Keatskes: 10-07-2016

Op de NK’s foar de junioaren en foar de 50+ gjin suksessen foar de Eastereinder partoeren. Teatsen yn Easterein, Boalserder keatswykein en we komme yn de fakânsjetiid en steane foar de wiken fan de wedstriden op woansdei, Minnetsgea, Easterein-Jong-Feinte, PC, Ald-Meiers (sneon) en Freule.

 

Freed 8 july

Boalsert – Froulju haadklasse

Marije Hiemstra wint mei Sjoukje Visser en Martzen Deinum de krânse yn Boalsert. Yn de finale wurde Tineke Dijkstra mei Anouk Tolsma en Sjanet Wijnia mar krekt ferslein. 5-5:6-6!

20160708 BoalsertHaadklassefroulju1

20160708 BoalsertHaadklassefroulju2

Hommerts-Jutryp – Federaasje Jongerein

By de Federaasje foar de jongerein wienen der ferskate prizen! By de welpen in 3e priis foar Jesper Paauw. By de pupillenjonges in 2e priis foar Rutger Sijbesma. By de jonges in 4e priis foar Kees vd Horst en by de junioaren in 2e priis foar Remon Tie Bouma en Janieke Dijkstra.

Foto’s fan dizze partij: http://myalbum.com/album/XUQDgchHekcs

20160708 HommertsJutrypFederaasje 

 

Sneon 9 july

Goaiïngea – NK Manlju 50+

Foar Easterein kamen yn de krite de mannen Tjeerd Dijkstra, Roel Sijbesma en Simon Kingma. Fuortdaliks los tsjin ien fan de kânshawwers op de titel, Frjentsjer. De mannen joechen goed partij, maar ferlearen doch, mei 4-5:6-6. Frjentsjer wint it NK.

 

Berltsum – NK Junioaren

Doede Rients Okkema, Remon Tie Bouma en Jan Schurer, ferline jier 2e op de Jong-Feinte winne de 1e omloop fan Doanjum mei 1-5:0-6. Yn de 2e omloop tsjin Tsjummearum, dat ferlern wurdt mei 2-5:4-6. Frjentsjer wint it NK.

 

Stiens – Froulju 1e klasse

Martine Tiemersma wint mei Serena Hovenga en Melissa Hiemstra de 1e priis yn de ferliezersronde. De 2e priis is foar Jeska Terpstra mei Annet de Haan en Marije Hellinga.

20160709 StiensFroulju1eklasse 

Easterwierrum – Skoalfamkes B

De 1e priis foar Machteld Veldman mei Silke Heinsma.

20160710 EasterwierrumSkoalfamkesB 

Tsjom – Pupillenjonges

Op dizze prinse- en prinsessenpartij is der in 3e priis foar Arjen Stremler mei Durk Bootsma. En yn de ferliezersronde in 2e priis foar Jelmer Brouwer mei Folkert Boersma en in 3e priis foar Rutger Sijbesma mei Pieter Breeuwsma.

20160709 TsjomPupillenjonges

 

Snein 10 july

Seisbierrum-Pietersbierrum – Famkes A

De 1e priis foar Jeska Terpstra mei Jennie Terpstra en Hester Bruinsma.

20160710 SeisbierrumFamkesA

Seisbierrum-Pietersbierrum – Famkes B

De 2e priis foar Roelie Kroondijk mei Aletta van Popta en Anna Rixt Iedema en yn de ferliezersronde in 2e priis foar Alien Dijkstra mei Lobke Vlasbloem en Hester Zijlstra.

20160710 SeisbierrumFamkesB

Letter mear …