Keatskes: 10-05-2015

It wykein mei in soad prizen foar de Eastereinder keatsers en keatsters. Yn in soad klassen wie der sukses en in soad krânsen. Sa wûn Jan Schurer syn 1e krâns op de manlju haadklasse en freondinne Marije Hiemstra wûn op deselde dei yn Boalsert de krânse by de froulju 1e klasse. Roel Sijbesma wie foar it twadde wykein suksesfol by de manlju 50+. Op 9 maaie waard de krânse ophelle út Hilversum!

 

 


 

Sneon 9 maaie 


Hilversum – Manlju 50+ t.i.l.

In twatal Eastereiners binne sneon ‘hielendal’ nei Hilversum ôfreizige mei it doel prizen mei nei hûs te nimmen, en dit is slagge!

De krâns wie foar Roel Sijbesma mei Henk Woppenkamp en Gerrie Otter. Sy wûnen de finale mei 5-4 6-0.

20150509HilversumManlju501

De striid om de tredde priis wie ek spannend en dat eindige op 5-4 6-4 yn it foardiel fan Roel Venema, Sipke Hiemstra en Jan Veenstra.

20150509HilversumManlju502

 

Frjentsjer – Froulju Haadklasse ôfd.

Twa partoer foar Easterein op de list yn Frentsjer. Om 10 oere mocht Easterein 1 mei Sietske Okkema, Imke v.d. Leest en Martine Tiemersma oantrede tsjin Easterlittens. Sy ferlearen dizze partij spitigernôch. 

 

Easterein 2 mei Tineke Dijkstra, Marije Hiemstra en Jelien Pompstra moasten los tsjin Boazum. Nei in achterstân fan 3-0 wist Easterein har earste buordsje te pakken. It ferskil bliuwt echter grut en op 5-2 6-2 wurdt de partij ferlern.

 


Snein 10 maaie


Frjentsjer – Manlju Haadklasse t.i.l.

Jan Schurer wint syn earste krâns fan it seizoen tegearre mei Johan van der Meulen en Taeke Triemstra op de útnoegingspartij foar manlju haadklasse yn Frjentsjer. Yn de earste omloop winne se mei oertsjûgende sifers fan Jelle Attema, Alle Jan Anema en Pier Piersma (5 – 1 6-4). Ek de heale finale giet rap tsjin Martijn Olijnsma c.s. (1-5 4-6) en yn de finale wurdt it partoer fan Menno van Zwieten, Laas Pieter van Straaten en Hendrik Kootstra ferslein mei 5-3 6-4. 

20150510FrjentsjerHaadklassemanlju 

 

Grou – Manlju 1e klasse ôfd.

Easterein stie op de list mei Doede Rients Okkema, Bauke Dijkstra en Marten Faber.

 

Kimswerd – Froulju Haadklasse f.f.

Op de froulju haadklasse partij yn Kimswerd wie der 1 Eastereiner fertsjinwurdige: Imke van der Leest. Sy mocht mei har maten Nicole Hempenius en Renske Terwisscha van Scheltinga fuort oan ‘e bak tsjin Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. “Hempenius c.s. kaatste degelijk, foutloos en zeer gedreven”, wat resultearre yn in moaie oerwinning fan 5-4 6-0.

 

Op de twadde list sloech Imke op 5-3 6-6 de keats foarby tsjin Sanne Velsma, Wiljo Sybrandy en Aukje van Kuiken en sa stiene se yn de finale. Yn de finale wie it partoer fan Lisette Wagenaar c.s. te sterk en wie der op in stân fan 5-1 6-4 in twadde priis foar Imke van der Leest mei har maten.

20150510KimswertHaadklasseFroulju

 

Boalsert – Frouljue 1e klasse f.f.

In protte Eastereiners op de earste frije formaasje partij foar de frouljue 1e klasse yn Boalsert. Op de earste list keatsten Marije HiemstraMartine Tiemersma en Sjanet Wijnja tsjin Tineke Dijkstra, Esther Wagenaar en Annalien Broersma. Marije c.s. wûn de partij mei 5-3 6-2 en Tineke c.s. behellen letter yn de herkansingsronde noch in twadde priis.

 

Sietske Okkema, Jelien Pompstra en Sandra Hofstra wûn de earste omloop fan Ilse Noorman, Melissa Rianne Hiemstra en Marike Beckers en kamen sa Marije c.s. tsjin yn de twadde omloop. Dit waard in spannende partij mei om en om buordsjes en in protte 6 gelyk. Marije, Martine en Sjanet lutsen úteinlik oan it langste ein en it waard op in stân fan 5-5 6-2 útmakke. 

 

Nei in oerwinning op de tredde list tsjin Evelien Westra, Judy Bergsma (3e priis) en Sandra Hofstra (ynfallen), koe de finale keatst wurde tsjin Marije van der Meer, Klasine Huistra en Louise Krol. It like in maklike oerwinning te wurden toen Marije, Martine en Sjanet samar 5-1 foar kamen te stean, mar it oare partoer focht werom tot 5-3 6-6. Toen waard de bal bûten slein en koene de krânsen om it Eastereiner/Wommelser partoer hongen wurde. 

20150510BoalsertFroulju1k

 

Burgwert – Famkes ôfd.

Easterein mocht it mei de famkes Mirjam Punter, Jeska Terpstra en Baukje Terpstra de earste omloop opnimme tsjin Wytmarsum.

 

Winsum – Skoalfamkes A-klasse t.i.l.

Winsum – Skoalfamkes B-klasse t.i.l.

Yn Winsum wie de krâns foar Selma de Boer dy tegearre mei Rixt Wijnia de beste wie fan de 4 partoer yn de A-klasse.

20150510WInsumSkoalfamkes2 

Yn de B-klasse wie de krâns foar Dian Dijkstra en Roelie Kroondijk. Sy wûnen yn de finale fan Anna Joostema en Corrie Kroondijk.

20150510WinsumSkoalfamkes1

 

Raerd – Welpejonges t.i.l.

In tredde priis foar Redmer Wiersma, tegearre mei Jens Kooistra.