Keatskes: 17-8-2014

It wykein fan de Generale foar de frouljus PC yn Akkrum en it wykein fan min waar foar de keatsers. Yn Easterein wie de Bos partij foar de jongerein.
En wat dienen de keatsers fan Easterein dit wykein.

 

 


Sneon 16 augustus

 

 

Easterein – Bospartij jongerein

De lêste ledepartij fan it seizoen (der folge noch wol nachtkeatsen en de slotjûn op 5 septimber) wie de Bospartij foar de jongerein.

Sjoch by Wedstriidutslaggen, Leden

 

Easterlittens – Manlju 50+ A+B

Yn de A-klasse wie der in 3e priis foar Douwe Durk Reitsma mei Johan Hiemstra, St. Anne en Jan Buitenga, St. Nyk. Yn de B-klasse binne der twa 3e prizen. Dy wurde meinaam troch Sipke Hiemstra mei Wibe Hoitenga, Boazum en Ruurd Hofstra, Wjelsryp. En troch Roel Sijbesma mei Jan Brandsma, Grijpskerk en Wiebe Idema, Gytsjerk.

20140816 Easterlittens Manlju50B 

Achlum – Skoalfamkes A+B

Yn de A-klasse alwer in krânse foar Jeska Terpstra, dizze kear mei Joanne Elise Broeders, Rie.
Se winne de finale mei 2-5 6-6.

20140816 Achlum Skoalfamkes 

Burgum – Pupillenfamkes A+B

Der wie in 2e priis yn de ferliezersronde foar Machteld Veldman mei Iris Oosterbaan, Scharnegoutum.

20140816 Burgum PupillenfamkesB

 

 

 


Snein 17 augustus

 

Froubuurt – Manlju 1e klasse frije formaasje

Dirk-Yde Sjaarda kaam mei Erik Haitsma en Gerrit Jan Duiven yn de finale tsjin Jan Dirk de Groot, Dylan Drent en Hans Wassenaar. Die waard mar krekt ferlern op 5-5:6-0. Op de list stienen 23 partoeren.

 

Akkrum – Generale frouljus PC.

Op dizze general foar de frouljus PC mei earst noch droech waar, mar letter in pear beste buien, kamen de (âld)-Eastereiner froulju net yn de prizen.

Anke Marije Pompstra mei Marije vd Meer en Klasina Huistra ferlearen fan Nelie Steenstra cs mei 5-5:6-6 nei in 5-1 foarsprong . Alle earsten dêrnei waarden 6-6!

Sietske Okkema en Jelien Pompstra mei Anke WInkel ferlearen mei 5-1:6-2 fan Nynke Sinnema cs.

Martine Tiemersma wint wol de 1e omloop mei Nieke Wateler en Geke de Boer fan Evelien Westra cs mei 5-3:6-4, mar ferlieze dan fan Nynke SInnema cs mei 5-2:6-2.

Imke vd Leest mei Ncole Hempenius en Harmke Siegersma winne de 1e omloop fan Elly Hofman cs mei 1-5:4-6, mar felieze fan Lisette Wagenaar cs mei2-5:4-6

Se sizze wolris: in slechte generale….!

 

Doanjum – Pupillenfamkes AB

Roelie Kroondijk wint mei Anna Rob, WInsum de krânsen yn Doanjum yn de A-klasse

20140817 Doanjum PupillenfamkesAB

Hommerts-Jutryp – Welpenjonges AB

Yn de A-klasse wint Redmer Wiersma mei Marten Leyenaar (Exmorra) de 3e priis mei 5-5:6-6.

Rutger Sijbesma wint mei Jildert Wijbenga (Arum) de 1e priis yn de ferliezersronde. De finale wurdt mei 5-4 wûn. De 2e priis wie foar Siebo Boersma mei Jelmer Foppe Drijfhout (Poppenwier)

 

 

Letter mear…