Keatskes 17-09-2017

De lêste keatskes fan dit seizoen… It keatsseizoen is wer omflein! No is it tiid foar oare sporten as efkes neat dwaan;-).

 

Dit wykein gjin prizen mear foar de Eastereiner leden op de Oldehove partij yn Ljouwert. Ek gjin prizen op de Kippetjespartij, dizze gie net troch yn ferbân mei it wiete waar.

 

Fansels noch wol omtinken foar it breidspear Jan en Marije Schurer-Hiemstra. Sy stapten ôfrûne freed yn it houliksboatsje en wat seagen se der prachtich út!! Us lokwinsken gean út nei Jan en Marije, wy winskje jim in leafdefol houlik ta!

 

The happy couple…

 

 

We hâlde jim fansels fia de webside op’e hichte at der wat te melden is; de wyklikse keatskes pakke we takom maaitiid wer op.

 

We hoopje dan dat we in pear redaksjeleden fûn hawwe om ús hjir by te helpen! It is net in protte wurk, at je wat aardichheid mei de kompjûter én Fryske taal ha dan ist in leuke klus. Dêrneist: we dogge it mei ús allen, ‘vele handen maken licht werk’…

 

Ast no tinkst: dat is krekt wat foar my as wolst der mear oer witte skroom dan net en nim kontakt mei ien fan ús op.

 

Wy winske jim in moaie winter ta!

 

Nammens de webredaksje,

 

Dirk-Yde, Karin, Mattie, Wiepkje en Wilma