KNKB NK: Famkes en jonges

knkb logo webFamkes op de dei sels

De famkes begûnen mei in moaie oerwinning op Hallum. Baukje Terpstra, Dian Dijkstra en Nyncke Pytsje Terpstra winne mei 5-5:2-6 fan Hallum en yn de twadde omloop tsjin Wjelsryp mei de suskes Hofstra. Dit wurdt ferlern mei 4-5:4-6.

Wommels wurdt Nederlânsk Kampioen, lokwinske. Sjoch de KNKB-site.

 

 

Jonges op de dei sels

De jonges helje de 3e omloop! Bote Jellema, Doede Rients Okkema en Remo Tie Bouma begjinne de dei mei winst op Rie, 5-1:6-2. Dan winne se ek fan Seisbierrum mei 2-5:6-6.

Yn de 2e omloop is Tsjummearum te sterk en ferlieze de mannen mei 3-5:4-6. Dronryp wurdt Nederlânsk Kampioen, lokwinske! Sjoch de KNKB-site.

 


 

 

Sneon 15 juni binne de Nederlânske Kampioenskippen foar de famkes en de jonges.

 

Beide wedstriden binne ek live te folgjen op de KNKB-site

 

Der wienen ferskate partoeren by de LOTTING yn Frjentsjer. 

 

 

Famkes

 

De famkes keatse yn Dronryp en der steane 17 partoeren op de LIST.

 

Foar Easterein keatse de famkes Baukje Terpstra, Dian Dijkstra en Nyncke Pytsje Terpstra. Se binne partoer 8 en begjinne tsjin Hallum,

 

SUKSES Famkes!

 

 

Jonges

 

De jonges keatse yn Berltsum en der steane 42 partoeren op de LIST.

 

Foar Easterein keatse de jonges Bote Jellema, Doede Rients Okkema en Remon Tie Bouma. Se binne partoer 15 en begjinne tsjin Rie.

 

SUKSES Jonges!