Keatskes 02-07-2017

It reinde in protte de lêste dagen, mar lokkich reinde it ék wer prizen! Sa’t jim yntusken went binne folgje hjirûnder de ferskillende prestaasjes.

 

TONGERSDEI 29 JUNY

 

Easterlittens, IFK Jeu de Peloten

 

3e priis: Bauke Dijkstra, Dirk-Yde Sjaarda, Hendrik Bouwhuis, Jan Schurer, Robert Sijbesma. De mannen koene it krekt net rêde tsjin Ljouwert om in plak yn de finale te bemachtigjen, se ferlearen krekt mei 8-6.

 

 

FREED 30 JUNY

 

Boazum, federaasje, ôfdieling

 

2e priis, welpenfamkes: Fianne Dijkstra, Brecht Stegenga, Nienke Zijlstra

 

 

2e priis, pupillenfamkes: Liset Sijbesma, Judith v/d Weerdt, Marije Zijlstra

 

 

1e priis, pupillenjonges: Arjen Stremler, Redmer Stegenga, Jesper Paauw

 

 

1e priis, famkes: Julia Paauw, Alien Dijkstra, Selma de Boer

 

 

SNEON 1 JULY

 

Winsum, NK skoaljonges

Siebo Boersma, Jelmer Brouwer en Bauke Reijnhoudt moasten it yn de 1e omloop opnimme tsjin Reduzum. Nei in spannende en lyk opgeande striid wûn Easterein mei 5-5/6-0. Yn de twadde omloop wie Winsum de tsjinstanner, sy wiene in maatsje te grut: Easterein ferlear mei 5-0.

 

Mantgum, Jong Famme partij

Yn Mantgum de klassieker foar de froulju junioaren. Foar Easterein keatsten Roelie Kroondijk, Janieke Dijkstra en Corrie Kroondijk. Minnertsgea wie yn de 1e omloop te sterk foar de froulju, se ferlearen mei 5-3/6-2.

 

 

SNEIN 2 JULY

 

Wytmarsum, famkes, t.i.l.

 

1e priis A klasse: Jeska Terpstra

2e priis A klasse: Selma de Boer

 

 

1e priis ferl. B klasse: Corrie Kroondijk

 

 

Pingjum, froulju, f.f.

 

2e priis haadklasse: Imke van der Leest  

 

 

2e priis 1e klas: Sietske Okkema en Marije Hiemstra

 

 

Minnertsgea, manlju 50+, t.i.l.

 

 

 3e priis, A klasse: Roel Sijbesma

 

 

1e priis B klasse: Douwe Durk Reitsma

 

 

 

                          

 2e priis ferl. B klasse: Ype Tiemersma

 

Allegear fan herte lokwinske mei jim prizen!

 

Kommend wykein (8 july) stean der wer in pear NK’s op it programma.

 

Oan it NK junioaren dogge Bote Jellema, Rémon Tie Bouma en Doede Rients Okkema mei. It NK is yn Wier en de oanfang is 10.00 oere.

 

Yn Froubuurt is it NK foar de manlju 50+: Sipke Hiemstra, Tjeerd Dijkstra en Simon Kingma sille harren keunsten hjir sjen litte. Ek hjir begiet it om 10.00 oere.

 

Fanôf dit plak winskje wy jim in protte sukses!