Op woansdei begûn de keatswike al. Wat dat oanbelanget komme we no ek yn de woansdeis fan de bysûndere en grutte keatspartijen. Lykas no woansdei yn Minnertsgea de haadklasse manlju en froulju.
Opfallend wie dat (hast) alle Dijkstra’s (Tjeerd, Mattie, Bauke en Tineke) yn de prizen kamen dizze wike. Datselde wie ek it gefal by de famylje Hiemstra (Sipke, Eefje en Marije), by de Okkema’s (Tjerk, Sietske).
Takom wike woansdei is it al safier, dan ha we de 10de Jong-Feinte!
Woansdei 9 july
Wier – Manlju 1e klasse
Yn Wier wie it de wedstriid fan alles oan de hang. Yn de finale kamen Dirk-Yde Sjaarda, Erik Haitsma en Erwin Zijlstra tsjinoer Hendrik Tolsma, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden. Op 5-5:6-6 slacht Dirk-Yde bûten. Itselde barde yn de striid om de 3e priis ferlearen Jelte Pieter Dijkstra, Hendirk Jan vd Velde en Sjoerd de Jong doe de lêste de bal ek bûten de linen brocht.
Freed 11 july
Boalsert – Froulju haadklasse t.i.l.
De start fan it Boalserter keatswykein wie op freed 11 july. Fan Easterein stienen op de list Imke vd Leest en Martine Tiemersma. Martine wist mei Rianne Vellinga en Manon Scheepstra de finale te heljen en dy ek noch te winnen mei 5-3:6-4.
Imke vd Leest wûn de 1e omloop mei Nelie Steenstra en Anke Marije Pompstra, mar ferlear de twadde. Yn de striid om de 3e priis wienen se dúdlik sterker, 5-2:6-2.
Foar mear foto’s sjoch op Henk Bootsma Fotografie
Sneon 12 july
Easterein – Posthumapartij
Yn de krânsen by de froulju kamen mem Talitha en dochter Dian. By de manlju wienen dat Danny Roos, Tjeerd Dijkstra en Tjerk Okkema.
Sjoch by Wedstriidutslaggen – Leden
Itens – Manlju 1e klasse
De krâns foar Bauke Dijkstra en syn frije formaasjematen Gosse Beeksma en Rudolf Soepboer. Hja wisten op it smûke en gesellige fjild fan Itens de finale te winne mei 5-3:6-2 fan Enno Kingma, Pieter Jan Plat en Jouke Bosje
Foar mear foto’s sjoch op Henk Bootsma Fotografie
Tytsjerk – Manlju 50+AB
In 3e priis foar Sipke Hiemstra mei Auke Kuiken en Evert Heeg.
Winsum – Froulju 1e klasse f.f.
Der stienen fiif froulju fan Easterein op de list en 4 kamen yn de prizen. De krânsen wienen foar Marije Hiemstra, Marit Kuperus en Wiljo Sijbrandij.
De 3e priis wie foar Tineke Dijkstra mei Maaike Osinga en Lilijan Kingma.
Yn de ferliezersronde noch in 1e priis foar Jelien Pompstra mei Nieke Wateler en Feikje Bouwhuis
Menaam – Skoalfamkes AB
Yn de A-klasse de 2e priis foar Jeska Terpstra mei Kim Dijkstra fan Makkum
Yn de B-klasse in 2e priis foar Mirjam Punter mei Anna Ennema fan Seisbierrum
Eksmoarre – Welpenjonges
Der wienen twa prizen yn de ferliezersronde. De 1e priis wie foar Rutger Sijbesma mei Jens Rienk Jepkema (Húns)
en de 2e priis wie foar Redmer Stegenga mei Rutger Kumbangsila (Dronryp)
Snein 13 july
Rie – Manlju 1e klasse ôfdieling
Foar Easterein mocht Bauke Dijkstra op paad mei de twa keatsende bestjoersleden Dirk Yde Sjaarda en Skelte Anema. En dat gie tige goed!
De mannen kamen yn de finale tsjin Frjentsjer, mar dat partoer wie krekt te sterk, 5-3:6-4.
In prachtige 2e priis foar Easterein.
Sjoch foar mear foto’s op de KNKB_site
St Anne – Froulju haadklasse en 1e klasse frije formaasje
Op de haadklasse stie allinnich Imke vd Leest en dy koe it net risse mei Nicole Hempenius en Harmke Siegersma. Se ferlearen fan Iris vd Veen cs.
Yn de 1e klasse stienen mar leafst 7 froulju op de list. Gerry Edou Mollema ferfong Anna Brecht Bruinsma by it partoer mei Jildou van DIjk en Jildou Sweering. Se ferlearen mar krekt mei 5-5:0-6 fan Martine Tiemersma mei Nieke Wateler en Geke de Boer. Mar Martine en har maten kamen ek net fierder dan de 2e omloop.
Wol yn de prizen kamen Sietske Okkema en Jelien Pompstra, 3e priis en Marije Hiemstra 3e priis en Tineke Dijkstra en Marit Kuperus, 1e priis ferliezers.