Keatskes: 04-08-2013

Sneon wie de moaiste wedstriid foar de famkes fan 14-16 jier yn Hitsum, de Ald-Meiers. Sneons de lotting foar de Freule en fansels beide jonges-ôfdielingswedstriden op sneon yn Wytmarsum en snein yn Frjentsjer. Foar Easterein yn it wykein amper suksessen, mar wat barde der wol?

 

 

 

Sneon 3 augustus

 

KNKB

 

Hitsum – Famkes – Ald-Meiers

It wie in prachtige dei yn Hitsum op de 14de Ald-Meiers. Geweldige organisaasje en sa’n bytsje de helte fan it doarp (230 ynwenners) is frijwilliger. De tariedings begjinne al wer yn septimber, dat se binne der yn Hitsum wol mei dwaande en dat is te sjen! Komplimenten!

20130803 Ald-Meiers

De famkes fan Easterein koenen gjin potten brekke, dat wie tsjin Ie yn in sucht en skeet foarby. We hienen fierstentefolle opslachfouten en úteinlik pakke we mar 12 punten yn de partij en ferlieze mei 5-0:6-2. Baukje, Dian en Nyncke Pytsje koenen har hjoed net sjen litte wylst se wol mear yn har mars hawwe.

 

Peins waard de moaie en ferrassende winner. Yn de spannende finale waard fan Drornyp wûn. De tredde priis gie nei it partoer fan Wjeslryp. In slagge dei mei in soad publyk.

 

 

 

Wytmarsum – Jonges – ôfdielings

De jonges Bote Jellema, Doede Rients Okkema en Remon Tie Bouma wûnen de 1e omloop fan Jelsum-Koarnjum-Britsum, mar ferlearen dêrnei fan Minnertsgea mei 5-4.

 

 

 

Snein 4 augustus

 

KNKB

 

Wytmarsum – Manlju haadklasse frije formaasje

Nei it sukses op de PC yn Frjentsjer ha Jelte PIeter Dijkstra, Herman Sprik en Jelte Pieter Dijkstra hjoed ek in sukses helle yn Wytmarsum. Se winne earst fan Jan Dirk de Groot, Marten Feenstra en Pier Piersma en fverslaan dan de PC winners Johan vd Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma. Yn de finale wurdt ferlern van Gert Anne vd Bos, Taeke Triemstra en Daniel Iseger.

 

 

Dongjum – Pupillenfamkes A+B

20130804 Doanjum pupillenfamkes

Yn de A-klasse wie der in 2e priis foar Selma de Boer mei Eline Koree, Anjum. Se ferlearen de finale mei 5-4:6-6.

Yn de B-klasse ek in finaleplak foar Roelie Kroondijk mei Anna Rixt Iedema fan Menaam. Hja ferlieze de finale mei 5-2:6-4.

Yn de Klasse verliezersronde is der in 1e priis foar Corrie Kroondijk mei Ilse de Vries fan Berltsum. De finale wurdt hjir wol wûn en mei 5-0:6-4.

 

 

Boalsert – Welpenjonges A+B

20130804 Boalsert Welpenjonges

Siebo Boersma wint de 1e priis yn Boalsert mei Haye Tseard van der Hem. Yn de finale stie hy tsjinoer Redmer Wiersma dy’t dus mei Doede Jager de 2e priis wûn. Twa welpenjonges fan Easterein dy’t op de list stienen en ek nochris beide yn de finale! In spannende en moaie keatsdei, sa skriuwt Wilma Bonnema dy’t ek de foto makke hat.