Keatskamp 2020

Snein 6 septimber wie it dan einliks safier. De bern koene nei it keatskamp.
Y.f.m. korona dit jier ien dei. Mar fan die dei ha we in moai spektakel makke foar de bern!

It tema wie dit jier Simmer yn Easterein en de kleur giel. Prachtich kamen sa’n 40 bern rûn 10.45 oan yn in giele shirt of oare simmerske klean en in sinnebril. By it passearen fan de nammelist krigen de bern in moaie ansichtkaart en gongen se op de foto yn in ansichtkaart út Easterein.

De start fan it keatskamp bestie út in ferhaal wer simmerske foarwerpen nei foaren kamen. Ditselde foarwerp stie op de ansichtkaarten fan de bern. Nei it hearren fan it foarwerp mochten de bern oer de stoarmbaan fan wol 14 meter! Wat in wille!

Nei de start binne de bern út ein set mei twa kear in keatsparty. Keatse, der kamen we foar dochs? Fanatyk en leuk waard der yn in healoere keatst. Twa kear keatse, twa kear in oare maat.

Run 12.00 wie it tiid foar in hapke iten. It jierlikse pankoek ite en mei syn allen panne, panne, panne (koek, koek, koek) sjonge koe fansels net ûntbrekke. Mei man en macht is der bakt yn Easterein en omkriten en ha de bern genoaten fan de pankoeken. It rekord? In stik as 15? Is soe mar sa ris kinne.

Nei it pankoek iten binne we it doarp yn gongen foar spultsjes, yn hoe kin it ek oars it tema Simmer!

Simmer boartersguod sykje yn de sânbak, in strânbal foarút dwaan mei in wetterpistoal, ferklaaie yn

jawol winterklean en dan in lekkere ferrassing troch snije, noch efkes gekjeie op de stoarmbaan, in simmerske memory, jeu de boule, cocktail meitsje en goaie mei wetterballonnen. Tuskentroch moast der ek noch probearje wurde om net tikke te wurden troch yn pear fanatike tikkers. De bern ha sich ûntanks wat rein tige fermakke.

Mei noch ien kear oer de stoarmbaan en it bûkglidsjen sit ek dizze edysje fan it keatskamp der op! Hjirûnder noch wat prachtige foto’s fan ús geweldige dei! De bern, en ek wy, ha genoaten!

Oant takom jier!