Skip to content

It ljocht skimere troch de ôfplakte rúten, de hotelgasten ûntwaakten út in djippe sliep en wienen klear foar it moarnsbrochje. Mar foar de skoaljeugd wie it earst tiid foar de drege moarnsrin troch it doarp! 
De trainers en bern stienen te trappeljen om wer te trainen. Nei de earste training fan de dei namen we in stikje bôle. Fol fan enerzjy, gongen de bern dêrnei it doarp yn foar it smokkelspul. By dizze spultsjes koene bonuspunten fertsjinne wurde foar de keatskampbokaal. Dêrnei wie it tiid foar de lêste training fan it keatskamp. Fansels dêrnei allegear noch ûnder de brûs. Nei dat de bern wer lekker opfrist wiene, stie de makaroany klear en koene we oanfalle. Doe wie it yn it hotel tiid foar de tarieding fan de bûnte jûn. De bûnte jûn stie ûnder lieding fan Niels Hiemstra en Nyka Ottens. Der kaam fan alles lâns: tonielstikjes, in musykkwis, twa grutte rockers, playbacken mei toskenboarstels en gean sa mar troch. De stimming siet der goed yn en eindige yn in grutte, gesellige disko!  De measten wiene wurch fan de drokke mar leuke dei en leinen dêrom al rap (gelokkich foar de lieding) te sliepen. It wie wer in slagge dei. Op nei de lêste dei! 

 

Foto-ympresje fan dei 2.

 

 

 

 

De keatskampkommisje! Mei alle help fan de frijwilligers meitsje se der wer in prachtich spektakel fan!

 

 

Bûnte jûn

 

 

Party-time!

 

 

Back To Top