Keatskamp 2019

keatskamp programmaboekje 16-4-2019

Programma dei 1: Woansdei 1 maaie

13.00 oere   Sammelje op it keatsfjild, sliepspul te plak
14.00 oere   Ôftraap keatskamp en klearmeitsje foar it trainen
15.00 oere   Trainen
17.00 oere   Ûnder de brûs
18.00 oere   Waarm ite
18.30 oere   Kabouters gean nei hûs (graach ôfmelde by de trener)
19.00 oere   Rekreaasje
21.30 oere   Sliepen jongste dielnimmer
21.30 oere   Aktiviteit skoaljeugd
Sliepe âldste dielnimmers

Ferslach dei 1: Keatskamp nûmer seis mei as tema de kriichsmacht! De Skoalleseize fol takken, camouflagekleuren, legersokken, helmen en ûnderbroeken oan de waskline. De lieding wie der klear foar. Earst lâns de kontrôle fansels om striidstrepen op de wangen te krijen en ûnder in tafel troch te tigerjen. De shirts moat dit jier fertsjinne wurde, dus fuort los mei trainen. Ek Rikkert de Kikkert krige trainen fan de kabouters en learde hokker foet foar stean moast. De kabouters earst noch mei de hannen yn de lym om mei papier maché helmen te meitsjen. Nei de broadsjes knak mochten de oaren dit ek dwaan. Op it lêst kamen der ek guons mei bledsjes en gers foar it echte camouflage-effekt. En no mar hoopje dat it snel droeget. De guons dy’t klear binne meitsje alfêst de flage foar de rekreaasje fan moarn: team read tsjin grien. No tiid om wat te tsjillen, tafeltennisjen, fuotbaljen (sjen) en wat sjipkes. En ja, dochs echt op bêd. Mar noch net allegear. De skoaljeugd wurdt noch efkes yn de buert dropt mei de meinommen rauwe aaien. De bern sels tochten al dat se hielendal yn Snits brocht wienen! In spannende reis werom dwers troch de fjilden. Mei polsstokken de boereplons en mei trije wiete rakkers as gefolch. En wat in lucht fan dy blauwe drek! Ek de skoaljeugd op bêd, lekker koese, moarn der wer foar.

Programma dei 2: Tongersdei 2 maaie

07.30 oere   Moarnsrin skoaljeugd
08.00 oere   Opstean
07.45 oere   Kabouters binne wolkom
08.15 oere   Moarnsbrochje
09.00 oere   Klearmeitsje foar it trainen
09.30 oere   Trainen
12.00 oere   Lunchen
13.00 oere   Rekreaasje troch it doarp
15.00 oere   Trainen
17.00 oere   Ûnder de brûs
18.00 oere   Waarm ite
19.00 oere   Taberiede ‘Bonte jûn’
19.30 oere   ‘Bûnte jûn’ mei nei ôfrin disko. Feestmomint foar freonen en famylje!
Bûnte jûn is oant ± 21.00 oere. Kabouters binne frij om te bliuwen as om no nei hûs ta te gean (graach ôfmelde by de trainer)
21.30 oere   Sliepe jongste dielnimmers
22.00 oere   Sliepe skoaljeugd

 

Ferslach dei 2: Tongersdei te moarn, it is rêstich wylst we oan it moarnsbrochje sitte. Fan de skoaljeugd is dat te begripen, sy hawwe de moarnsrin alwer yn de fuotten. Mar de rêst duorret net lang, tiid foar de twadde training. Mei in lytse bui is it noch te dwaan om de ballen te kearen, op- en út te slaan. De earste skoares foar de diploma’s wurde ek alwer helle. Nei trainen mei syn allen lunch mei in hapke bôle of beskút. Allegear teambuilding by it troch jaan fan de bûter en hageltsjes! Tusken de middei it doarp yn foar Libbend Stratego. De griene en reade flaggen mei, goed ferstopje en… ferdedigje. Suver spannend! Nei in tuskenstân fan 1-1 wêr’t it úteinlik 2-1 mei grutte winner! Lang tiid om te tsjillen wie der net, want de folgjende ronde fan trainen stiet op it programma. Allegear moasten se tuskentroch de papieren helmen spuitsje en fervje, mar ek noch drijfbal spylje mei echte wetterballonnen.

Alle bern koenen elkoar útdage tidens kamp, mar de bern daagden de lieding ek noch út om te fuotballen. Nei in 1-0 efterstan, wist de lieding dochs noch de bern yn te meitsjen mei 3-1, hoppa! Ûnder de brûs, oan de makaroany (makke troch de twa toppers Fetsje en Baukje Terpstra!) en op nei de bûnte jûn.    Presintatoren Fianne en Sander praatten de jûn flitsend oan elkoar. Fan kwissen oant dûnskes op de pasapas en Snollebollekes, fan beskút smare sûnder hannen (lekker hi Imke…) oant hiele tonielstikken dy’t oant de puntsjes ta betocht wie. Noch efkes dûnsje en kete, en jawol.. op bêd!

               

Programma dei 3: Freed 3 maaie

07.30 oere   Moarnsrin skoaljeugd
08.00 oere   Opstean
07.45 oere   Kabouters binne wer wolkom
08.15 oere   Moarnsbrochje
09.00 oere   Opromje en ynrin rekreaasje
10.00 oere   Ronde 1 – ûnderlinge wedstriidsjes
11.30 oere   Pankoek ite
12.00 oere   Ronde 2 – ôfslutende survival (âlders binne al wolkom!)
13.30 oere   Ôfsluting keatskamp, elts giet wer nei hûs

Ferslach dei 3: De moarn begjint normaal sprutsen mei in ferrassings kessengefecht fan de bern, mar dit kear wie de lieding se foar. Mei de megafoan kamen se subtyl om de hoeke sjen. Dit lieten de bern fansels net barre en namen revanche mei in kessengefecht!
Nei it moarnsbrochje stie der noch in drok programma te wachtsjen. Earst nei bûten, want mei in mijnenvegerspultsje en it meitsjen fan in puzzel koe elke kategory de kampshirts sykje. Dy binne no echt wol fertsjinne! De lêste bonuspunten binnen helle (auto’s binne wer super poetst!) en alle snoeppapierkes, smoarge sokken en lege loftbêden opromje. Tiid foar in ûnderlinge keatswedstriid. It begjint yntusken al wat hurder te waaien, mar we ha it noch bêst troffen.

Healwei tolven. Tiid foar pannekoeken! It liket wol as de bern in pear dagen gjin iten han hawwe, dit is smullen geblazen. Nei dizze koalhydraten op nei it lêste ûnderdiel, wat in ôfslutende survival wie. Op en rûnom it terrein binne allegear klim, sleep, til, slinger, lûk en balansear ûnderdielen klear setten. Teamwork om elkoar oer de sleat te helpen en om de spierballen goed te brûken. De ien kaam der wat skjinner of wieter út as de oare. It lêste bytsje enerzjy krigen we der sa ek noch wol út.

We slute ôf mei de útrikking fan de Keatskamp-bokaal en dit kear gean de pupillen jonges der mei de winst fantroch. Sy ha de measte bonuspunten by elkoar sprokkele. As lêste krige elke ‘soldaat’ syn of har diploma’s mei de prachtige aksjefoto en binne se ‘geskikt’ befûn foar it leger. It hat wer in geweldich moai kamp west, allegear tige TANK!

 

       

Foto’s groepen 

kabouters
Welpen
pupillen famkes
pupillen jonges

 

skoaljeugd
haadlieding

 

Oant takom jier!