Keatskamp 2022 sit der wer op!!

Keatskamp 2022

Op 1 maaie kaam Rikkert de Kikkert it Olympysk fjoer bringen by de Skoalleseize. Hy brocht it fjoer foar it Olympysk Keatskamp. 37 Bern strieden foar de Olympyske titel. De kleuren fan de Olympyske sirkel fertsjinwurdigen de groepkes bern. Sa wienen der fiif groepkes mei elts harren eigen kleur switbân. Nei de iepening wie it tiid foar de groepsfoto’s, dit kear twa. Ien ‘gewoane’ groepsfoto en in foto mei in drone wer de Olympyske ringen útbeelden waarden troch de groepkes.

Doe gienen we troch nei it earste spultsje, de ballonentrap. Alle bern en lieding krigen in ballon om de foet, dizze moest sa lang mooglik om de foet bliuwe. Mei in soad fanatisme waarden de ballonnen kapot trape. Nei de ballonentrap waard it tiid foar it echte wurk, de groepkes krigen training. Se ha oefene op útslaan, keare en opslaan. Nei in lytse pauze mei wat ranja en in koekje wie it tiid foar in koarte keatswedstriid. Yn trije ketier strieden de bern om de measte earsten.

Om 13.00 wie it sa as elts jier, útsein foarich jier, wer tiid foar de pankoeken. In protte âlders ha yn it spier west om pankoeken te bakken foar de bern. Tige tank hjirfoar! Mei syn allen ha wy oan it picknicken west. We sieten op de grûn yn it sintsje te genietsjen fan in hapke en wat drinken. Sa no en dan wie der wat poedersûker dat net hielendal op de pankoek kaam, maar ‘per ûngelik’ yn hier fan de bern… oeps!

De bûkjes wienen wer fol, we koenen der wer tsjin oan. It wie tiid foar de spultsjes. Troch it hiele doarp stienen acht spultsjes klear. Sa ha we Olympysk blik goait, Olympysk skippybalt en Olympysk koekhapt. De fiif teams strieden om de measte punten.

Rûn in oere as trije kaam we allegearre werom op it keatsfjild. It wie o sa spannend, wa soe de medailles binnen slepe? Dit wie team blau, se krigen de grutte keatskamp wikselbeker mei spekjes en in leuke Rikkert de Kikkert sleutelhanger. Nei de priisútrikking hat Rikkert symboalysk út Olympysk fjoer út dien.

It wie in tige slagge dei en we ha sin oan takom jier, it 10e keatskamp!