Keatskamp 2015

KEATSBALLLL!!!!
We nimme om te begjinnen in sportkompleks as de Skoalleseize, dêrby best wat tarieding en in grutte poarsje entûsjasme fan de lieding. Set dat in pear moanne yn de oven en helje it op woansdei 6 maaie der wer út. Diel dit baksel mei 53 fleurige jong en âlde dielnimmers en dêrneist in hieeeel soad aardige frijwilligers, én hoopje dan op in pear skeppen moai waar. Dan hast alle yngrediïnten en it resept foar opnij in knallend keatskamp. En dêr gongen we foar!
Nei foarich jier wie der fansels immers neat oars mooglik dan opnij foar in spetterjend keatskamp te gean. En it leafst noch krekt efkes leuker en better. Om dat te heljen wie der fansels wer in nij swingend kampnûmer nedich. Dit kear demokratysk keazen troch jimsels, de dielnimmers. Dit is úteinlik ‘Fireball’ wurden! (of wie it ‘keatsball!’? Of toch ‘keatskamp!’?) De earste bonuspunten wienen in feit en soargen foar genôch swingende heupen tidens it hiele kamp en op de meast ûnferwachte mominten.
Wy ha genietsje kinnen fan alle bern: de ûnferwachte opmerkings, de talinten, de boefkes, de ynset, de snoepkonten, de ûnderlinge help, de fragen, de grapjassen, it fertrouwen, de skamteleaze mominten en al dy bern dy foar de oare ferrassend leuke mominten soarge ha. Tige tank dat jim mei al dy frijwilligers jim stientsje bydroegen hawwe oan it keatskamp fan dit jier! Wy hawwe wer genoaten.

Sjoch dan efkes op facebook.com/keatskamp
Graach oant takom jier!

Programma woansdei 6 maaie
13.00 oere Sammelje op it keatsfjild, sliepspul te plak
14.00 oere Ôftraap keatskamp en klearmeitsje foar it trainen
15.00 oere Trainen
17.00 oere Ûnder de brûs
18.00 oere Waarm ite
18.30 oere Kabouters gean nei hûs (graach ôfmelde by de trainer)
19.00 oere Rekreaasje
21.30 oere Sliepen jongste dielnimmers
22.00 oere Sliepe âldste dielnimmers

Dei 1 – Woansdei, 06-05-2015
Hjoed is it dan eindelik safier! It twadde keatskamp giet fan start! De lieding wie al om healwei 10 oanwêsich foar alle tariedingen. Mei de bôle noch yn de hannen moasten sy om healwei 1 snel nei bûten, want der wienen de earste bern al! Lyk as foarich jier hienen se tassen fol mei spul! De bern moasten sich allegear oanmelde en krigen in pear moaie kleurkes op it gesicht. It tema fan dit jier is immers KLEUR! Nei it ynstallearjen fan de luchtbêden mochten de bern fervje. Net mei de hannen, mar mei de neus! It resultaat wie prachtich. Dernei krigen de bern wer in moai keatskampshirt, yn 8 ferskillende kleuren. Dit jier wurde der wer allegear spultsjes dient werby’st punten skoare kinne. De groep fan de kleur mei de measte punten, wint! Dernei wie it tiid foar de bekendmaking fan it keatskamp ferske fan dit jier: FIREBALL!
Nei in dikke stortbui wie it tiid foar de earste trening. De bern diene allegear fanatyk mei, mar it waaide toch wol erg hurd! Doe it nummer ‘FIREBALL’ ut de speakers knalde, waard der sprongen en gek diend.
Nei de brûs stie de patat klear en waard der lekker iten! En tiid wie it foar de rekreaasje. Dit stie yn it teken fan ‘A minute to win it’ en opnij de striid tusken de kleuren. Fan elke groep waard der steeds 1 op it podium frege dy in opdracht útfiere moast. Spultsjes lyk as bekers omblaze mei rytsjes, bûsdûkjes plukke oant it bakje leech wie, pingpongballen fange mei plastic bekers, ballonnen heech hâlde en noch folle mear! Oan it ein fan de jûn wie de tuskenstân bekind, blau giet nei dei 1 oan kop, folge troch donker roze. Mar de striid is fansels noch lang net dien! We ha noch 2 dagen te gean.
Op it lêst waard der noch efkes lekker dûnse en wie it foar de jongsten tiid om op bêd te gean. De pyjama oan, tosken poetse en lekker koese! De âldere jongerein hat noch efkes fuotbal sjoen op it grutte skerm, mar ek foar harren wie it dernei tiid om

Programma tongersdei 7 maaie
07.30 oere Moarnsrin skoaljeugd
08.00 oere Opstean
08.00 oere Kabouters binne wolkom
08.15 oere Moarnsbrochje
09.00 oere Klearmeitsje foar it trainen
09.30 oere Trainen
12.00 oere Lunchen
13.00 oere Rekreaasje
15.00 oere Trainen
17.00 oere Ûnder de brûs
18.00 oere Waarm ite
19.00 oere Foarberiede ‘Bonte jûn’
20.00 oere ‘Bonte jûn’ mei nei ôfrin disko. Famylje is wolkom om te sjen!
22.00 oere Sliepe

Dei 2 – Tongersdei, 07-05-2015
De measte bern wiene der al betiid by. Om healwei 7 al wekker, mar tot 8 oere ha se sich (redelijk) rêstich hâlden. Toch moasten der wol in hiel soad bern nei de wc! De skoaljeugd wie der iets earder by, sy stiene al om healwei 8 op it fjild foar de moarsrin. Om 8 oere kamen ek de kabouters wer foar it moarnsbrochje. Mar der waard fansels net iten foardat de moarn iepene wie mei it nûmer ‘Fireball’! Nei it iten wie it tiid om ôf te waskjen mei de pupillen. Dat wie in gekkeboel! It sjipsop fleach troch de loft.
Om healwei 10 stie de earste training op it programma. Iederien hat wer fanatyk meidien. Trainer Marco gie as in hippy oer it fjild mei in moaie prûk. It nûmer ‘Fireball’ knalde wer in oantal kearen troch de speakers. Tidens de training is der fan eltsenien in aksje foto make, dy sille se werom fine yn hun ‘keatskamp-diploma’.
Om 12 oere ha we mei syn allen wer in stikje bôle iten en makken de bern harren klear foar de rekreaasje troch it doarp! Mei in teepûdsje gongen de bern op paad foar it ‘ruilspel’. It teepûdsje moast ruile wurde foar iets moaiers of grutters. En der wiene fansels ek bonuspunten te ferstjinjen. It giele team, mei Ridzert, Brecht, Hedwich, Nadja, Sydrik en Marije,
wie de winnaar fan dit spultsje, mei 4 bonuspunten!

Nei de rekreaasje wie it tiid foar de folgende training. Om 6 oere stie de makaroany, makke troch Fetsje, klear! Iederien hat der lekker fan iten. Jûns makke eltsenien harren klear foar in stikje op de Bûnte Jûn. Alle ferskillende kleuren diene in stikje mei harren eigen groepke.

Giel Brecht har favorite televyzjeprogramma op it ferske ‘Eens per jaar’, spiele troch moaie handpoppen fan sokken.
Read De olifanten! Jan en Bauke krigen in ‘wiete’ ferrassing.
Grien Kleurenmodeshow! Welke outfit scoorde it heechst?
Oranje Tonielstik oer it keatskamp en de lieding.
Ljocht Roze Op it ferske ‘happy’ lieten sy sjen hoe ‘happy’ se wurde fan it keatsen!
Pears De macarena mocht natuerlik net ûntbrekke!
Donker Roze In quiz! Wie as earst de beker kapot slaat, mei de fraach beantwurdzje.
Blau Wier of net wier? Quizfragen oer de leden fan dizze groep. (En Fianne hat noch in pear moaie keunskes sjen litten!)

Ien grut spektakel! Nei de bûnte jûn wie it tiid foar de disko! It nûmer ‘Fireball’ mocht hjirby natuerlik net ûntbrekke en ha we wer faak heard. En wat kin iederien goed dûnsje! Nei de disko kaam der unferwacht in SNOEPKONTROLE! It snoep dat noch net op wie, is no dochs echt ynnommen. Miskien krij de bern it moarn wol wer werom… Om in oer as tsien (ietsje letter) wie it dan dochs wol wer tiid om de pyjama oan te lûken en de tosken te poetsen! Lekker

Programma feed 8 maaie
07.30 oere Moarnsrin skoaljeugd
08.00 oere Opstean
08.00 oere Kabouters binne wer wolkom
08.15 oere Moarnsbrochje
09.00 oere Opromje en ynrin rekreaasje
10.00 oere Helte 1 wedstriid
12.00 oere Pankoek ite
13.00 oere Helte 2 wedstriid
15.00 oere Ôfsluting keatskamp, elts giet wer nei hûs

Dei 3 – Freed, 08-05-2015
Hjoed hiene de bern in hiele spesjale wekker! It lûd fan de megafoan galmde troch de Skoalleseize, en dat al om 7 oere! Foar de bern de ultieme gelegenheid om ris efkes by de lieding te sjen. It kessengefjocht mocht hjirby natuerlik net ûntbrekke. Foar de skoaljeugd stie der wer in moarnsrin op it programma, dit kear troch it doarp. Jan en Bauke makken it harren sels maklik en rieden foar de jeugd út mei it golfkarke.
Om 8 oere wie it wer tiid foar it moarnsbrochje. Team pears gong foar de bonuspunten en hat fanatyk oan it ôfwaskjen west. Foar de oare bern wie it tiid om alle (sliep)spullen op te romjen. Dit hiene sy yn in mum fan tiid klear. Der binne ek noch in oantal bonuspunten fertsjinne troch de skjinmaktalinten. De kabouters mochten efkes in spultsje dwaan mei de grutte parachute!
Om 10 oere wie it tiid foar it earste diel fan de spultsjes. Mar earst wie der noch de ‘kleurrijke’ warming up fan Hester, Gerry-Edou en Gabriële! De spultsjes stiene yn it teken fan allerhande sporten, mei in keatstintsje! Keatsslachbal, keatstrefbal, keatsvolley, jeu de keats, keatsfiskjen, keatsdarten, keatstennis en keatssjitten: It wie in grut sukses! Nei 4 spultsjes hiene we al aardich honger krigen. Dat kaam goed út, want der stiene hearlike pankoeken foar eltsenien klear! Sommige bern ha der wol 6 opiten! Om 1 oere gongen we fierder mei diel 2 fan de spultsjes, der is tot de lêste minuut striden om de punten foar de wikselbeker. Welke kleur soe der dochs winne?
Dêr kamen we gau achter. Alle punten binne by elkoar optelt. Wat siet it allegear ticht by elkoar! Team BLAU, mei Corrie, Nynke P, Tjalle Durk, Anke B, Fianne, Jorn en Redmer S, is de grutte winnaar fan de striid tusken de kleuren wurden! Sy ha de grutte beker yn ûntfangst nommen.
As ôfsluter krigen alle bern in echt keatskamp-diploma mei in moaie aksje foto! De échte ôfsluter wie fansels noch 1 kear it nûmer ‘Fireball’ (ek wol: KEATSKAMP!) sjonge mei it bypassende dûnske, mei alle heiten en memmen. Bedankt allegear foar jim geweldige ynset en entûsjasme! En miskien wol oant takom jier!
12

Keatskampkrantsje 2015