Keatskes: 17-05-2015

Tongersdei op Himelfeartsdei de tradisjonele ôfdielingswedstriden yn Tsjummearum en Dronryp en fansels de ledewedstriid yn Easterein. Yn it wykein troffen de bruorren Bauke en Jelte Pieter Dijkstra elkoar twa kear yn de finale, dit seizoen al trije kear! It wie it wykein fan Bauke, want hy wûn twa krânsen. Us foarsitter Dirk-Yde Sjaard is werom op it fjild en sloech fuort ta mei frije formaasje maten en doarspgenoaten Bauke Dijkstra en Jan Schurer. Mar ek yn de Federaasje dogge we tige goed mei! SJoch by 15 maaie. 

 


Tongersdei 14 mei


 

Tsjummearum – Haadklasse manlju ôfdieling

Doede Rients Okkema, Bauke Dijkstra en Jan Schurer ferlieze yn de 1e omloop fan Ljouwert mei 2-5:4-6.

 

Dronryp – Haadklasse froulju ôfdieling

Easterein wie der mei twa partoeren. Easterein 2 mei Tineke Dijkstra, Sietske Okkema en Jelien Pompstra ferlieze de 1e omloop tsjin Easterlittens, 1-5:6-6.
Easterein 1 mei Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Martine Tiemersma winne fan Wiuwert-Britswert, 5-4:6-4, dan fan Easterlittens mei 1-5:0-6, mar ferlieze dan fan de lettere finalist Boazum mei 5-3:6-0

 

Easterein – Witteveen&Brouwerpartij

Abe en Annie Stegenga EK yn de krânsen! 

20150514EastereinAA 

 


Freed 15 maaie


 

Reahus – Federaasje welpen, pupillen en skoalbern

By de welpen de krânse foar Arjen Stremler mei Sascha vd Vlugt. De 2e priis wie foar Marieke Altenburg mei Afke Marij vd Goot.

20150515ReahusWelpen1

20150515ReahusWelpen2

By de pupillenfamkes de krânse foar Amber Reijhoudt mei Hieke Bootsma en in 2e priis ferleizers foar Tessa Ottens en Inez de Jong.

20150515ReahusPupillenF1

20150515ReahusPupillenF2

By de pupillenjonges in 1e priis ferliezers foar Jelmer Brouwer mei Niels de Boer en Haye Hylkema

20150515ReahusPupillenJ1

By de skoalbern de 3e priis foar Hendrik van der Eems mei Wiebren Posthuma en Myrthe de Boer

20150515ReahusSkoalbern

En ek by de famkes/jonges foelen prizen! Julia Paauw wint de krânse mei Fabian Noordbruis en Redmer Huitema. De 1e priis ferliezers is foar Jeska Terpstra en Mirjam Punter mei Hessel de Groot. De 2e priis ferliezers is foar Rutger Wiersma mei Timen van Gelderen

20150515ReahusFamkesJonges1

20150515ReahusFamkesJonges1F 

20150515ReahusFamkesJonges2F


Sneon16 maaie 


 

Berltsum – Manlju 1e klasse t.i.l.

Bauke Dijkstra wint mei Michiel Scheepvaart en Patrick Scheepstra de krânsen nei winst op Jelte Pieter Dijkstra, Hendrik Jan vd Velde en Rick Poortstra mei 5-2:6-2. Dit wie de 2e kear al dat de bruorren Dijkstra elkoar treffe yn de finale

20150516BerltsumManlju1k1

20150516BerltsumManlju1k2 


Snein 17 maaie 


 

Arum – Manlju 1e klasse frije formaasje

Yn de finale treffe de beide bruorren Dijkstraelkoar wer en wer is it Bauke dy wint, dit kear mei maten Dirk Yde Sjaarda (werom fan in blessuer en fuort de krânse!) en Jan Schurer. Jawol, frije formaasje, mar wol allegear út Easterein. Mei 5-2:6-4 winne se fan Jelte Pieter Dijkstra, Hendrik Jan vd Velde en Evert Pieter Tolsma.

20150517ArumManlju1eklas

Foto: Lijkle Spijksma

Bij de foto: achter v.l.n.r. Bauke Dijkstra, Dirk-Yde Sjaarda en Jan Schurer.

Voor v.l.n.r. Jelte Pieter Dijkstra, Evert Pieter Tolsma en Hendrik Jan van der Velde

 

 

Berltsum / Froulju 1e klasse frije formaasje

In 3e priis foar Marije Hiemstra en Martine Tiemersma mei Sjanet Wijnia. Yn de ferliezersronde gie de finale tusken Tineke Dijkstra mei Esther Wagenaar en Annelien Broersma tsjin Sietske Okkema en Jelien Pompstra mei Sandra Hofstra.

20150517BerltsumFroulju1k3 

20150517BerltsumFroulju1kF2

 

Seisbierrum – Skoalfamkes ôfdieling en t.i.l.

It skoalfamkespartoer fan Easterein mei Roelie Kroondijk, Selma de Boer en Corrie Kroondijk winne de 3e priis by de ôfdielingswedstriid. Easterein ferlear yn de heale finale fan Seisbierrum.

20150517SeisbierrumSkoalfamkesOfd3 

Yn de opstap-wedstriid t.i.l. is der in 2e priis foar Alien Dijkstra mei Dian Dijkstra, Wier

20150517SeisbierrumSkoalfamkesTil2 

Boazum – Pupillenjonges A+B t.i.l.

Siebo Boersma hie de 2e priis yn de ferliezerronde mei Rink Rudmer Sterk fan Berltsum

20150517BoazumPupillenjonges

 

Rie – Welpenjonges t.i.l.

Redmar Wiersma stie mei Jan-Tymen Eisma, Tsjom yn de finale tsjinoer Arjen Stremler mei Doede de Jager, Tirns. Redmar en Jan-Tymen wûnen mei 5-4:6-2

20150517RieWelpenjonges1

20150517RieWelpenjonges2 

Wolsum – Welpenfamkes t.i.l.

Marieke Altenburg fan Hidaard wint mei Amarins Gerbrandy de 2e priis yn de ferliezersronde

20150517WolsumWelpenfamkesF2