Freule: 2e omloop foar Easterein

De freule fan 2013 wie net de freule foar Bote Jellema, Doede Rients Okkema en Remon Tie Bouma.

Yn de 1e omloop treffe se earst Tsjummearum en dat wurdt wûn mei 5-3:6-6. De stân docht al bliken dat it net in makkie wie. Oan beide kanten tafolle opslachfouten, mar de ballen dy’t der yn wienen dy sieten ek fuort. Bote sloech foar minst op en bûten perk, Doede Rients foar bêst op en foaryn en Remon Tie efteryn en op de boppe. Op 2-1 kom ik efter it perk fan Easterein en it 4e earst giet nei Tsjummearum op 6-6 nei in sitbal.

De mannen pakke 4-2 as earst Tsjummearum 2 kear bûten slacht op 4-4 en as Doede Rients in sitbal op de kwea slacht by 6-2. Dan stiet it 4-4 en twa keatsen en Bote pakt de 1e keats mei in sitbal. Mar dan slacht Doede Rients twa kear kwea op en is it 4-3. Hy hat sa’n lingte en kin it hiele perk bestrike. Noch krekt wat mear kontrôle oer de bal en it sil noch better gean. Yn it folgjende earst pakt Remon Tie beide keatsen en op 6-2 wit Doede Rients de 5-3 te pakken mei in sitbal.

20130807 Freule1

Yn it lêste earst komt der in keats en Bote slacht trije kear op en docht dat ien kear goed, 2-4 en dan in twadde keats. Remon Tie pakt de 1e keats, 4-4, Tsjummearum slacht bûten, 6-4, der komt in keats en Doede Rients bringt de bal bûten. Op 6-6 slacht hy wer op en Tsjummearum slacht út en de bal rollet oer d eperklinen rjochting de kwea en de karmaster dy’t der stiet wiist yn. Mar Tsjummearum seit (terjochte) dat it noch in lytse keats wie. It die bliken dat de karmaster foar in oar perk yn wees. De skiedsrjochter freget de karmasters op de foarline, mar beide ha se it net sjoen. In nije slach! Doede Rients nochris op en hy pleatst in moaie sitbal op de kwea!

 

20130807 Freule2

Yn de 2e omloop treffe se Frjentsjer mei Marco de Groot as de grutte man. Him útskeakelje en dan soenen we kâns ha. Eilaas, dat slagge net. We komme wol earst in buordsje foar, mar mear soenen de jonges net helje. As Remon kwea útslacht op 6-2 wurdt it 1-1. Dan wurdt op 6-2 en 6-0 de bal bûten de linen slein troch Doede Rients en steane we 3-1 efter. Marco de Groot fan Frjentsjer slacht goed op en liedt syn partoer ek goed.

 

De snelle ballen fan Marco binne Remon Tie somtiden te machtich en op 6-4 wer kwea út, 4-1 De oanmoedigings fan Eastereinder fans en dat wienen nochal wat koenen ek net helpe. Dit kear slacht Doede Rients de bal kwea op 6-2, 5-1. Der waard oer de hiele dei in soad kwea slein troch de keatsers. Efter de bal skikke soenen je sizze. Op 6-4 kin Doede Rients de keats net foarby en we binne fan de list fan de Freule.

Spitich mannen!

Frjentsjer sil letter de 4e list helje en ferlieze dan fan Hijum-Feinsum mei 1-5:6-6, wol in 5e priis.

 

Sjoch foar de Freulefoto’s by Henk Bootsma Fotografie

 

Al it Freulenijs op de KNKB-site