Keatskes: 2013-06-02

It wykein fan de sêftebal PC yn Frjentsjer, ‘Bring it keatsen by de keatsers’ yn Goaiïngea en noch folle mear keatsen fansels. De minsken koenen mar kieze wêr hja hinne koenen gean. Mar…. it wie fierstente kâld om oan it fjild te stean miskein. En wurde we noch waarm fan it keatsen? Fansels, it sit ús yn it hert!


Snein 2 juny

 

Easterein – Alder-bernpartij

 

Sjoch HJIR foar ferslach en foto’s!

 

 

Dronryp – Manlju haadklasse f.f.

Op de Eise Eisingapartij yn Dronryp ferliest Jelte Pieter Dijkstra mei Sjoerd de Jong en Peter de Boer krekt fan Menno van Zwieten, Folkert vd Wei en Hans Wassenaar, 5-5:6-0.

 

 

Winsum – Frouju haadklasse en 1e klasse f.f.

20130602 Winsum 1eklas2 

Yn de 1e klasse binne de krânsen foar Sietske Okkema, Jelien Pompstra mei Anke Winkel. Se winne de finale fan Boukje Houtsma, Marike Beckers en Mirande Scheffer mei 5-2:6-4. De 1e omloop winne se fan Marie Jetske Lettinga, Esther Wagenaar en Annelien Broersma, 1-5:2-6. Nei in steand nûmer winne se de heale finale fan Marie Heida, Ingrid de Haan en Aukje van Kuiken.

Yn de ferliezersronde wint Tineke Dijkstra mei Sietske Poelsma en Marije vd Meer de 2e priis.

 

Yn de haadklasse winne Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Bianca vd Veen de 1e omloop nei in efterstân mei 5-5:6-4, mar ferlieze dan fan Joukje Kuperus c.s. mei 5-4:6-6. Ek de partij om de 3e priis giet ferlern, 5-5:6-4.

 

 

Penjum – Jonges ôfdieling en t.i.l.

De jonges Bote Jellema, Doede Rients Okkema en Remon Tie Bouma winne de 1e omloop fan alde Lye en de twadde omloop fan Stiens. Dêrnei tsjin Huijum-Feinsum foar in priis. Mar die wedstriid wurdt ferlern mei 5-4:6-0. Spitich.

 

 

Raerd – Famkes ôfdieling en t.i.l.

20130602 Raerd Famkestil

Easterein mei Sanne Rixt Jorritsma, Dian Dijkstra en Nyncke Pytsje Terpstra ferlearen yn de 1e omloop fan de ôfdielingswedstriid fan Seisbierrum. Yn de t.i.l.-wedstriid kaam Sanne Rixt yn de finale en ferlear dat krekt, 5-4:6-6, in moaie 2e priis

 

 

Sneon 1 juny 

 

‘Bring it keatsen by de keatsers’- Goaiïngea – Manlju/frouju haadklasse

20130601 Goenga FrouljuHaadklasse 

Foar Imke vd Leest de krânse mei Sanne Velsma en Fenna Zeinstra. De 1e omloop winne se mei 5-3:6-6 fan Nynke Sybrandy, Leonie vd Graaf en Anke Marije Pompstra. De heale finale wurdt wûn fan Nicoel Hempenius, Feikje Bouwhuis en Wiljo Sybrandy.

Yn de finale winne se fan Joukje Kuperus, Esther Wagenaar en Manon Scheepstra mei ..

 

 

‘Bring de kachel yn Oosterbierum’- Frouju 1e klasse t.i.l.

20130601 Oosterbierum Froulju1ekl

It wie ferr..te kâld yn Oosterbierum. Lokkich noch in oantal âlders, want derneist trije, fjouwer man fan de feriening. Fan de 9 partoer kamen Tineke Dijkstra, Martine Tiemersma en Geke de Boer yn de finale tsjin Ilse Noorman, Anke Winkel en Melissa Hiemstra. Se winne dat mei 5-3:6-4.

 

 

Morra-Lioenssens – Jonges A+B

20130601 Morra JongesB

Yn de ferliezersronde fan de B-klasse in 2e priis foar Bote Jellema mei Jurre Rinia, Makkum em Klaas Pier Folkertsma, Wons. De finale wurdt ferlern mei 5-4:6-6.

 

Anjum – Pupillenfamkes A+B

20130601 Anjum pupillenfamkes

Yn de heale finale fan de B-klasse fan de winners ferlieze Corrie Kroondijk en Indy Tuinier fan de lettere krânsewinners en ha in 3e priis (5-0:6-0 en finale 5-0:6-4).

 

 

 

‘Bring it keatsen by de keatsers’- Goaiïngea – Federaasje jongerein 

By de welpen wie der in 2e priis foar Rutger Sijbesma en in 5e priis foar Bauke Reijnhoudt (trije kear lotsje – 16 partoeren)

By de skoalbern in 2e priis foar Kees van der Horst. Der wienen 10 partoeren, 3x lotsje

Bi de famkes/jonges in krânse foar Sanne Rixt Jorritsma en in 2e priis foar Dian Dijkstra.