Keatskes: 20-09-2015

It wykein fan de kippetjespartij mei 217 partoeren en sa’n 651 keatsers! Gigantysk spektakel en in soad Eastereinder keatsers en keatsters nei Winsum. En yn Ljouwert de haadklasse manlju en froulju en de ôfslúting fan it keatsseizoen op it fjild. Op 31 oktober is de seizoensôfsluting yn Easterein by Noflik mei de feestjûn foar alle keatsers en keatsleafhawwers!

Ljouwert – Froulju haadklasse

Der dienen 4 froulju fan Easterein mei. Imke vd Leest keatste mei Nicole Hempenius en Louise Krol en ferlieze de 1e omloop mei 5-4:6-2. Sietske Okkema en Martine Tiemersma keatse mei Margriet Bakker en winne de 1e omloop mei 5-5:6-6 as Sietske op dy stân in sitbal slacht! Dêrnei moatte se tsjin Marije Hiemstra, Sandra Hofstra en Manon Scheepstra. Dy ha de 1e omloop wûn mei 5-4:6-0 en winne ek fan Sietske endy mei 1-5:6-6. Marije endy winne ek de finale mei 5-3:6-0 en dus yn de krânsen.

20150920Ljopuwert Frouljuhaadklasse

Winsum – Kippetjespartij

20150924Winsum KippetjesDYS

651 keatsers yn 217 partoeren yn 2 klassen, de hoannen en de hinnen.

By de ‘hoannen’ winne Dirk-Yde Sjaarda, Marten Faber en Hendrik Bouwhuis de krânsen yn Winsum!

20150924Winsum Kippetjes1W

Der is in 11e prijs Bote Jellema en Remon Tie Bouma mei Mart van der Molen.

By de ‘hintsjes’ in 1e priis yn de ferliezersronde foar Gabriela Bouma, Gerry Edou Mollema, Hester Kingma.

20150924Winsum Kippetjes1F

In 4e priis foar Janieke Dijkstra mei Ilse Walstra en Tjitske Heeres.

20150924Winsum Kippetjes4F

Utslach kippetjespartij

En we ha ferskate Eastereinder keatsers en keatsters spotten by de Foto’s Kippetjespartij 2015!