Ledenwedstriid 10 maaie 2026
Hjoed alwer de twadde keatswedstriid fan it seizoen. Dizze kear foar sawol senioaren as de jeugd. Altyd in moai gesicht mei jong en âld(er) op it fjild.
By de senioaren in gewoane list mei de manlju en froulju trochmekoar. Dit bringt faaks it bêste yn elts nei boppe ;-). Sawol de finale fan de winners as yn de herkansing spande der om. Elts wie oanmekoar weage. Yn de winnersfinale wûnen Stefan, Froukje en Bas fan Jacco en Brecht mei 5-4/6-0. Mei deselde sifers wûnen Julian, Tjerk en Maike de herkansingsfinale fan Gabriele en Pieter Age.
1e priis: Stefan van Krimpen, Froukje Dijkstra, Bas van der Weij
2e priis: Jacco Kooistra, Brecht Stegenga
1e priis herk.: Julian Faber, Tjerk Okkema, Maike Bouma

