Keatskamp op reis!

Op reis, dat is it tema dit jier foar it fjirde Keatskamp. De tariedingen binne foar it grutste part dien, wy binne der klear foar! Klear foar de trije duorjende reis, mei de tsjek-in op moandei 24 april yn de Skoalleseize.

Nei de kontrôle fan de dûane sille der allegear spultsjes, iten en trainingen ûnderdompele wurde yn it tema. In soad keatsen fansels, mar mei derby in hiele grutte poarsje wille. 

De organisaasje leit yn hannen fan Marije foar de rekreaasje, Sieta foar iten en drinken, Imke foar PR en… Marco Rijpkema is nij oanskood as fierde bestjoerslid. Hy nimt yn plak fan Bauke Dijkstra de organisaasje foar de trainingen foar syn rekkening.

Jim kinne ús yn de gaten hâlde op facebook.com/keatskamp, Twitter, kfeasterein.nl of kom ris lâns om te sfear rjochtstreeks mei te krijen. Foaral tiisdei te jûn sil wer in hichtepunt wêze mei de Bûnte jûn.

It ôftellen is begûn! Hasta luego en see you soon!  

De keatskampkommisje,

Marco, Marije, Sieta en Imke