Keatskes: 01-07-2015

Ja, ik wit it, we binne tige let mei it keatsnijs fan de Eastereinder leden, partoeren en oare keatsenden. Mei de doarpsfeesten en oare aktiviteiten, bygelyks de njie website (!), wie der efkes gjin tiid om nijs te bringen. Wol ha we fansels mei de sosjale media jimme op de hichte brocht fan bysûnderheden lykas de NK’s ensafh.

Mei de ekstreme waarsomstannichheden dizze wike wurdt it in toer om efkes in baltsje te slaan. Kommend wykein mei de junioaren en de manlju 50+ it besykje op de NK’s foar resp. de junioaren en Manlju 50+.

Yn Easterein ha we it wykein twa wedstriden. Sneon krije we de KNKB famkes op besite en snein is de federaasjewedstriid, de 37ste Okkemapartij!


Sneon 20 juny 


St Anne – NK Froulju

De froulju dy foar Easterein op it NK keatsten wienen Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Martine Tiemersma. Der wie noch wol wat te dwaan oangeande de seleksje fan it partoer. Der binne ommers seis froulju dy elk wykein op de KNKB haadklasse en/as earste klasse keatse. Hoe de kar ek makke is, dizze trije froulju moasten de kleuren fan Easterein ferdigenje. De 1e omloop moasten se tsjin Grou en se namen in moaie foarsprong. Eilaas waard dy foarsprong foaral ferskate kearen op de 6-6 ferspile en sa kaam it dat Grou in 4-5 foarsprong kaam. Yn it lêste earst wer alle punten der oan en doe waard ferlern.

It buertdoarp Wommels mei Anna-Brecht Bruinsma, Sjanet Wijnia en Anke Marije Pompstra hienen yn Wytmarsum sjen litten de ôfdieling winne te kinnen. De piek kaam in wike te betiid. Nei twa maklike omlopen waard yn de 3e omloop ferlern fan de lettere Nederlânsk Kampioen Boazum.

Boazum – NK Skoamfamkes 

Roelie Kroondijk, Selma de Boer en Corrie Kroondijk ferlieze op it NK yn de earste omloop fan de lettere Nederlânsk Kampioen Seisbierrum-Pietersbierum.


Snein 21 juny 


Arum – Pupillenfamkes t.i.l.

Amber Reijnhoudt wint mei  Iris Oosterbaan, Scharnegoutum de krânsen by de pupillenfamkes t.i.l. De finale wurdt wûn mei 5-5:4-6.

20150621Arum Pupillenfamkes 

Wergea – Welpenjonges A

Redmer Wiersma wint mei Jan-Tymen Eisma de krânsen yn de A-klasse

20150621Wergea WelpenjongesA 

Wergea – Welpenfamkes t.i.l.

Marieke Altenburg wnt in 2e priis mei Ilse Marije van Beem

20150621Wergea Welpenfamkes 


Woansdei 24 juny  


Ljouwert – Skoalkeatskampioenskippen

Roelie Kroondijk, Nynke Paauw en Corrie Kroondijk winne foar twadde jier efter elkoar de skoalkampioenskippen foar de Foareker!

20150624Ljouwert Skoalkeatsen 


Sneon 27 juny 


Mantgum – Jong-Fammen

Tineke Dijkstra, Martine Tiemersma en Jelien Pompstra stienen op de Jong-Fammen foar Easterein. De froulju winne de 1e omloop fan Stiens mei 3-5:6-6. Yn de twadde omloop treffe se St Anne en dat wurdt ek wûn, mei 3-5:4-6. Dan moatte se tsjin it favorite Frentsjer. It begjin is prima en se komme op 2-2. Dêrnei pakt Frjentsjer troch en hat Easterein wat tafolle foutsjes en pech. Se ferlieze úteinlik mei 5-3:6-4. Der wienen kânsen, mar it slagge net.

Foto’s Jong-Fammen

20150627JongFammen Groep

Arum – NK Pupillenjonges

Easterein mei Siebo Boersma, Rutger Sijbesma en Bauke Reijnhoudt begjinne it NK tsjin Goutum, mar ferlieze dat mei 5-4:6-0.

Wommels – NK Pupillenfamkes

De famkespupillen Nynke Paauw, Emma Stegenga en Marrit Hiemstra ferlieze ek de 1e omloop. Hja ferlieze fan de lettere Nederlânsk Kampioen Berltsum mei 5-2:L6-2. 


Snein 28 juny 


Dronryp – Manlju 1e klas frije formaasje

It Eastereinder partoer fan Dirk-Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra en Jan Schurer wint de spannende finale mei 5-5:6-2 fan Martijn Olijnsma (Grou), Alle Jan Anema (Grou) en Sjoerd de Jong (St Jacob).

20150628Dronryp Manlju1eklasse 

Huizum – Froulju haadklasse 

Op de net beheinde froulju haadklasse is der in 2e priis foar Marije Hiemstra, Martine Tiemersma en Sjanet Wijnia.

20150628Huizum Frouljuhaadklasse 

Easterlittens – Famkes B

Yn Easterlittens de krânsen foar Baukje Terpstra mei Sanne Hijlkema, Gau en Sjoukje Stuiver, Wytmarsum. Der is in 3e priis foar Jeska Terpstra mei Brechtsje Jorritsma, Poppenwier en Anneke Smid Witmarsum.

20150628Easterlittens FamkesB120150628Easterlittens FamkesB2 

Folsgeare – Skoalfamkes A

De krânsen binne foar Corrie Kroondijk en Rixt Wijnia(Wommels).

20150628Folsgeare SkoalfamkesAgrut 

Folsgeare – Skoalfamkes B

Der is bin 3e priis yn de ferliezersronde foar Machtelt Veldman en Geanna Faber(Arum)

20150628Folsgeare SkoalfamkesBgrut 

Skearnegoutum – Welpenjonges A 

Der is in 2e priis foar Redmer Wiersma mei Sjouke Beimer, Bitgumermole

20150628Skearnegoutum WelpenjongesA 

Skearnegoutum – Welpenjonges B

Der is in tredde priis foar Arjen Stremler mei Menno Johnson, Kimswerd

 20150628Skearnegoutum WelpenjongesB


Tiisdei 30 juny 


FB Cup – 1e ronde

Tiisdei wie de earste ronde fan de FB cup. Foar Easterein wienen der twa frouljuspartoeren. Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Martine Tiemersma en Tineke Dijkstra, Sietske Okkema en Jelien Pompstra. Easterein 1 moast tsjin Seisbierrum-Pietersbierum en wûn dat. Easterein 2 moast tsjin Frjentsjer 2 en wûn dat ek.

De manlju fan Easterein 1, Dirk-Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra en Jan Schurer moasten tsjin Minnertsgea en ferlearen dat mei 5-1:6-6.

Easterein 2 mei Doede Rients Okkema, Danny Roos en Marten Faber moasten tsjin Britsum en wûnen dat mei 5-1:6-4


Woansdei 1 july 


Takomstpartij – Famkes en jonges

Op de Takomstpartij wie der in 2e priis foar Jeska Terpstra mei Rixt Sinnema (Wergea) en Jennie Terpstra (Mantgum). Se ferlearen de finale mei 5-4:6-2.