Keatskes: 16-06-2013

It wykein fan de NK’s foar famkes en jonges en ek de sneon fan de Fryske Olympiade. Snein yn Easterein in froulju haadklasse-partij (net beheind) mei 19 partoeren!

 

 

Freed 14 juny

 

KNKB

 

St Jacob – Froulju haadklasse útnoeging

20130614 StJacob Frouljuhaadklasse 

Yn St Jacob komt Imke vd Leest yn de krânsen mei Nicole Hempenius en Geke de Boer, de nije maat fan Imke en Marije Hiemstra. Geke nimt it plak yn fan Bianca vd Veen.

Se winne de finale mei 5-1:6-2 fan Iris van der Veen, Marike Beckers en Miranda Scheffer.

 


 

FEDERAASJE

 

Ysbrechtum – jongerein

20130614 Ysbrechtum Federaasje1

Yn Ysbrechtum is in federaasjepartij foar de jongerein. Hendrik van der Eems hie in 1e priis yn de ferliezersronde.

20130614 Ysbrechtum Federaasje2

Jeska Terpstra hie de 2e priis by de skoalbern.

Sjoch foar alle foto’s op de site fan K.V. Yn ‘e Flecht.

 

 


 

 

Sneon 15 juny

 

 

Fryske Olympiade

 

 

 

Burgum – Haadklasse froulju

 

Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Bianca vd Veen winne in 3e priis op de Fryske Olympiade. Se winne mei 5-5:6-4 fan Rianne Vellinga, Marike Beckers en Miranda Scheffer. Se makken ûnderdiel út fan it team fan Frits Wester.

Sjoch foar mear nijs op de site fan Fryske Olympiade.

 

KNKB

 

 

Ljouwert – Manlju 50+ A-B

Yn Ljouwert stienen fjouwer 50-plussers op de list. Sipke Hiemstra, Eppie Heins, dyt’ met Age vd Goot fan Goaiïngea keatsten en de 3e priis wûnen yn de B-klasse.

Douwe Durk Reitsma en Roel Sijbesma keatsten mei Jetze Nagel van Makkum, mar se hienen gjin priis. 

 

 

Drylst – Famkes pupillen ôfdieling en t.i.l.

20130615 Drylts FamkespupullenOfdieling 3epriis0 

Corrie Kroondijk, Roelie Kroondijk en Selma de Boer en in grutske begelieder, Ype Tiemersma, helje in moaie 3e priis yn Drylst op de ôfdielingswedstrijd. De 1e omloop wurdt fan Menaam wûn, 5-1:6-2. De 2e omloop tsjin Seisbierrum wie in spannende partij, mar lokkich ek wûn mei 5-5:6-4. Tsjin Makkum wie de start goed, samar 4-2 foar. Mar de famkes fan Makkum kamen werom oant 4-4 en winne fan ús, 4-5:6-6.

(Fan Annette Kroondijk)

20130615 Drylts FamkespupullenTIL 3epriis 

Ek sukses yn de t.i.l.-partij. Dêr wint Machtelt Veldman de 3e priis mei Wia Otte fan Goutum.

 

 


 

Snein 16 juny

KNKB

 

Marsum – Manlju 1 klasse frije formaasje ûnbeperkt

20130616 Marsum Manlju1eklasse

Jelte Pieter Dijkstra, Sjoerd de Jong en Peter de Boer winne de 3e priis. De heale finale gie ferlern mei 5-0:6-0 tsjin Haye Jan Nicolay, Hendrik Jan v/d Velde en Tjisse Steenstra.

 

 

Easterein – Haadklasse froulju frije formaasje ûnbeperkt

20130616 HH HaadklasseFr 2e Prijs Easterein

Sietske Okkema, Anke Winkel en Jelien Pompstra winne yn Easterein de 2e priis op dizze haadklassewedstriid.

Sjoch foar it ferslach en foto’s by 16-06-2013 Froulju Haadklasse ûnbeperkt 

 

 

Huins – Pupillen famkes A+B

20130616 Huins FamkespupillenA

Selma bliuwt mar prizen winnen! Dit kear in 2e priis yn de A-klasse mei Joanne Broeders fan Rie.

20130616 Huins FamkespupillenB

Yn de B-klasse kaam Roelie Kroondijk mei Marije Sweering, Folsgeare yn de finale en wûnen de 2e priis.

 

 

Jirnsum – Welpenjonges ôfdieling en t.i.l. 

Mar leafst twa partoeren welpenjonges op dizze ôfdielingswedstriid. Partoer 1 mei Siebo Boersma, Rutger Sijbesma en Thijs Janssen keatse tsjin Seisbierrum-Pietersbierum en …?

Partoer 2 mei Redmer Wiersma, Bauke Reijnhoudt en Tjalle Durk van der Eems ferlieze fan Boalsert mei…

20130616 Jirnsum Werlpenjongestil2epriis 

Yn de t.i.l.-wedstriid stiet Tjalle Durk yn de finale en wint de 2e priis Thomas Dijkstra fan Berltsum! Se ferlieze mei 5-1:6-4 de finale.

 

 

Jirnsum – Welpenjonges ôfdieling en t.i.l. 

By de welpenfamkes stienen Amber Reijnhoudt, Marrit Hiemstra en Nynke Paauw op de list foar Easterein. Se ferlearen fan Reduzum. Yn de t.i.l. foelen de froulju net yn de prizen