbierum 2 1) Seisbierrum-Pietersbierum 1 1 5 : 0 6
4) Boalsert 6) St Anne 5 5 : 6 8
7) Frjentsjer 2 10) Bitgum 5 5 : 6 4
12) Frjentsjer 1 14) Dronryp 2 5 0 : 6 2
16) Easterlittens 17) Arum 5 3 : 6 0
20) St Jakob 22) Jelsum-Koarnjum-Britsum 5 3 : 6 4
23) Menaem