Ferslach keatskamp 2021
Op twa maaie 2021 wie it wer safier, it achtste keatskamp alwer! Dit jier wie it tema; Marble Mania, knikker-gekte. Troch de Corona koene we dit jier spitigernôch mar ien dei keatskamp organisearje, krekt as foarich jier.
Om 9:00 moarns waarden alle leiders ferwachte, dat wiene dit jier tweintich. Alles moast klearsetten wurde foardat de 47 bern kamen. It waar wie kâld en omdat we net yn de Skoalleseize mochten hiene we de partytinte opsetten. Om 10:45 wiene de earste fanatyke bern al op it keatsfjild. Bij de yngong krige elkenien in blauwe, reade as giele pet, dit joech oan yn hokker groep se sieten. Alle leeftiiden sieten trochinoar. Elkenien hie thús WC-roltsjes sparre, we hiene in hiele bigbag fol.
It doel fan de dei wie om per groep safolle mooglik WC-roltsjes te sparjen. Oan it einde fan de dei wie dan it einspul wêrby se in salang mooglik knikkerbaan meitsje moasten.
We begûnen it keatskamp mei in iepeningswurd wêr alles útlein waard. Nei de útlis wie it tiid foar in groepsfoto, wat seach it der moai út mei al die gekleurde petsjes! Dêrnei moasten de bern mei harren groepke sa rap mooglik in knikker nei de finish bringe mei behulp fan WC-roltsjes. Foel de knikker op de grûn? Dan moasten se wer hielendal op’e nei begjinne. Doe wie it tiid foar de keatswedstriid. Twa kear in heal oere mei tuskentroch limonade en wat lekkers. Nei de spannende wedstriid wie it tiid foar de lunch. Elkenien krige in pûde mei in broadsje, wat drinken en in koekje. Ferskeidene bern hienen in handoek meinommen, wêrtroch we hearlik picknickt hawwe op it keatsfjild. Nei’t elk de lunch op hie, wie it tiid foar de rekreaasje.
De rekreaasje stûn hjoed fansels hielendal yn it teken fan de knikker-gekte. De ferskate kategoryien gongen mei harren trainers troch it doarp. Der wienen yn totaal seis plakken yn it doarp wêr in spultsje wie. Bij elk spultsje koene se per kleur WC-roltjes fertsjinje. Sa moasten de bern mei knikkers: kegelje, rôlje, balansearje, boeregolfe, sjoele en jeu de boule. Mar as se fan it iene spultsje nei it oare gongen, moasten se wol om de M&M’s tinke (‘Marble Mania’s’), at se tikke waarden troch de M&M’s, moasten je een WC-roltjes ynleaverje. En sels yn de kofferbak fan in auto sieten M&M’s!
Om 15:00 waard elkenien wer op it fjild ferwachte foar it einspul. It wie fansels tige spannend, want hokker groepke hie de measte WC-roltjes? Se hiene in pear minuten de tiid om in salang mooglike knikkerbaan te meitsjen mei help fan tape en in skjirre. Wa wie as earste oer de finish? Team Giel! Se krigen allegear in pûdsje snoep en mochten in partypopper ôf gean litte om it te fieren.
Undanks it kâlde waar ha de bern harren allerferskuorrendst fermakke. Folgjend jier hope we wer in hiel wykein organisearje te kinnen.