Keatskes: 25-05-2014

We begjinne de keatskes mei de útslaggen fan Federaasje Snits! Yn Boazum wie der in federaasjewedstriid foar de jongerein. HIeltyd faker krije wy berjochten fan âlders dy’t op de Federaasjewedstriden binne mei harren bern. Hartstikke moai en tige tank!

 


Freed 23 maaie

 

FEDERAASJE

Boazum – Jongerein

 

Welpen

1e priis Daniel van der Weerdt en Johan Cnossen út Gau

20140523 Boazum FedSnits-3 

Skoallbern

2e priis Feike Douwe Zijlstra út Abbega, Marit Folkertsma út Folsgare en Roelie Kroondijk

20140523 Boazum FedSnits-2

1e priis ferl Kees v d HorstJelger de Boer út Hommerts en Afke Ligthart út Gau

20140523 Boazum FedSnits-1 

Jonges/Famkes

1e priis ferl Jeska Terpstra en Rijkel Dotinga út Ylst

 


Sneon 24 maaie

FEDERAASJE

Boazum – Senioaren

20140524 Boazum Fed ManljuA 

Bote Jellema en Rémon Tie Bouma wûnen mei Jouke Dotinga de 2e priis yn de ferliezersronde fan de A-klasse op de Boazumermjittepartij.

 

 

KNKB

Niawier-Metslawier

20140523 Niawier-Metslawier Haadklassemanlju

In finaleplak en in 2e priis foar Jelte Pieter Dijkstra (Hearrenfean) mei Jacob Klaas Haitsma en Steven de Bruin. Yn de finale waard krekt ferlern, 5-5:6-2. 

 


Snein 25 maaie

KNKB

Huns-Leons – Manlju 1e klasse f.f.

Dirk-Yde Sjaarda, Erik Haitsma en Siebe Greidanus stienen yn de finale yn Huns-Leons, mar ferlearen fan Enno Kingma, Pieter Jan Plat en Jouke Bosje.

 

Berltsum – Froulju haadklasse en 1e klasse f.f.

Yn de haadklasse komt Imke vd Leest mei har frije formaasjepartoermaten Nicole Hempenius en Harmke Siegersma yn de finale tsjin Lisette Wagenaar c.s.. Dit wurdt ferlern mei 1-5:4-6. De 1e omloop wûn fan Nynke Sinnema c.s. mei 3-5:4-6 en de heale finale fan Rianne Vellinga c.s. mei 1-5:4-6

20140525 Berltsum FrouljuHaadklasse 

Op de 1e klasse is der in 3e priis foar Sietske Okkema, Anke Winkel en Jelien Pompstra. Hja ferlieze de heale finale fan Evenlien Westra c.s. mei 2-5:4-6. Ferline wike noch yn de finale tsjin Marije vd Meer, Klasine Huistra en Anke Marije Pompstra, dy’t no wer yn de finale stienen, mar ferlearen op 5-5:6-6 troch in boppeslach fan Marrit Zeinstra, dy’t ynfallen wie foar Annelien Broersma by Evelien Westra en Esther Wagenaar.

 20140525 Berltsum Froulju1eklasse2

20140525 Berltsum Froulju1eklasse3

 

Skingen-Slappeterp – Manlju 50+ t.i.l.

Op dat moaie fjildsje tusken Skingen en Slappeterp wûn Sipke Hiemstra de 3e priis mei Dirk Pootstra St. Jakob en Piet Stellingwerf Harns.

Yn de ferliezersronde in 2e priis foar Roel Sijbesma mei Henk Noordbruis Marsum en Siebe Marra Dronryp.

 

Marssum – Jonges ôfdieling

Bote Jellema, Remon Tie Bouma en Kees vd Horst ferlieze de 1e omloop fan Hijum-Finkum en yn de t.i.l. net net yn prizen.

 

Burchwert – Famkes ôfdieling en t.i.l.

Baukje Terpstra, Martina Kooistra en Janieke Dijkstra ferlieze de 1e omloop by de famkes ôfdiieling yn Burchwert fan Raerd. Raerd kaam letter yn de finale en ferlear fan Wommels.

20140525 BurchwertFamkes

Martine Kooistra hie in 3e priis mei Allette Popma en Corina de Vries.

 

 

Arum – Skoalfamkes ôfdieling

Mirjam Punter, Selma de Boer en Jeska Terpstra ferlearen de 1e omloop fan Rie op de ôfdielingswedstriid. …

 

Boalsert – Pupillenfamkes ôfieling 

Roelie Kroondijk, Nynke Paauw en Corrie Kroondijk winne de 1e omloop fan Dronryp 2 mei 5-1:6-2. Dêrnei tsjin Reahûs Turns wurdt wûn mei 5-0:6-2. Dêrnei tjsin it sterke Makkum foa rin plak yn de finale, mar dat slagget net, 5-3:6-6. In moaie 3e priis.

20140525 Boalsert PupillenfamkesOfd1

20140525 Boalsert PupillenfamkesOfd2

 

Hallum – Welpenjonges A+B t.i.l.

20140524 Hallum WelpenjongesA

Yn de A-klasse stiet Redmer Wiersma mei Yoeri Buitenveld fan Bitgum en hja winne de 2e priis!

20140524 Hallum Welpenjonges 

In 2e priis yn de ferliezersronde foar Siebo Boersma mei Tjerk Andringa fan Reahûs. Opfallend is it t.i.l.-shirt fan Reahûs mei de haadstiper fan K.F. Easterein. Moai no!

We krigen ek noch in hiel aardich berjocht fan Wilma Boersma: “Wij wilden nog wel even laten weten dat het perfect voor elkaar was in Hallum. Kids kregen limonade, wij koffie met cake en soep en broodjes. Er werd sportief en vlot doorgekaatst, het was een gezellige sfeer! Dat mag ook wel eens worden gezegd!”

Letter mear….