Keatskes: 14-06-2015

It wykein fan de generale fan de froulju foar it NK fan takom wike op 20 juny. Beide Eastereinder partoeren kamen net yn de prizen. De TC wie op it fjild om in kar te meitsjen hokker trije froulju nei St Anne gean… Buertdoarp Wommels pakte de krânsen!


Tongersdei 12 juny 


De skoalfamkes winne it skoalkeatsen yn Winsum

20150612WinsumSkoalkeatsen 


Freed 12 juny


Stiens – Froulju haadklasse t.i.l.

Der is in 3e priis foar Marije Hiemstra mei Sjoukje Visser en Louise Krol.


Sneon 13 juny


Easterein – Posthumapartij

Sjoch foar de útslach en ferslach by Wedstriidútslaggen, Leden

Ljouwert – Manlju 50+ A+B frije formaasje

Sipke Hiemstra, Klaas Kamstra en Simon Kingma winne de krânsen yn de B-klasse. Der is in 1e prijs yn de ferliezersronde foar Roel Sijbesma mei Jan de Jong Menaam en Age van der Goot Goenga

20150613LjouwertManlju50B 

Hommerts-Jutryp – NK Jonges

De jonges Jorrit Veldman, Rutger Wiersma en Kees vd Horst wienen foar Easterein op it NK foar de jonges. Se ferlearen de 1e omloop tsjin Hearrenfean mei 5-1:6-6.
Makkum wint it NK

Hank-Dussen – NK Famkes

De famkes Mirjam Punter, Baukje en Jeska Terpstra hienen mei âlders en bestjoersleden de reis nei Hank-Dussen makke. Eilaas gie de 1e omloop, wat ûngelokkich, ferlern tsjin Jirnsum mei 4-5:4-6. Goaiïngea wint it NK.

St Nyk – Pupillenfamkes ôfd en t.i.l.

Yn de ôfdieling koenen de pupillenfamkes, Amber Reijnhoudt, Marrit Hiemstra en Nynke Paauw de 1e omloop net winne fan Seisbierrum. Yn de t.i.l. wedstiid wie der in 3e priis foar Amber mei Femke Terpstra fan Wommels.


Snein 14 juny


Minnertsgea – Manlju 1e klasse frije formaasje

In 3e priis foar Jelte-Pieter Dijkstra, Hendrik Jan van der Velde, Evert Pieter Tolsma. De heale finale waard ferlern mei 5-4:6-0.

Wytmarsum – Haadklasse froulju ôfdieling

Easterein stie op de list mei twa partoeren se moasten ha sjen litte sa’t de TC fan KF Easterein een goede kar meitsje koe hokker froulju nei it NK ta geane op 20 juny.

Easterein 1 mei Tineke Dijkstra, Imke vd Leest en Jelien Pompstra ferlearen krekt fan Berltsum mjei 5-4:6-6, mar der hie mear ynsitten. Easterein 2 mei Sietske Okkema, Marije Hiemstra en Martine Tiemersma begjinne tsjin Ie, 2-5:6-6, mar ferlieze dêrnei fan Frjenstjer 1 mei 5-3:6-4.

De winners fan dizze wedstriid waard it partoer fan Wommels mei Anna-Brecht Bruinsma, Sjanet Wijnia en Anke Marije Pompstra. Se winne fan Boazum mei 5-5:6-6 en dêrnei fan Bitgum mei 4-5:6-6, dan fan Frjentsjer 2 mei 5-2:6-4 en yn de heale finale treffe se St Anne en dat wurdt ek wûn. De finale winne se fan Easterlittens mei 5-4:6-2.

20150614WytmarsumHKFrouljuOfd 

Easterlittens – Skoalfamkes ôfdieling

De Eastereinder skoalfamkes mei begelieder Ype Tiemersma ha yn dizze kategory ek al sukses! De krânsen waarden wûn op de ôfdielingswedstriid. Yn de finale winne se mei 0-5:4-6 fan Rie.

20150614EasterlittensSkoalfamkesOfd