Keatskes 2013-05-09 o/m 12

De wike fan Himelfeart en dus de grutte ôfdielingswedstriid foar manlju yn Tsjummearum dër’t finalepartoeren mei skiedrjochter en keatsoanmerkers yn in grutte limosine op it fjild brocht waarden. En ‘d Alde Wyte’, de ôfdielingswedstriid foar froulju yn Dronryp.

Mar ek de ledenwedstriid yn Easterein mei in primeur, in kâld buffet nei de earste omloop en dêrnei it fierdere keatswykein.

 

12 maaie: Grou – Ofdielingswedstriid manlju

Dirk Yde Sjaarda, Pytrik Hiemstra en Bauke Dijkstra ha de ôfdielingswedstriid foar manlju wûn yn Grou. De finale wurdt mei 5-5:6-0 wûn fan Wjeslryp. winne de 1e omloop fan de buorjonges/fuotbalmaten fan Wommels mei 5-5:6-0. Yn de twadde omloop winne se it fan ?. Yn de 3e omloop winne se fan Seisbierrum-Pietersbierum mei 5-5:8-6.

20130512 GrouManljuOfdieling1

Dirk Yde Sjaarda, Pytrik Hiemstra, Bauke Dijkstra en coach Ype Tiemersma.

En de FANS fan de manlju! Hiele grutte fans sles! Sjoch de brief hjinei!

20130512 GrouManljuOfdieling2

12 maaie: Grou – Haadklasse f.f. manlju

Jelte Pieter Dijkstra wint mei Sjoerd de Jong en Cornelis Terpstra (foar Peter de Boer) de 1e omloop fan Pieter van Althuis c.s. De 2e omloop tsjin Arnold Zijlstra c.s. giet ferlern mei 5-4:6-6.

 

 

12 maaie: Penjum – Froulju Haadklasse en 1e klasse

Yn de haadklasse is der in 3e priis foar Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Bianca vd Veen. Hja winne de striid om de 3e priis fan Nynke Sybrandy c.s. mei 3-5:6-6. Winner wurdt Iris vd Veen c.s tsjin Lisette Wagenaar c.s., 5-2:6-4.

20130512 Penjum haadklasse

Yn de 1e klasse steane Tineke Dijkstra, Judy Bergsma en Marije vd Meer winne de ferliezersronde yn de 1e klasse fan Evelien Westra, Hermine Sytema en Janneke Terpstra, 5-3:6-6.

20130512 Penjum 1eklasse

Ek yn de 1e klasse hjoed de ‘Steunpunt’-partoeren fan Easterein-Wommels-Wolsum! Gerry Edou Mollema, Gabriele Bouma en Sigrid de Jong begûn yn Penjum, jawol, tsjin de trainingsmaten Lysbet Bakker, Ida Hallema en Hester vd Meer. De lêsten wûnen dit mei 3-5:0-6. Dêrnei krigen Lysbet  c.s. klop fan de lettere winnersmei 5-0:6-0. Gerry Edou cs ferlearen fan Tineke Dijkstra c.s. mei 2-5:6-6.

 

De earste wedstriid foar de ‘Steunpunt’-partoeren. Klasse froulju! En ek klasse dat foarsitter Marten Faber noch nei Penjum kaam om jimme te sjen!

 

 

12 maaie: Holwert – Ofdielingswedstriid jonges

?

 

 

12 maaie: Seisbierrum-Pietersbierum- Ofdielingswedstriid famkes

De famkes fan Easterein, Baukje Terpstra, Dian Dijkstra en Nyncke Pytsje Terpstra ferlearen de 1e omloop mei 5-0 fan it sterke partoer fan Dronryp.

Yn de t.i.l.-wedstriid is der in 3e priis foar Nyncke Pytsje Terpstra mei Janneke Ennema (Sexbierum) en Anja Kuik (Bitgum).

 

 

12 maaie: Ljouwrt- pupillenfamkes A+B

20130512 LKC PupfamkesA

Selma de Boer wint de krânse yn de A-klasse mei Joanne Elise Broeders fan Rie.

20130512 LKC PupfamkesB

En yn de B-klasse is it Corrie Kroondijk dy’t mei Anna Joostema, Berltsum de blommen om de nekke kriget!

20130512 LKC Pupillenfamkes2

Yn de ferliezersronde is der in 2e priis foar Corie Kroondijk mei Renske Blanksma fan Wier.

 

 

12 maaie: Skalsum- Welpenfamkes t.i.l.

Foar Nynke Paauw wie der sukses yn Skalsum. Mei Femke Terpstra fan Wommels wint hja de krânse!

20130512 Schalsum Welpenfamkes


10 maaie: Reahûs – Federaasje jongerein

20130510 Reahus2

Corrie Kroondijk wûn freed 10 maaie de krânse yn Reahûs mei Marrit Oosterbaan

20130510 Reahus1

Roelie Kroondijk wûn de 2e priis Kristia Dotinga en Annemare Wempe.

 


 

9 maaie: Tsjummearum- Ofdielingswedstriid manlju

Dirk Yde Sjaarda, Jelte Pieter Dijkstra en Bauke Dijkstra winne de 1e omloop fan Ljouwert mei 5-2:6-4. Dêrnei nimme se it op tsjin Frjentsjer 1 en ferlieze dat mei deselde sifers, 2-5:4-6.

 

 

9 maaie: Dronryp – Ofdielingswedstriid froulju

Easterein 2 mei Tineke Dijkstra, Sietske Okkema en Jelien Pompstra begjinne tsjin Holwert. Wat Janny de Haan, Berber Rinskje Ferwerda en Anneke van der Bos de moarns iten witte we net, mar it wie mear as in board ‘Brinta’. De froulju fan Holwert stienen geweldich te keatsen, sawol op as út. Foar Janny en Rinskje tiid om wykeins fuort te keatsen! Mar lokkich wist Easterein wer yn de wedstriid te kommen, al wie it doe al 1-5 foar Holwert.

20130509 Dronryp KNKBFrouljuOFd2-site

Tineke begjint better op te slaan, lykas Sietske en yn it perk slagge Jelien en Sietske ek better fan har ôf. Se komme op 5-5:6-6 en dan falt de opslach fan Tineke op de line. Spitich, mar it wie de wedstriid fan de sintimeters dy’t faker yn it foardiel útfoel fan Holwert.

 

Easterein 1 mei Marije Hiemstra, Martine Tiemersma en Imke vd Leest begûnen tsjin Wommels mei Anna Brecht Bruinsma, Sjanet Wijna en ald-Eastereinster Anke MArije Pompstra. In hystoarykse die foar de skriuwer! De minsken op it fjild fregen, foar wa binne jimme no? Der is mar ien antwurd op mooglik: earst foar de bern, dan foar de feriening! Dat we stienen, sieten op de ‘Wommelser’bank.

Easterein nimt in 4-1 foarsprong, mar Wommels komt werom nei 4-3. It wurdt ek noch 5-4, mar op 6-4 slacht Anna Brecht bûten. Easterein 1 troch nei de twadde list, mar fan Wommels mei dit partoer kinne we mear ferwachtsje.

 

Yn de 2e omloop wint Easterein 1 it fan Seisbierum-Pietersbierum en ha troch in steand nûmer al de 3e priis. Yn de heale finale nimme se it op tsjin Berltsum. Berltsum pakt samar in 3-0 foarsprong, mar Easterein komt werom op 3-2. Op 6-6 wurdt it 4-2, mar Easterein pakt de oanslúting wer, 4-3. Berltsum komt as earst op 5 earsten, mar Easterein knokt werom, 5-5. Op 5-5:6-4 slacht Imke bûten en giet Bertlsum nei de finale. Dy winne se fan Grou mei 5-1:6-0.

20130509 Dronryp KNKBFrouljuOFd6-site

Nei in 2e priis yn Frjentsjer, no in 3e priis yn Berltsum. Moaie start fan it seizoen!