Keatskes: 18-05-2014

It wykein fan Dirk-Yde Sjaarda mei twa krânsen! Sneon’s yn Lollum-Waaksens yn de 2e klas t.i.l. wedstriid (nog gjin foto…) en sneins yn Deinum emi it frije formaasjepartoer.

En we hienen in primeur yn Easterein. De earste teatswedstriid yn it bestean fan de feriening.

 

Winners fan de earste teatswedstriid yn Easterein 

20140518 Easterein Teatsen2

Jan Bouke Bouma, Petra Jellema en Marten Faber.

 

 


Freed 16 maaie

Drylst – Federaasje Jongerein

Mar leafst 97 keatsers yn Drylst en ferskate priiswinners út Easterein! (Foto’s: Joke Wiersma)

 

Famkes/Jonges

 20140516 Drylst FamkesJonges

1e priis Johannes Reiker (Scharnegoutum), Jeska Terpstra (Easterein) en Anniek Folkerstsma (Folsgare)

1e priis ferl. Rémon Tie Bouma (Easterein), Sander Renzo Pranger (Snits) en Lisanne Folkertsma (Folsgare)

 

Skoalbern

20140516 Drylst Skoalbern 

2e priis Rutger Wiersma (Easterein) en Redmer Huitema (Jutrijp)

1e priis ferl. Kees van der Horst (Easterein) en Hessel de Groot (Scharnegoutum)

 

Pupillen famkes

20140516 Drylst Pupillenfamkes 1e priis Corrie Kroondijk (Easterein) en Yfke Dotinga (Drylts)

1e priis ferl. Hieke Bootsma (Tirns) en Nynke Paauw (Easterein)

 

Welpen famkes en jonges

20140516 Drylst Welpen 

3e priis Redmer Stegenga (Easterein) en Marieke Altenburg (Hidaard)

1e priis ferl. Rutger Sijbesma (Easterein) en Inez de Jong (Lytsewierrum)

2e priis ferl. Redmer Wiersma (Easterein) en Frieda Hofman (Hommerts)

 

 


Sneon 17 maaie

Frjentsjer – Manlju 1e klas

20140517 FrjentsjerManlju1eklas

Johannes van der Veen, Bauke Dijkstra en Jouke Bosje winne de 1e priis. Yn de finale fersloegen se it partoer fan Peter van Zuiden, Krijn Hiemstra en Rick Poortstra met 5-2 en 6-2. Jan Dirk de Groot, Pieter Jan Plat en Johan Diertens waarden 3e.

 

Lollum-Waaksens – Manlju 2e klas

It partuur fan Dirk-Yde Sjaarda, Yde Miedema (Boalsert) en Tjibbe Hansma ( Mûnein) binne sneon winner wurden op de t.i.l. wedstriid 2e klasse. Se winne mei 5-3 en 6-6 fan Remmelt Bouma, Mart Van der Molen en Siebe Greidanus.

 

Goaiïngea – Manlju 50+ A+B

20140517 GoaiïngeaManlju50

Roel Sijbesma wint de krânsen yn de B-klasse mei Andries Idzerda (Goutum) en Eddy van der Lei (Ljouwert)

 


 

FEDERAASJE

Jellum-Bears – welpen/pupillen

Fan Wilma Bonnema krige we berjocht dat yn Jellum-Bears by de welpen Judith van der Weerdt en Siebo Boersma op de list stienen. Siebo hie in 2e priis.

20140518 FED Jellum Bears 

By de pupillen stien Bauke en Amber Reijnhoudt op de list en Bauke wûn de krânse!

In moaie dei seit Wilma, mar net folle opjefte, mar leuk keatst!

 

 


Snein 18 maaie

Easterein – Earste teatswedstrijd foar leden

20140518 Easterein Teatsen1

Ferline wike soe der foar it earst teatst wurde mar mei te min opjefte en min waar ha we as bestjoer besluten om de wedstriid in wike op te skowen, it wie in goeie beslissing west want mei 18 dielminners koe der in 2 poule fan 3 partoer keatst wurde.

Yn poule 1 waar spannend keatst alle spullen einigje dan ek mei 5-5 der wy it partoer fan Hendricus Tacoma, Rene Velzen en Jikke Velzen it sterkst en gongen troch nei de finale yn poule 2 wy der mear ferskil mei de einstân it partoer fan Marten Faber Petra Jellema en Jan Bouke Bouma wyn der it sterkste . De finale gong tusken it partoer fan Marten Faber en Hendrikus Tacoma der waar spannend keatst mei in einstân fan 5-5 6-2 wûn it partoer fan Marten Faber. 

 


Menaam – Manlju 1e klasse f.f.

20140518 MenaamManlu1eklasse

Foar Bauke Dijkstra in moai wykein mei twa kear in finaleplak. Sneon de krâns yn de t.i.l. wedstriid en no in 2e priis mei syn frije formaasjepartoer mei Gosse Beeksma en Rudolf Soepboer. De finale waard ferlern fan an-Dirk de Groot, Dylan Drent en Hans Wassenaar mei ….

 

Deinum – Manlju 2e klas f.f.

20140518 DeinumManlju2eklas

Yn de heale finale wint Dirk-Yde Sjaarda, Erik Haitsma en Siebe Greidanus fan Willem Jan Postma, Bart Gietema en Redmer Strikwerda. Op 3-4 en 6-6 soarge Erik Haitsma mei in boppeslach foar de oansluting. Op 4-4 en 6-6 sloech Siebe Greidanus boppe (de moaiste fan de dei!) en dus wie it 5-4 foar syn partoer. Op 5-4 en alwer 6-6 miste Willem Jan Postma it perk.

De finale tusken Hendrik Tolsma, Terry van der Eng en Jan Sjoerd Tolsma en Dirk-Yde Sjaarda c.s. gie lyk op. Op 4-4 en 6-4 koe Siebe Greidanus de keats net foarby, mar in earst letter op 5-4 en 4-6 die er dat wol en dus soarge hy der foar dat it 5-5 waard. It lêste earst waard in sneue searje missers fan Jan Sjoerd Tolsma oan de opslach.

 

Penjum – Froulju haadklasse f.f.

20140518 PenjumFrouljuhaadklasse

Foar Imke vd Leest in 3e priis mei Nicole Hempenius en Harmke Siegersma nei winst op Rianne Vellinga, Marike Beckers en Miranda Scheffer, 3-5:4-6. De 1e wedstriid waard wûn mei 4-5:6-6 tsjin Sanne Velsma c.s.. De heale finale gie ferlern tsjin Liesette Wagenaar c.s., 3-5:0-6

 

 

Penjum – Froulju 1e klasse f.f.

20140518 PenjumFroulju1eklasse1

Yn de finale fan de 1e klas stienen de susters Pompstra tsjin oer elkoar. Anke Marije mei Marije vd Meer en Klasine Huistra hienen nei in steand nûmer op de 1e list de 2e omloop wûn fan Anna-Becht Bruinsma c.s., 5-0:6-6 en wûnen de heale finale fan Tineke Dijkstra, Marit Kuperus en Melissa Rianne Hiemstra mei 1-5:6-6 en Tineke en Marit dus in 3e priis.

20140518 PenjumFroulju1eklasse2
Sietske Okkema, Anke Winkel en Jelien hienen de 1e omloop wûn mei 3-5:2-6 fan Rixt Hettinga c.s. en de twadde omloop fan Elly Hofman c.s., 5-3:6-2 en yn de heale finale fan Evelien Westra c.s., 5-3:6-2. Yn de finale wienen Marije, Klasina en Anke Marije better en wûnen mei 5-1:6-6.

20140518 PenjumFroulju1eklasse3

 

Huizum – Jonges B t.i.l.

20140518 HuizumJongesB1

Der wie in 1e priis foar Bote Jellema mei Jisse Kemper en Willem van de Beek

20140518 HuizumJongesB2
Yn de ferliezersronde wie der in 2e priis foar Rémon Tie Bouma, Jouke Dotinga en Hielke Beijering

 

Wommels – Famkes A+B

Yn de B-klasse in 3e priis foar Baukje Terpstra mei Franke Jager (Dronryp) en Brechtsje Jorritsma (Poppenwier).

 

Workum – Skoalfamkes Ofdieling en t.i.l.

20140518 Workum SkoalfamkesOfd 

(Ferslach fan Wiepkje Hiemstra)

1e list: Easterein 1 tsjin Easterein 2; it is in spannende striid, om’t Easterein 2 best keatst en Easterein 1 wat stekjes falle lit. Easterein 2 komt 1-0 foar, mar dêrnei rint Easterein 1 troch nei 5-1. Easterein 2 komt wol werom oant 5-4. Dêrnei is it oer en gean de froulju fan Easterein 1 troch yn de ôfdielingslist en meie Alien en Julia keatste by de troch-inoar-lotters.

 

2e list: Seisbierrum-Pietersbierum tsjin Easterein 1; nei de kopkes wer op skerp te hawwe setten, giet it dizze omloop poerbest! Easterein wint 5-0 en is dêrmei troch nei de 3e list. En der wachtet in steand nummer op in omloop dy’t je it bêste treffe kinne: foar de finale!

 

Mei ús 4-en besjogge we yn de heale finale de taktyken fan Makkum tsjin Berltsum. Makkum wint en wurdt (sa as ferwachte) ús tsjinstanner. Helaas binne dizze fammen noch in maatsje te grut foar ús en winne sy mei 5-1:6-6. Mar in prachtige moaie 2e priis foar Easterein 1 mei Jeska, Mirjam en Selma!

 

1 Makkum: Boukje Ellen Bosma, Lobke Vlasbloem, Kim Dijkstra;

2 Easterein: Mirjam Punter, Selma de Boer, Jeska Terpstra;

3 Berltsum: Hester Zijlstra, Margriet Miedema, Fleur Dijkstra.

 

 

Bitgum – Pupillenfamkes A+B 

20140518 Bitgum PupillenFamkesA

Yn de A-klasse in moaie 2e priis foar Corrie Kroondijk mei Larissa Smink Makkum.

20140518 Bitgum PupillenFamkesB

Yn de B-klasse in 3e priis yn de ferliezersronde foar Anna Boukje Altenburg, Hidaard mei Tanya Bakker Dongjum

 

Rie – Welpen jonges

20140518 RieWelpenjonges

Der wie in 3e priis foar Rutger Sijbesma en Matthijs Renema, Dronryp. 

Yn de ferliezersronde in 1e priis foar Redmer Wiersma en Jan-Tymen Eisma, Tsjom (5-5:6-4)