KFE: Ferskaat nijs 14-7-2016

Karmastershirts te keap!

 

Sa jimme wol witte en wierskynlik ek wol sjoen ha, ha we prachtige nije karmastershirts sadat we der by de wedstriiden wer tige kreas op stean!

De âlde karmastershirts ha we ek noch en dizze shirts ‘goaie’ we yn de FERKEAP!

Foar mar 5 euro kinne jo eigner wurde fan it earste karmastershirt fan KF Easterein.

Foar mear ynformaasje mail nei fmk@kfeasterein of nim kontakt op mei Christian Hoekstra!


Wer-Iepening Sportpark De Skoalleseize

 

Stichting De Skoalleseize ha yn gearwurking mei de sportferienings en in soad frijwilligers ferskate saken dien op sportpak De Skoalleseize.

Fansels is it grutste projekt de oanlis fan it keunstgersfjild (haadfjild) mei alle fasiliteiten lykas ferljochting en hekwurk ensafh.

Mar ek oare saken lykas renovaasje fan de klaaiboksen, de renovaasje en grutter meitsjen fan it B-fjild foar it keatsen en noch folle mear sa as it opnij beklaaien fan de stuollen troch Geart Dijkstra en kontrôle/oanpak fan al it houtwurk troch Sjoerd Zijlstra. En ek de A-junioaren binne mei Klaas Overal al drok dwaande west mei de tariedings om it keunstgersfjild.

 

Op WOANSDEI 5 OKTOBER 19:00 oere sil der in weriepening plakfine fan it sportpark.

 

Programma û.o.

– Fuotbalwedstriid A-junioaren SC Heerenveen tsjin it earste alvetal van v.v. S.D.S.

– Aktiviteiten jeugdcommissie v.v. S.D.S.

 

Nei de simmerfakânsje folget mear ynformaasje oer de weriepening en programma

 

Stichting Skoalleseize


12de edysje fan de Jong-Feinte

 

Op de 4e woansdei fan july is de Jong-Feintepartij – 27-july-2016 – 10:00 oere

Fansels hoopje we wer op in like moaie list as de lêste twa jierren en net de ferjitten de grutte publike belangstelling die elk jier waakset!

Elk, en seker de ynwenners fan Easterein, is fan herte wolkom!

 

Dat ris genietsje fan it keatsen fan fûleindige Jong-Feinten yn de striid om de Sulveren Leest?

Kom del op Sportpark De Skoalleseize! 

De Jong-Feinte dei, foar elk!