Keatskes: 1-6-2014

De keatskes fan de keatsdagen 29 maaie oante mei 1 juny! Prachtige keatsdagen yn Easterein mei as hichtepunt de Federaasjedei op freed. De prachtige winst fan de pupillenfamkes op snein by de ôfdieling en de moaie 4e priis fan de manlju fan Easterein yn Tsjummearum.

20140601 Huzum PupillenfamkesOfd 

 


Tongersdei 29 maaie

FERIENING

Easterein – Senioaren lustrumwedstriid

Mei 12 partoer by de manlju en 8 partoer by de froulju in prachtige dielname op dizze lustrumpartij. Nei de 1e omloop koe men ek nochris genietsje fan in hearlik buffet, oanbean troch Couerpus Hydrauliek, Leanbedriuw Okkema, Bos Mechanisatie, Drukkerij vd Eems, Gebr Vellinga en Noflik Easterein. Noflik Easterein hie it buffet fersoarge.

Sjoch foar útslaggen en foto’s by Wedstriidútslaggen, Leden

 

 

KNKB

Tsjummearum – Haadklasse manlju ôfdieling

20140529 Tsjummearum ManljuhaadklasseOfd 

Yn Tsjummearum wie de tradisjonele ôfdielingswedstriid op Himelfeartsdei. Easterein wie dêr mei Doede Rients Okkema, Dirk Yde Sjaarda en Bauke Dijkstra. Se wûnen de 4e priis! De 1e omloop waard wûn fan Hearrenfean 2 mei 5-2:6-2. Dêrnei waard knap wûn fan Bitgum mei 3-5:2-6. Yn de 3e omloop wie Wytmarsum de tsjinstanner en dat waard wûn mei 5-3:6-0. Doede Rients rekke blessearre yn dizze omloop oan de ankel. Yn de 4e omloop hat Sybrand vd Wey noch meidien tsjin Easterlittens dat ferrassend wûn mei 3-5:2-6.

 

Dronryp – haadklasse froulju ôfdieling

Easterein 2 ferliest it krekt op 5-5:6-4 nei in efterstân fan 5-1. Tineke Dijkstra, Sietske Okkema en Jelien Pompstra ferlearen fan Dronryp. Easterein 1 mei Marije Hiemstra, Martine Tiemersma en Imke vd Leest ferlearen de 1e omloop fan St Anne.

Buertdoarp Wommels mei Anne-Brecht Bruinsma, Sjanet Wijnia en Anke Marije Pompstra hellen de finale en ferlearen dêr fan Berltsum mei 5-1:6-2

 

 

 


 

Freed 30 maaie

FEDERAASJE / KNKB

In bjusterbaarlike keatsdei yn Easterein! Moarns begûnen de senioaren mei 52 keatsers en letter de jongerein mei 136 keatsers! De haadklasse manlju en froulju yn Easterein waard goed besocht en de dei waard moai besluten mei de muzyk fan Down Town live. In tige slagge keatsdei.

Sjoch foar de útslaggen by Spesjaal Nijs, Federaasjedei 2014.

 

 


 

Sneon 31 maaie

KNKB

Achlum – Manlju 1e klas t.i.l.

Yn Achlum stie ús foarsitter nei syn earste grutte keatsdei yn dy funksje alwer op it keatsfjild foar de 1e klas wedstriid senioaren t.i.l. Tegeare mei Pieter-Jan Plat fan St Anne en Erwin Zijlstra fan Easterlittens winne se de 2e priis. De finale waard ferlern mei 2-5:2-6.

 

Hartwert – Skoalfamkes ôfd + t.i.l.

20140531 Hartwert Skoalfamkesofd-til

Yn Hartwert wie der in 3e priis foar Alien Dijkstra mei Jiska Herrema fan Menaam. Yn de ôfdielingswedstriid moast Alien mei Julia Paauw de 1e omloop tsjin Easterein 1 dy dat wûnen. Easterein 1 mei Mirjam Punter, Selma de Boer en Jeska Terpstra ferlearen dêrnei fan Berltsum.

 

Stiens – Pupillefamkes A+B

20140531 Stiens PupillenfamkesA

Yn de A-klasse in 2e priis foar Corrie Kroondijk en Esmee de Groot, Koarnjum.

 

Tsjom – Welpenjonges A+B

Yn de ferliezersronde wint Siebo Boersma de 1e priis mei Jorrit Nanninga fan Dronryp

 

 


 

Snein 1 juny

Hurdegaryp – Manlju 50+A+B

20140601 Hurdegaryp Manlju50A

Der is in 1e priis foar Douwe Durk Reitsma mei Jan Sipma, Frjentsjer en Dirk Poortstra, St Jakob.

 

Wommels – Froulju haadklasse ôfdieling

De lêste wedstriid foar froulju ôfdieling en dus eigenlik de generale foar it NK op sneon 21 juny yn St Jakob. Easterein 1 wûn de 1e omloop fan .. Mar de 2e omloop gie ferlern tsjin Wommels mei Anna/Brecht Bruinsma, Judy Bergsma en Anke Marije Pompstra mei 5-2:6-4

 

Easterein 2 wûn de 1e omloop mei 5-0:6-0 fan Deinum en moasten de 2e omloop tsjin it sterke Berltsum. Dat koenen se net risse en se ferlearen mei 5-2:6-2.

 

Wommels kaam yn de heale finale nei in knappe 5-1:6-4 winst op Berltsum. De heale finale giet ferlern tsjin Easterlittens mei 5-4:6-6. Ljouwert wûn ferrassend dizze ôfdielingswedstriid.

 

Penjum – Jonges A+B

20140601 Penjum JongesB

In 2e priis foar Bote Jellema mei Habtamu Emke de Hoop (Wommels) en Anton Buwalda (Skettens).

 

Grou – Famkes ôfdieling

Nei in steand nûmer yn de 1e omloop wurdt troch Martine Kooistra, Baukje Terpstra en Janieke Dijkstra ferlern fan Marssum mei 5-4:6-2.

 

Wytmarsum – Skoalfamkes A+B

20140601 Wytmarsum SkoalfamkesA

Yn de A-klasse wit Jeska Terpstra in 2e priis te winnen mei Jannica vd Ploeg (Stiens).

20140601 Wytmarsum SkoalfamkesB

Yn de ferliezersronde fan de B-klasse is der in 1e priis foar Selma de Boer mei Anna Rixt Iedema (Menaldum) en in 2e priis foar Alien Dijkstra mei Anne Ennema (Sexbierum).

 

Huizum – Pupillenfamkes ôfd.+t.i.l.

20140601 Huzum PupillenfamkesOfdgroep

Easterein mei Roelie en Corrie Kroondijk en Machtelt Veltman winne dizze ôfdielingswedstriid. Se winnen fan Berltsum mei 5-3:6-6. Dan wurdt er wûn fan Seisbierrum mei 5-1:6-2 en steane se yn de finale nei in steand nûmer. Yn de finale tsjin Winsum en mei alles oan de hang, 5-5:6-6, slacht Winsum de bal foar en komt Easterein yn de krânsen.